Mei it Grut Arbitremint waard yn 1533 in strukturele ferbettering fan de organisaasje fan it seedykûnderhâld fan de Fryske westkust ynfierd en der waard in basis lein foar in reedlike lêsteferdieling. De wetterskippen ('kontribúsjes') dy ’t doe ûntstien binne hawwe iuwen funksjonearre.

Foarskiednis It ûnderhâlden fan seediken wie yn de lette midsiuwen ynrjochte as dykplicht neffens oangrinzing. Wa’t lân hie dat oan de seedyk grinze moast dy dyk ûnderhâlde. Tsjinoer dizze plicht stie it rjocht op de lânoanwaaks.Winsemius (1947) siden. 17-19, 118 De dykplicht neffens oangrinzing waard yn de rin fan de tiid útwreide fan oangrinzjende lâneigener nei oangrinzjend doarp en gritenij. Eartiids wie Westergoa hast hielendal omjûn troch wetter, mar mei de trochgeande ynpoldering fan de tichtslibjende Middelsee hiene nei 1500 allinnich de westlike gritenijen noch seediken te ûnderhâlden. Nei de ynpoldering fan de Middelsee feroaren de streamingen op de Fryske Waden en yn de Sudersee, wêrtroch ’t it bûtendykske lân fan Westergoa hieltyt fierder ôfbroazele. Dit bûtendykske lân wie ûnmisber foar it seewarringssysteem fan dy tiid. De mei gersseadden bedekte ierden seedyk koe in stoarm allinnich trochstean at de measte krêft al út de weagen wie eardat se de foet fan de dyk berikten. It bûtendykske lân waard beskerme met ferskate houten konstruksjes ûnder de sammelnamme pealwurken.

De hartoggen fan Saksen dy ’t it nei 1498 yn Fryslân foar it sizzen hiene, bemuoiden har uteraard ek mei de lêsten fan it seedykûnderhâld. Grûneigeners moasten oer elke gûne pacht dy’t se barden in omslachheffing betelje en de hichte dêrfan wie foar eltsenien gelyk.De omslach of omslachheffing waard berekkene nei evenredichheid fan it lânbesit fan elke eigener, oan it begjin basearre op de oerflakte, letter op de hierwearde. Dat late ta oanhâldende protesten fan dejingen dy’t oant dan ta neat mei de seediken fan Westergoa te krijen hân hiene. It gefloch wie dat yn de rin fan de jierren de lêsten fan lâneigeners yn gritenijen dy’t net oan de seedyk grinzen (binnendikers) ferlichte waarden ten koste fan lâneigeners fan gritenijen dy’t wol oan in seedyk grinzen (bûtendikers).

Arbitraazje Neidat yn 1525 inkele koart op elkoar folgjende stoarmen grutte skea feroarsake hiene, woene de bûtendikers mear help fan de binnendikers fan Westergoa en Eastergoa, mar dy wegeren elke steun.Groot Plakaat en Charterboek fan Fryslân diel 2, s. 154: as bûtendikers waarden neamd Warkum, Hylpen, Wymbritseradiel, Wûnseradiel foarsafier belêste, Barradiel, Frjentsjerter bûtendiken, Harnzer buorren en Harnzer útlannen, Doanjewerstâl, Lemster Fiifgea, Snits, Starum en Himmelumer Aldefurd, Gaasterlân en en Uteringadiel. Steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch bepaalde dat earst de diken yn oarder makke wurde moasten troch dejingen dy ’t oan dan ta dêrfoar ferantwurdlik west hiene. Dêrnei woe hy de rinnende skelen oplosse. Eastergoa woe neat te krijen ha mei de seediken fan Westergoa en binnendikers fan Westergoa woene wol foar ien kear byspringe, mar net struktureel. Op 26 maaie 1525 waarden folmachten en deputearrenDit wiene yn de stikken de wenstige termen foar ôffurdigen nammers doarpen en stêden. Folmachten wiene manlju mei in folmacht dy’t harren in bepaald foech joech, itselde gou foar deputearren. At der in foarstel lei dat bûten harren foech lei moasten se earst oerlizze mei harren efterban. oanwiisd út de stêden en gritenijen dy’t by in dyktrochbrek allegear ûnder wetter strûpe koene: ende die all met eenen water overvloeden. Dat wie dus it gebiet dat nei in seedyktrochbrek ûnder wetter komme soe te stean oant de earstfolgjende slieperdyk. Dizze ôffurdigen mochten harren oplossings nei foaren bringe, mar at se it net iens wurde koenen soene de steedhâlder en inkele riedshearen optrede as arbiters. It yn de midsiuwen yn Fryslân besteande systeem wêrby’t soenlju in konflikt besljochtsje koene waard by dizze wat oanpaste wurkwize fuortset: de partijen ferklearren foarôf dat se har dellizze soene by it beslut fan de arbiters. It beslút wie dat de bûtendikers harren diken tsien jier lang allinnich ûnderhâlde soene.

