De Chathamseachbek (Mergus milleneri) is in útstoarne einfûgel út it skaai seachbekken (Mergus). De fûgel libbe op de Nijseelânske Chathameilannen. De binomiale namme ferwiist nei Philip Millener, dy't materiaal fan 'e soarte sammele.

Beskriuwing De soarte is allinne bekend fanwegen de fynst fan subfossilen. Oer de fûgel is net in soad bekend. It wie de lytste fan alle seachbeksoarten. Neffens de fynsten kaam de fûgel op it hiele eilân foar, mar net op it lytsere tichteby lizzende eilân.

Sjoch ek Nijseelânske seachbek

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Seachbek Kategory:Lânseigen fauna yn de Chathameilannen Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn it Holoseen