thumb|Wapen fan Reahûs It wapen fan Reahûs is it wapen fan it doarp Reahûs, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.Fryske Rie foar Heraldyk (2012). Overzicht van de dorpswapens en -vlaggen in Fryslân. [pdf] Ljouwert: Fryske Rie foar Heraldyk. Beskikber op: Fryske-akademy.nl.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
yn sulver in blau krús en oer alles hinne in read hûs yn de foarm fan in boereskuorre fan siden sjoen; in grien skyldhaad, belein mei in omkearde gouden keper, útgeande fan de boppeside fan it skyld, de trochsnijingsline reitsjend.Fryske Rie foar Heraldyk (2001). Doarpswapens en -flaggen: Baaium, Baard, Bears, Boazum, Britswert, Easterein, Easterlittens, Hidaard, Húns/Lions, Hilaard, Hinnaard, Houtigehage, Itens, Jellum, Jorwert, Kûbaard, Lytsewierrum, Mantgum, Marrum-Westernijtsjerk, Alde Leie, Reahûs, Rien, Sibrandahûs, St. Anne, St. Jabik, Waaksens, Weidum, Wiuwert. Genealogysk Jierboek 2001, s.182-237.''
De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), keel (read), sinopel (grien) en goud.
Symbolyk Blau krús: tsjut op skiednis fan it doarp as in roomsk-katolike enklave. Reade Skuorre: makket it wapen ta in sprekkend wapen Skyldhaad: stiet foar de Slachtedyk oan de noardkant fan it doarp. Keper: symboal foar de Sânleanstersyl, in eartiidske slûs yn de Slachtedyk.
Sjoch ek
Reahûs Kategory:Kultuer yn Súdwest-Fryslân Kategory:Reahûs