De Verbandsgemeine Pellenz is in gemeenteferbân yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De lânkring leit noardeast fan Mayen en súd fan Andernach.
De namme fan 'e gemeente is ûntliend oan it gea Pellenz, dêr't de ferbânsgemeente yn leit. Fan 1 oktober 1968 oant 31 desimber 1991 hiet de gemeente Verbandsgemeinde Andernach-Land en oant 2017 bleau de stêd Andernach it bestjoerssintrum fan it gemeenteferbân. Sûnt 2017 hat de gemeente syn sit yn nijbou yn Plaidt.
Gemeenteyndieling De ferbânsgemeente bestiet út de folgjende Ortsgemeinden:
Kretz Kruft Nickenich Plaidt Saffig
Kategory:Gemeenteferbân yn Rynlân-Palts Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1968