De Flevohof wie in agrarysk temapark by Biddinghuizen yn de Flevopolder en de foarrinner fan it hjoeddeiske Walibi Holland. It park waard op 21 maaie 1971 iepene troch Prinses Beatrix. Direkteur fan it park wie Herman Eshuis. It park beskikte oer edukative attraksjes om it tema lânbou en greidbuorkerij hinne, op in oerflakte fan 150 hektare.

Der rûn troch de "Flevohof" in spoarline, dêr't de rails fan foar in grut part bewarre bleaun binne. Tsjintwurdich is dizze spoarline fernijd en de rûte is ynkoarte. Walibi24.nl Geschiedenis Flevohof, Argivearre op 12-5-2023 Midden santiger jierren wie der ek in achtbaan, City Jet, oanwêzich yn it park.

Yn 1991 gie it park fallyt en waard it oernaam troch de "Walibi Group". It lêste seizoen fan de "Flevohof" wie 1992. achtbaanfanclub.com, Argivearre

Sjoch ek Walibi Holland

Kategory:Bouwurk yn Dronten Kategory:Earder ferdivedaasjepark yn Flevolân Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1971 Kategory:Bedriuw opheft yn 1992‎