De Sprookjeshof is in attraksjepark yn Súdlaren yn de Drintske gemeente Tynaarlo. It park rjochtet him op famyljes mei lytse bern.
Skiednis Yn 1954 presintearren de Súdlaarder Handelsferiening en it bestjoer fan de VVV harren plannen foar in kabouter- en mearkespark yn it Laarwoudbosk, dat ynspirearre wie op it twa jier earder iepene Mearkesbosk de Efteling. As namme waard "Sprookjeshof" keazen, der waard mei sukses beswier oantekene wêrtroch't útwykt wurde moast nei in oare lokaasje. It "Sprookjeshof" waard yn 1957 in pear jier letter as pland ferwêzentlike en iepene op it grûngebiet fan hotel "Huize Eltinge".
Yn 1981 waard de famylje Tolner eigener fan it park. Yn 1997 waard der in plan yntsjinne foar in oerdutsen boarterstún, nei jierren fan oanpassingen meitsjen fanwegen beswieren, en diskusjes waard it plan úteinlik yn 2009 goedkard en waard de boarterstún yn 2010 iepene. Yn 2015 waard it park kocht troch de Fryske attraksjehanneler Tjebbe Haringa looopings.nl, 30-1-2015, Sprookjeshof gered: Friese attractiehandelaar neemt Drents pretpark over Yn 2016 waard it restaurant fan it park ferboud ta sjike brasserie. RTV Drenthe, 31-3-2016, Nieuwe naam voor restaurant bij attractiepark Sprookjeshof in Zuidlaren Riedplachte op 22-6-2024
It tal wriuwings dat ûntstien wie tusken it parkbestjoer en ferskate oerheden oangeande regeljouwing, die de doetiiske eigner Tjebbe Haringa besluten it park te keap te setten. looopings.nl, 29-4-2021, Attractiepark Sprookjeshof in Zuidlaren staat open voor overname of investeerders Riedplachte op 22-6-2024 Yn 2023 waard de Sprookjeshof ferkocht oan de famylje van Nie. looopings.nl, 14-7-2023, Nieuwe eigenaar en nieuw elan voor Drents attractiepark Sprookjeshof Riedplachte op 22-6-2024 Yn 2024 waard de brasserie ferboud ta pankoekenrestaurant en wer in echt ûnderiel fan it attraksjepark. Dagblad van het Noorden, 1-6-2024, Vernieuwd restaurant bij Sprookjeshof Zuidlaren wordt net zo feestelijk als het speelpark. 'Ouders mogen mee om de rekening te betalen' Riedplachte op 22-6-2024 De attraksjes yn it park binne net elektrysk oandreaun mar meganysk, sa moatte folwoeksenen bygelyks fytse om it reuzenrêd yn beweging te krijen. sprookjeshof.nl, attracties Riedplachte op 22-6-2024 De kommende jierren sille der in tal nije attraksjes pleatst wurde.as de nije attraksjes ek meganysk wêze sille is net alhyl dúdlik RTV Drenthe, 13-10-2023, Alles op alles voor een nieuw Sprookjeshof: 'Durfden niet meer aan gasten te vragen of ze een leuke tijd hadden' Riedplachte op 22-6-2024
Kategory:Bouwurk yn Tynaarlo (gemeente) Kategory:Ferdivedaasjepark yn Drinte Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1957