De toendrawink (Anser serrirostris) is in middelgrutte goes, dy't yn it noarden fan Ruslân en Skandinaavje briedt. Sûnt 2007 wurdt de goes as in aparte soarte behannele. De toendrawink wurdt troch guon autoriteiten lykwols noch as in ûndersoarte (Anser fabalis serrirostris) fan 'e taigawink (Anser fabalis s.l.) sjoen. It is in trekfûgel, dy't yn West-Europa, Sintraal-Europa en East-Aazje oerwinteret.

Beschrijving thumb|left|Toendrawinken yn Sweden. De toendrawink is 68 oant 90 sm lang, hat in spanwiidte fan 140 oant 174 sm en weecht 1,7 oant 4 kg. De snaffel is swart oan 'e basis en de ein mei in oranje bân oer de midden. Syn poaten binne oranje.

De boppedekfearren binne donkerbrún, lykas by de blesgoes (Anser albifrons), mar hy ferskilt fan 'e soarte troch de smelle wite rânen oan 'e fearren.

Oer de fylogenetyske yndieling bestiet noch jimmeroan gjin ienriedigens. Der wurde ynearsten noch twa ûndersoarten ûnderskieden:

De A. s. rossicus briedt op de arktyske toendra fan it skiereilân Kanin en Nova Zembla oant it skiereilân Taimyr. (1951). Taxonomic Notes on the Bean Geese, Anser fabalis Lath. Ardea, 39: 135-142. Se ha in relatyf koarte en stompe snaffel mei in oranje bân. Op 'e A. s. rossicus is de Afrikaansk-Euraziatyske oerienkomst oer wetterfûgels (AEWA) fan tapassing. De A. s. serrirostris briedt op de arktyske toendra fan 'e mûning fan 'e Chatanga oant de Anadyr. Dy ûndersoarte hat in langere en bredere snaffel mei ek in smelle oranje bân.<ref>Frank Gill, David Donsker (2019): Screamers, ducks, geese, swans.</ref>

Nederlân De earste toendrawinken ferskine yn oktober en by sêfte winters fertrekke de measten wer yn febrewaris en oars yn maart. De oantallen hingje ôf fan 'e kjeld yn it noarden. Se meie graach op boulân wêze, dêr't yn 'e regel noch wol resten fan 'e rispinge lizze.

Tusken 1960 en 1978 groeiden de oantallen fan in hantsjefol nei trochstrings 30.000 fûgels yn 'e winter fan 1978-1979. Nei 1995 giene de oantallen op 'e nij omheech, fral yn it noarden fan it lân. It hichtepunt wie yn 2013, mar ôfhinklik fan 'e waarsomstannichheden kinne yn Nederlân wol 300.000 fan 'e soarte oerwinterje. De grutste konsintraasjes fan 'e toendrawink binne yn Grinslân, Drinte, súdeast Fryslân en it súdeasten fan Nederlân.

Briedgefallen komme selden yn Nederlân foar en yn 'e regel giet it dan om fûgels dy't fanwegen ûngemak net mear trekke kinne of dy't út finzenskip útpykten.SOVON, oproppen 13 july 2024

Kategory:Goes (skaai) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goes (fûgel) Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä