Saving Private Ryan is in Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm út 1998 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrol akteur Tom Hanks. De titel betsjut "It Rêden fan Soldaat Ryan" of "Om Soldaat Ryan te Rêden". It ferhaal folget John Miller, in kaptein yn it Amerikaanske Leger, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch de lâning op it strân fan Normanje op D-Day meimakket. Koart dêrnei wurdt er mei in lyts detasjemint ûnderhearrigen útstjoerd om middenmank de gaos fan oarloch in soldaat James Ryan te sykjen. Dyselde hat trije bruorren dy't ek yn it leger sitte en dy't koart nei inoar sneuvele binne. Ut respekt foar it offer dat harren mem brocht hat, mei de lêst oerbleaune soan no nei hûs.

Fan 'e filmkritisy krige Saving Private Ryan rûnom lof taswaaid, en tsjintwurdich wurdt it beskôge as ien fan 'e bêste oarlochsfilms dy't ea makke is. Fral de iepeningssêne, dy't de lânings op Omaha Beach portrettearret, is tige ferneamd. Yn 'e bioskopen wie Saving Private Ryan ek in grut kommersjeel súkses. De film wûn fiif Oscars (mar ferrassend genôch net de Oscar foar Bêste Film), twa Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm), in Grammy Award, twa BAFTA's, in Saturn Award en in Satellite Award. Yn 2014 waard Saving Private Ryan foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Plot Yn in ramtferhaal bringt in Amerikaan op jierren, beselskippe fan syn frou, bern en bernsbern, in besyk oan it Amerikaansk Begraafplak en Monumint fan Normanje, dêr't de Amerikaanske soldaten begroeven lizze dy't op D-Day sneuvele binne. Konfrontearre mei de wol suver einleaze rigen wite krusen op 'e grêven, falt de âldman gûlend op 'e knibbels del.

Op 6 juny 1944, D-Day, fiere de Westerske Alliëarden yn 'e Twadde Wrâldoarloch in lâning út op fiif strannen oan 'e kust fan 'e Frânske lânstreek Normanje. Kaptein John Miller fan it 2de Ranger Bataljon fan it Amerikaanske Leger is ien fan 'e earsten dy't op Omaha Beach oan lân giet. De Amerikanen lije yn 't earstoan oerweldigjende ferliezen by besjittings mei masinegewearen, mortieren en artillery troch de Dútsers, dy't harren yn it ramt fan 'e Atlantikwall yn bunkers by de kust lâns ferskânze hawwe. It tûzelet Miller earst fan 'e gaoatyske en bloedige slach, mar hy fermannet him en nimt it befel oer de restanten fan 'e earste lâningsweach op him. Under syn lieding witte de Amerikanen yn dy seksje fan Omaha Beach in trochbraak troch de Dútske kustferdigeningsliny te forsearjen.

Op it Ministearje fan Oarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. komt koarte tiid letter it berjocht binnen dat soldaat Sean Ryan út Iowa by de lâning op Omaha Beach sneuvele is. Frijwol tagelyk is syn broer Peter Ryan sneuvele by de lâning op Utah Beach. En, sa't no krekt bekend wurdt, harren âldste broer Daniel Ryan is likernôch in wike earder sneuvele yn 'e striid tsjin 'e Japanners yn it oerwâld fan Nij-Guineä. In fjirde broer, de jongste, in James Ryan, tsjinnet by de Amerikaanske 101e Loftlâningsdifyzje en is mei syn ienheid foarôfgeande oan 'e lânings efter de Dútske linys yn Normanje dropt. As generaal George C. Marshall, de stêfsjef fan it Amerikaanske Leger, fan dy sitewaasje op 'e hichte steld wurdt, jout er befel dat James Ryan opspoard en nei hûs ta stjoerd wurde moat, om't fan 'e mem fan 'e fjouwer bruorren gjin fierdere offers mear frege wurde kinne.

Trije dagen nei D-Day kriget kaptein Miller fan syn oerhearrige, majoar Anderson, de opdracht om him mei in lyts kontigint manskippen djipper Normanje yn te bejaan om James Ryan te finen en werom te bringen. Miller fynt it in idioate opdracht, om 'e libbens fan in groep soldaten te riskearjen om ien oarenien te rêden, mar befel is befel, dat hy set ôf it binnenlân yn. Hy nimt acht man mei, ûnder wa syn freon sersjant Mike Horvath en fiif soldaten: de rebelske Richard Reiben, de Joadske Stanley "Fish" Mellish, de hospik Irwin Wade, de strang kristlike skerpskutter Daniel Jackson en de yn 'e striid behurde Adrian Caparzo. It kontingint wurdt kompletearre troch korporaal Timothy Upham, in stêffunksjonaris sûnder lykfol hokker gefjochtsûnderfining, fan wa't Miller lykwols ferlet hat om't er as iennichste fan 'e groep Frânsk en Dútsk sprekt.

Troch oanhâldende rein en de dêrtroch feroarsake dridze tsjogge Miller en syn mannen nei it stedsje Neuville-au-Plain, dêr't de ienheid fan Ryan delparasjutearre wêze soe. As se dêr arrivearje, docht bliken dat de Dútsers de Amerikaanske troepemacht dêre midstwa spjalten hawwe. Caparzo besiket in lyts famke út 'e ruïne fan har âldershûs te rêden en wurdt dêrby deasketten troch in Dútske slûpskutter. De oare soldaten fan 'e groep rouje om him en begjinne der in wjersin by te krijen dat harren frege wurdt om harren libbens te weagjen om soldaat Ryan te rêden. As se úteinlik kontakt meitsje mei de Amerikanen oan 'e oare útein fan Neuville-au-Plain, miene se dat se soldaat Ryan fûn hawwe, mar it blykt in James Frederick Ryan út Minnesota te wêzen ynstee fan James Francis Ryan út Iowa.

Dy nacht bringe se troch yn in kapel, dêr't Miller oan Horvath opbychtet dat syn rjochterhân út en troch ûnbehearskber trillet (in symptoom fan posttraumatyske stress-steuring) sûnt se har yn Portsmouth ynskipe hawwe foar D-Day. De oare deis tsjocht de groep nei in yn 't foar fêststeld sammelpunt foar leden fan 'e 101e Loftlâningsdifyzje dy't by harren sprong út 'e fleantugen fersille rekke binne. Dêr treffe se in grutte kloft ferwûne paratroepen en isolearre rekke soldaten oan. De piloat fan in delstoart sweeffleantúch langet harren in pûdfol identiteitsplaatsjes oer, dy't er ôfnommen hat fan soldaten dy't ûnderwilens oan harren ferwûnings beswykt binne. Reiben, Mellish, Jackson en kaptein Miller smite de pûde leech en trochsykje de steapel op 'e sneup nei in plaatsje mei de namme Ryan. Foar it each fan passearjende paratroepers meitsje se dêrby mei synyske humor herteleaze opmerkings, oant Wade it yn 'e rekken kriget en harren dêrfoar de mantel útfeecht.

Syn rie te'n ein freget Miller mei útset lûd oft der ek ien is dy't in soldaat James Francis Ryan út Iowa ken. In parasjutist antwurdet dat dat in freon fan in freon fan sines is. Hy hellet syn maat derby, in Mandelsohn, waans gehoar skansearre rekke is troch in te neie eksploazje. Fia skriftlike kommunikaasje leit Miller de man út wat er witte wol. Mandelsohn fertelt dat Ryan hjir yndie wie, mar dat er mei in stikmannich oare net-ferwûne manskippen opfandele is troch in ofsier dy't befel krigen hie om in brêge oer de rivier de Merderet, yn it (fiktive) plak Ramelle, te ferdigenjen. Sadwaande sette Miller en syn mannen wer ôf, diskear nei Ramelle.

Underweis stjitte se op 'e liken fan in in stikmannich Amerikaanske soldaten, dy't deasketten binne by in ferskûle opstelde Dútske mitrailleurspost. Hoewol't de Dútsers harren noch net opmurken hawwe en se dus mei in omtrekkende beweging ûngemurken passearje kinne, beslút Miller tige tsjin 't sin fan syn manskippen dat de mitrailleurspost neutralisearre wurde moat om foar te kommen dat dy oare Alliëarden fataal wurde kin. De mannen bestoarmje de mitrailleurspost en oerweldigje de Dútsers, dy't op ien nei allegearre omkomme. Mar hospik Wade wurdt by it gefjocht deadlik rekke en beswykt koarte tiid letter oan syn wûnen.

De mannen, mei Reiben foarop, beslute út wraak om 'e iene kriichsfinzen nommen Dútser stânrjochtlik te eksekutearjen. Upham besiket tuskenbeiden te kommen troch derop te wizen dat soks neffens it oarlochsrjocht in oarlochsmisdie wêze soe. Mei't se op harren misje net in kriichsfinzene meislepe kinne en om't er by thúskomst graach syn frou rjocht yn 'e eagen sjen kinne wol, oarderet kaptein Miller syn manskippen om 'e Dútser gean te litten nei't er de man opdracht jûn hat om him oer te jaan oan 'e earste Alliëarde patrûlje dy't er tsjinkomt. Reiben is poerrazen oer dizze gong fan saken, mei't eltsenien wol foar it ferstân hawwe kin dat de Dútser soks net dwaan sil. Hy driget mei desersje, en dêrop lûkt Horvath syn pistoal en driget Reiben troch de holle te sjitten as er it weaget om fuort te rinnen.