De stoarmfloed fan novimber 1532 feroarsake rûnom yn Noardwest-Europa grutte skea oan de seediken en der foelen in soad slachtoffers. Yn Fryslân wie de skea ek ferskuorrend en de steedhâlder ferbea út útfarren fan skippen tusken begjin maart en heal maaie 1533, omdat de bemanningsleden hurd nedich wiene foar it reparearjen fan de seediken. Ek wie no dúdlik dat de ôfspraken fan 1525 in te swiere lêst op de bûtendikers lein hiene. Wylst der hurd wurke waard oan it meitsjen fan de seediken waard der yntinsyf oerlis fierd oer in nije regeling foar it seedykûnderhâld. Yn it ferline hie it altyd dreech west om ta ôfspraken te kommen, mar steedhâlder en riedshearen wiene derfan oertsjûge dat in beslissing trochdrukke mei machtsfertoan de ferhâldings bliuwend fersteure soe. Dêrom waard opnij oan grytmannen en stedsbestjoeren frege om op 27 maart 1533 trije of mear folmachten ôf te furdigjen dy ’t mei in folsleine macht en prokuraasje yn Ljouwert sûnder oerlis oer harren foarstellen oardiele kinne soene. Neidat dy wiidweidich besprutsen wiene giene beide partijen akkoard mei arbitraazje. De arbiters leine harren foarstellen earst noch foar oan de oerste dykgreve fan Westergoa Frits van Grombach en oan ferskate oare deskundigen. Dy hiene ‘nei ryp berie’ harren goedkarring jûn. Dochs ferrûn de beslútfoarming flot. Op 7 april 1533 waarden de besluten publisearre as ‘vuytspraecke, arbitraigie ende ordonnancie’. It begryp Grut Arbitremint is letter ûntstien.

‘vuytspraecke, arbitraigie ende ordonnancie’

It Grut Arbitremint joech in nije ynhâld oan de begripen binnendikers en bûtendikers. Net langer gie it om de fraach oft in gritenij wol of net grinze oan in seedyk, mar om de fraach hokker diel fan it lân by in trochbrutsen seedyk ûnder wetter strûpe soe. Wa’t dêr lân hie wie in bûtendiker, wa’t efter de slieperdyk drûch bleau wie in binnendiker. Troch dizze prinsjipiele feroaring rûn de grins tusken binnendikers en bûtendikers faak dwers troch gritenijen en doarpen.

De diken lâns de kust fanôf It Bilt oant de grins mei Oerisel waarden yndield yn fjouwer trajekten: Trajekt 1: fan It Bilt (‘Dykshoeke’) oant de Makkumer syl. Dit trajekt waard kwalifisearre as ‘de measte lêst en it swierste wurk’. Ferantwurdlik wiene Frjentsjerter Fiifdielen: de stêd Frjentsjer mei de fiif gritenijen Frjentsjerteradiel, Barradiel, Menameradiel, Baarderadiel en Hinnaarderadiel) plus sân doarpen fan Wûnseradiel (Kimswert, Penjum, Wûns, Surch, Koarnwert, Abbenwier en Makkum). Bûtendikers wiene yn dit gebiet de lâneigeners oan de westkant fan de Slachtedyk, binnendikers dy oan de eastkant fan de Slachtedyk. Trajekt 2: fan de Makkumer syl oant it Warkumer stek. Ferantwurdlik wiene Wûnseradiel (sûnder de sân doarpen by trajekt 1) en de stêd Boalsert. Bûtendikers waarden yn dit gebiet skaat fan de binnendikers troch in slieperdyk dy ’t by Achlum fan de Slachtedyk ôf nei it suden rûn (no Muontsewei), fierder gie bewesten Arum, troch Wytmarsum en dan nei it suden lâns Skraard en Longerhou rûn. Oan de westkant fan Boalsert gie hy fierder nei it suden nei Tsjerkwert en fandêr as Himdyk oant de grins fan Wûnseradiel en Wymbritseradiel. Binnendikers wiene de lâneigeners oan de eastkant fan dizze sliperdyk, bûtendikers dy oan de westkant. Trajekt 3: fan it Warkumer steak oant Reaklif. Ferantwurdlik wiene de gritenijen Wymbritseradiel, Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde en Utingeradiel en de stêden Snits, Drylts, Warkum, Hylpen en Starum. De Himdyk út trajekt 2 gie yn dit gebiet fierder lâns Westhim en Easthim, gie oan de noardkant fan Drylts lâns, rûn troch Snits en bûgde nei it noardeasten en via Raerderhim nei Jirnsum. Binnendikers wienen yn dit gebiet de lâneigeners oan de noardkant fan dizze slieperdyk, de bûtendikers dy oan de súdkant. Trajekt 4: fan it Reaklif oant de grins fan Oerisel (‘Feenhuijsen’, no de Woarstsleat by Skoattersyl.) Ferantwurdlik wiene de sân gritenijen fan Sânwâlden (Anjewier, Doanjewerstâl, Haskerlân, Skoatterlân, Lemsterlân, Opsterlân en Gaasterlân) en de stêd Sleat. Dit gebiet bestie allinnich út bûtendikers.

