thumb|Wapen fan Hidaard It wapen fan Hidaard is it wapen fan it doarp Hidaard, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.Fryske Rie foar Heraldyk (2012). Overzicht van de dorpswapens en -vlaggen in Fryslân. [pdf] Ljouwert: Fryske Rie foar Heraldyk. Beskikber op: Fryske-akademy.nl.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Dield I. Yn goud in ôfsniene swarte hynstekop; in reade skyldfoet, belein mei in gouden klaver; II. yn goud in ôfsniene swarte hynstekop; in read skyldhaad, belein mei in gouden klaver; in blau skyldhaad, belein mei in omkearde sulveren keper, útgeande fan de boppeside fan it skyld, de trochsnijingsline reitsjende.''Fryske Rie foar Heraldyk (2001). Doarpswapens en -flaggen: Baaium, Baard, Bears, Boazum, Britswert, Easterein, Easterlittens, Hidaard, Húns/Lions, Hilaard, Hinnaard, Houtigehage, Itens, Jellum, Jorwert, Kûbaard, Lytsewierrum, Mantgum, Marrum-Westernijtsjerk, Alde Leie, Reahûs, Rien, Sibrandahûs, St. Anne, St. Jabik, Waaksens, Weidum, Wiuwert. Genealogysk Jierboek 2001, s.182-237.
De heraldyske kleuren binne: goud, sabel (swart), keel (read), azuer (blau) en sulver.
Symbolyk Yndeling skyld: tsjut op de krusing fan diken by buorskip De Kliuw oan de súdkant fan it doarp. Hynstekoppen: ferwize nei de hynstefokkerij yn it doarp. Klaverblêden: symboalen foar de feehâlderij. Skyldhaad: stiet foar de Hidaarder Feart.Hartemink, R. (2019). Hidaard. [online] Beskikber op: Heraldry-wiki.com.. De keper byldet de Hidaardersyl yn de Slachte út.
Sjoch ek
Hidaard Kategory:Kultuer yn Súdwest-Fryslân Kategory:Hidaard