De hillige ibis (Threskiornis aethiopicus) is in fûgelsoarte út it skaai hillige ibissen (Threskiornis) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1790 troch John Latham publisearre. De namme hat de fûgel te tankjen oan 'e ferearing yn it âlde Egypte as symboal foar de god Thoth.

Beskriuwing thumb|left|Fleanende hillige ibis. De fûgel is 65 oant 89 sm lang, weecht trochstrings 1,3-1,5 kg en hat in spanwiidte fan 112 oant 124 sm. Hillige ibissen binne foar it meast wite fûgels en ha in swarte nekke, in keale swarte kop en ek de einen fan 'e haad- en sekundêre slachpinnen binne swart. Tusken mantsjes en wyfkes is hast gjin ferskil, de mantsjes binne allinne in bytsje grutter as de wyfkes. Jonge fûgels binne smoarchwyt, ha fearkes yn 'e nekke en mear swart op 'e slachpinnen.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit yn Afrika besuden de Sahara. Boppedat is der ek in briedgebiet yn it súdeasten fan Irak. De meast besibbe soarten binne de Australyske wite ibis en de Yndyske wite ibis. Oarspronklik wie de fûgel ek ynhiemsk yn Egypte, mar dêr is de fûgel ferdwûn.

Europa Sûnt de jierren 1970 libbet yn Frankryk in ferwyldere populaasje, dy't ôfkomstich is fan frijfleanende ibissen út it fûgelpark fan Branféré (Bretagne). Dy populaasje hat him oer in grut part fan it westen fan it lân útwreide en bestie al yn 2005 út likernôch 3.000 fûgels. Sûnt maaie 2008 is der fergunning ôfjûn om yn it departemint Loire-Atlantique te jeien op 'e fûgel om de populaasje yn 'e stokken te hâlden. thumb|left|Waarnimmingen fan 2015 oant en mei 2022. Ek yn it noardwesten fan Itaalje waarden gefallen fan briedende fûgels fêststeld en waard de fûgel al yn 'e delling fan 'e Po waarnommen. Yn Nederlân binne sûnt 2003 nêsten bekend. Yn 2007 waarden al tolve nêsten teld, mar yn 2010 is der gjin nêstbou mear fêststeld. Dêrmei ferdwûn de fûgel wer út ús lân.Nature Today, oproppen 13 juny 2024. Yn Dútslân folge it earste briedgefal yn 2013 oan 'e Ismaninger Speichersee, in opslachmar yn Beieren.

Sûnt 2016 stiet de hillige ibis op de Europeeske list fan ynvasive eksoaten, dy't as skealik beöardiele wurde. Dat betsjut in ferbod op it besit, de hannel, de fok, it transportearjen en de ymport fan 'e hillige ibis. Lidsteaten fan 'e Europeeske Uny binne ferplichte om fierdere fersprieding te beheinen en by foarkar eksoaten út te roegjen.

Oant 2022 hie de hillige ibis him al oer grutte dielen fan Europa ferspraat. Fral Belgje, Itaalje en Nederlân wiene populêre útwreidingsgebieten, mar de fûgel waard ek yn Skandinaavje, Ingelân en East-Europa waarnommen.

Taiwan Yn Taiwan ûntsnapten fûgels út in dieretún en yn 1984 waarden de earste ferwyldere fûgels yn Guandu yn Taipei sjoen. De populaasje waard yn 2012 al op 500 oant 600 fûgels rûsd. Sûnt 2012 waard dêr besocht de populaasje aktyf te bestriden troch mei sukses nêstfûgels te deadzjen. Yn 2021 wiene yntusken al 16.205 fûgels mei help fan jagers deade.

Nêst en iten thumb|left|Koloanje hillige ibissen yn Montagu, Súd-Afrika. De hillige ibis is in koloanjefûgel. It nêst wurdt tusken reid, yn strewellen of yn beammen boud. Der wurde 2 oant 4 aaien lein dy't nei 28-29 dagen útkomme. Nei fiif oant seis wiken fleane de jonge út. Hillige ibissen binne net sinnich en frette reptilen, fisk, skaaldieren, grutte ynsekten, slakken en somtiden ek aas. Ek de jiskebulten wurde besocht om te sjen as dêr ek noch wat te heljen falt. Oan 'e Afrikaanske kust spesjalisearret er him yn it sykjen fan aaien en nêstpiken. Sa hat de hillige ibis in grutte ynfloed op 'e populaasjes fan 'e Kaapske ielgoes en de kelpmiuw. De Frânske populaasje foarmet in bedriging foar de briedende stirnzen.

Status De hillige ibis hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt op 200.000 oant 450.000 folwoeksen fûgels rûsd. Dêrfandinne stiet de hillige ibis as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hillige ibis Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn Denemark Kategory:Eksoat yn Dútslân Kategory:Eksoat yn Eastenryk Kategory:Eksoat yn Fryslân Kategory:Eksoat yn Frankryk Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Itaalje Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Poalen Kategory:Eksoat yn Portegal Kategory:Eksoat yn Spanje Kategory:Eksoat yn Sweden Kategory:Eksoat yn Switserlân Kategory:Eksoat yn Taiwan Kategory:Eksoat yn Wales