De bûnte seachbek (Mergus serrator) is in fûgel út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De fûgel waard foar it earst offisjeel yn 1758 troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus beskreaun yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturae ûnder de binomiale namme Mergus serrator. It skaai Mergus is in Latynsk wurd, dat troch Romeinske skriuwers brûkt waard om te ferwizen nei in net-spesifike wetterfûgel. De namme serrator is Latyn foar seager, itjinge ferwiist nei de tosken wêrmei 't de bûnte seachbek glêde fiskjes goed snippe kin.

De soarte is monotypysk, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Beskriuwing thumb|left|Pearke bûnte seachbekken. Bûnte seachbekken binne 52 oant 58 sm lang en ha in spanwiidte fan 67 oant 82 sm. De fûgel hat in pikerige toef en in lange, tinne reade snaffel mei rânen dêr't lytse toskjes op sitte. In folwoeksen jerk hat in donkerblauwe oant swarte kop mei in griene glâns en reade eachjes, in wite hals mei in roestbrún boarst. It jerkje is swart op 'e rêch en wyt fan ûnder.

In folwoeksen wyfke hat in oranjebrune kop, oranje eachjes en in griiseftich bealchje.

Juvenilen ha in soad fan 'e wyfkes, mar misse de wite kraach en ha minder wyt op 'e wjukken. De bûnte seachbek is wat lytser as de grutte seachbek. Fierder ferskilt it folwoeksen jerkje mei it jerkje fan 'e grutte seachbek troch de pikerige toef en it brune boarst. De grutte seachbek hat in folslein wyt boarst en net sa'n toef.

Iten De ein yt benammen lytse fiskjes, wetterynsekten, skaaldierkes en amfibyen.

Fersprieding thumb|left|Fleanende bûnte seachbek. Bûnte seachbekken briede yn swietwettermarren en rivieren yn noardlik Noard-Amearika, Grienlân, Europa en Aazje. Se hawwe it nêst op smoute plakken op 'e grûn by wetter. It is in trekfûgel dy't oan 'e kusten súd fan it briedgebiet oerwinteret. Oant 1977 wie de bûnte seachbek yn Nederlân in ûnregelmjittige briedfûgel. Hjoed-de-dei wurdt de briedpopulaasje op 40 oant 60 pearkes rûsd (2023). It tal fûgels dat oerwinteret is heger en wurdt tusken 4.500 en 7.500 rûsd, wylst 4.500 oant 7.500 yn novimber en maart trochtsjen. De oantallen binne yn 'e jierren 1980 en 1990 foars tanommen. De measte kâns om winterdeis bûnte seachbekken te sjen is yn it westlike Waadgebiet en Grevelingen tusken Seelân en Súd-Hollân. Briedgefallen komme foar yn it Siuwske Deltagebiet en in pear yn it Waadgebiet.

Status De fûgel wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. De wrâldpopulaasje is stabyl en wurdt op 495.000 oant 605.000 fûgels rûsd. De Europeeske populaasje wurdt op 140.000 oant 240.000 fûgels rûsd.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Seachbek Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä