Swimbad Bloemketerp, wie in oerdekt swimbad yn de stêd Frjentsjer yn gemeente De Waadhoeke.

Skiednis Swimbad Bloemketerp waard op 12 oktober 1984 iepene as ferfanger fan it iepenloftbad oan de Jan Stapertlaan njonken it Van Harinxmakanaal. In swimbad mei in 25 meter bad werfan in part beweegber is, in rekreaasjebad mei in glydbaan fan 50 meter en njonken it 25 meter bad stie in bubbelbad en is saneamd solarium foar minsken dy't graach in bytsje brún wurde woene. Yn de jierren 90 kaam der njonken it bubbelbad in kâld dompelbad. Yn 1999 stie de gemeente Frjentserteradiel op it punt om it swimbad te ferkeapjen oan in private organisaasje om't de eksplotaasjekosten te heech waarden Ljouwerter Krante, 3-12-1999, Franeker wil zwembad afstoten Riedplachte op 13-7-2024 It solarium ferdwûn ein jierren 00 fanwegen nije regels omtrint sinnebanken, ek it kâlde dompelbad is yn die jierren wer ferdwûn.

Yn 2010 drige it swimbad te slúten Ljouwerter Krante, 31-3-2010, Bezuinigingen treffen zwembad Franeker Riedplachte op 13-7-2024 mar yn july 2011, waard it swimbad troch de gemeente Frjentsjerteradiel, oan in stifting ferkocht, it betinkst derby wie dat de keaper it swimbad minstens tsien jier ûnderhâlde moast.Omrop Fryslân, 7-7-2011, Ferkeap Bloemketerp rûn Riedplachte op 13-7-2024 Ljouwerter Krante, 7-12-2010, Openbare verkoop Franeker zwembad Riedplachte op 13-7-2024 Yn de jierren dernei bleaune der finansjele problemen om it swimbad te ûnderhâlden en iepene te hâlden, Ljouwerter Krante, 6-12-2012, Faillissement hangt zwembad Bloemketerp boven het hoofd 'Riedplachte op 13-7-2024''Omrop Fryslân, 1-6-2017, Te min jild ynsammele, mar swimbad Bloemketerp kin troch Riedplachte op 13-7-2024Omrop Fryslân, 7-12-2017, Ekstra jild foar Bloemketerp Riedplachte op 13-7-2024

Yn 2024 waard gemeente De Waadhoeke eigner fan it swimbad, by de riedsgearkomste fan de gemeente De Waadhoeke op 11 july 2024 waard besletten dat it swimbad op 1 septimber 2024 de doarren slute soe, fanwegen de minne steat fan it swimbad, en de plannen om in nij swimbad te bouwen. Omroep Zilt, 12-7-2024, Zwembad Bloemketerp sluit per 1 september: “Geen water naar de zee dragen” Riedplachte op 13-7-2024 Mar in wike letter waard dúdlik dat it swimbad al ein july de doaren slute moast.Gemeente De Waadhoeke, 26-7-2024, Zwembad Bloemketerp vanaf 31 juli dicht Riedplachte op 30-7-2024

Kategory:Swimbad yn Fryslân Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1984 Kategory:Bedriuw opheft yn 2024 Kategory:Bouwurk yn Frjentsjer Kategory:Bouwurk yn De Waadhoeke