Lêstenferdieling tusken binnen- en bûtendikers

By de lêstenferdieling waard ûnderskied makke tusken de lêsten foar de ierden dyk en de lêsten foar de pealwurken. De ierden dyk waard meastal ûnderholden mei hantlangjen troch bewenners fan it gebiet dy ’t mei eigen ark lykas skeppe, kroade, weinen en hynders. Pealwurken waarden meastentiids oanbestege en dêrfoar moast jild oprûn wurde. De basis foar te beteljen omslachheffing wie de hierwearde (rinte, pacht) fan it lân, útdrukt yn goudgûnen of florenen.

Trajekt 1. Bûtendikers krigen trijekwart fan it ierdwurk te ûnderhâlden, de binnendikers ien fjirde. Foar de pealwurken betellen de binnendikers foar elke gûne rinte de helt fan wat de bûtendikers betellen. Omdat de hierwearde fan de binnendikers mei elkoar trije kear sa heech wie as die fan de binnendikers mei elkoar betellen de binnendikers totaal 50% mear oan de pealwurken as de binnendikers. Trajekt 2. Bûtendikers krigen fjouwer fiifde fan it ierdewurk te ûnderhâlden, binnendikers ien fiifde. Foar de pealwurken betellen de binnendikers oer elke gûne rinte de helt fan wat de bûtendikers betellen. Trajekt 3. Utingeradiel krige in stik fan 200 roeden oan de súdkant fan Starum te ûnderhâlden. Fan it oare diel fan it trajekt krigen de bûtendikers fan de oare gritenijen en de stêden seis sânde fan it ierdwurk te ûnderhâlden, de binnendikers ien sânde. Foar de pealwurken betelle Utingeradiel trijekwart en de binnendikers de helte fan wat de bûtendikers foar elke gûne rinte betellen. Trajekt 4 Dit gebiet telde allinnich bûtendikers en dy betellen allegear itselde: ‘gulden gulden gelijk’. Weststellingwerf moast syn eigen diken sadanich ûnderhâlde, dat de oaren der gjin skea fan ûnderfine soene.

Dykgraaf selsstannige funksje Oant 1533 wiene grytmannen altyd belutsen by it dykwurk en faak wiene se tagelyk dykgraaf, soms in skoft ûnder in oerste dykgraaf dy ’t beneamd wie op it nivo fan Westergoa en Eastergoa. Omdat yn it Grut Arbitremint de dykplicht oer de grinzen fan de gritenijen regele waard, kaam der nei 1533 in skerpe skieding tusken it grytmanskip en it dykgraafwêzen.Winsemius (1947) s. 144 De ôfsûnderlike organisaasjes foar it dykûnderhâld waarden kontribúsjes (letter wetterskippen) neamd mei in dykgreve oan it haad. Trajekt 1 waard de Kontribúsje fan de Fiifdielen Seediken binnendyks en bûtendyks, trajekt 2 de Kontribúsje Wûnseradiels Suderseediken, trajekt 3 Wymbritseradiel cum annexis Kontribúsje Seediken en trajekt 4 de kontribúsje De Sân Gritenijen en de stêd Sleat. Oan de dykgraaf fan de kontribúsje waarden deputearren tafoege, dy t keazen waarden troch de folmachtige ôffurdigen fan gritenijen en stêden. Nei alle gedachten binne de dykgraven yn it earstoan troch steedhâlder en hof oansteld en bleau de oerste dykgraaf op distriktsnivo noch yn funksje.Groot Placaat en Charterboek van Vriesland diel 2 s. 662: de abt fan Gerkeskleaster dy’t tagelyk dykgraaaf is moat hearre nei it sizzen fan de oerste dykgraaf. (1535)

Ferdieling oer de kontribúsjes