thumb|Mario Botta (2010) Mario Botta (Mendrisio, 1 april 1943) is in Switsersk arsjitekt, berne yn it Italiaansktalige kanton Ticino. Tegearre mei Aurelio Galfetti, Luigi Snozzi en Livio Vacchini makket er diel út fan de Tessiner Skoalle.

Wurkpaad Botta ûntwurp syn earste gebou, in twagesinswenning yn Morbio Superiore yn Ticino, doe 't er noch mar 16 jier âld wie.

Hy studearre oan it Liceo Artistico yn Milaan en it Istituto Universitario di Architettura yn Fenetië. Syn ideeën binne beynfloede troch Le Corbusier, Carlo Scarpa en Louis Kahn. Hy begûn syn eigen arsjitekteburo yn 1970 yn Lugano, Switserlân.

Yn Nederlân boude er ein jierren 90 it kantoare- en appartemintekompleks La Fortezza oan de Avenue Céramique yn Maastricht en yn 2008 it appartemintekompleks La Vista yn it doarp Cruquius (Haarlimmermar).

Keppelings om utens Offisjele webside Swiss Architecture troch Mario Botta op de Francisco Marroquín University Katedraal fan de Opstanning fan Évry

Kategory:Switsersk arsjitekt Kategory:Italjaansk-Switsersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1943