Miller wit de sitewaasje op knaphandige mar ûnferwachte wize del te bêdzjen troch foar it earst wat oer syn eigen eftergrûn te fertellen, eat dêr't syn mannen al jierrenlang oer spekulearje. It docht bliken dat de kaptein yn syn boargerlibben learaar oan in middelbere skoalle yn Pennsylvania wie. Hy beprakkesearret lûdop dat minsken, foar't er yn it leger gie, faak syn berop wol riede koene, wylst it foar syn manskippen as in folsleine ferrassing komt. Dat ymplisearret dat er troch syn oarlochsûnderfinings feroare wêze moat, en hy freget him ôf oft syn frou him noch wol weromkenne sil as er wer thúskomt. Sokke djip persoanlike ûntboezemings hawwe syn manskippen neat mear op te sizzen, en de hiele groep, Reiben ynbegrepen, helpt Miller as er dêrnei úteinset mei it begraven fan Wade en de Amerikaanske soldaten dy't by de mitrailleurspost delmeand wiene.

Oankommen yn Ramelle spoart Miller einlings en te'n lêsten de juste James Ryan op, dy't der raar tasit as er te hearren kriget dat al syn bruorren dea binne. Mar as er beseft dat Miller fan doel is om him linea recta werom te marsjearjen nei de kust, begjint er tsjin te akseljen. Nei syn eigen miening fertsjinnet er it neat mear as lykfol hokker oare Amerikaanske soldaat om nei hûs te meien. Boppedat is de ferdigening fan 'e brêge yn Ramelle fan krúsjaal belang foar de Alliëarde opmars yn Normanje, en Ryan wegeret syn wapenbruorren ("de iennichste bruorren dy't ik noch haw") yn 'e steek te litten. Konfrontearre mei dy hâlding wit Miller eefkes net mear wat er moat, want hy kin Ryan net bêst fêstbine en nei de kust ta slepe. Horvath bepraat him om te helpen by de ferdigening fan 'e brêge. As se dy út 'e hannen fan 'e Dútsers witte te hâlden, dy't op kommendeweis binne, sille se it miskien allegearre wol fertsjinje om nei hûs te meien.

Sadwaande jout Miller him mei syn detasjemint by de mingde ienheid dy't de brêge ferdigenje moat. Hy nimt it befel op him, mei't alle ofsieren dy't oarspronklik by de ienheid hearden, ûnderwilens al sneuvele binne. Mei help fan Horvath en de oare mannen stelt er in ferdigeningsplan op, dat draait om it blokkearjen fan 'e tagongswei nei de brêge troch by in Dútske tank de rupsbannen te sabotearjen. As de Dútsers úteinlings opdaagjen komme, sneuvelje Jackson en Horvath yn it gefjocht. Mellish rekket behelle yn in man-tsjin-mangefjocht mei de eardere kriichsfinzene fan 'e mitrailleurspost, dy't him blykber wer by syn eigen troepen jûn hat. Hy ropt oan Upham om help, mar Upham is ferlamme troch eangst, mei as gefolch dat Mellish troch de Dútser deastutsen wurdt. As de pear oerlibjende Amerikanen tebekwike moatte nei de oare kant fan 'e rivier, besiket Miller de brêge, dy't fan springstofladings foarsjoen is, op te blazen. Hy wurdt lykwols delsketten ear't dat slagget.

In Dútske tank komt oer de brêge en Miller sjit dêr by wize fan lêste wanhoopsdie syn pistoal op leech. Hy is ferbjustere as de tank ûntploft, mar as der in momint letter in pear Amerikaanske jachtfleanmasines oerkomme, begrypt er dat it net syn eigen kûgels binne dy't der ferantwurdlik foar binne. De fleantugen liede de oankomst fan Alliëarde lântroepen yn, sadat de striid om 'e brêge dochs noch yn it foardiel fan 'e Amerikanen besljochte wurdt. Upham wit te let syn moed te finen en nimt in stikmannich Dútsers kriichsfinzen. Under dyselden is ek de eardere kriichsfinzene fan 'e mitrailleurspost, dy't syn maten fertelt dat se foar Upham net benaud hoege te wêzen, om't de jonge ûnskealik is. Dêrop sjit Upham him dea. Oarekant de brêge binne Reiben en Ryan derby as kaptein Miller syn lêste siken útblaasd, nei't er Ryan op it hert drukt hat dat er de opofferings fan 'e oare mannen fertsjinje moat troch in sa weardefol mooglik libben te lieden.