Grease is in Amerikaanske histoaryske filmmusical en romantyske komeedzje út 1978 ûnder rezjy fan Randal Kleiser, mei yn 'e haadrollen John Travolta en Olivia Newton-John. De titel betsjut "Fet", yn dizze kontekst ferwizend nei hierfet (foar it stilearjen fan in fetkúf). De film waard basearre op 'e toanielmusical mei deselde namme út 1971. It ferhaal, dat spilet yn 1958, giet oer de fetkúfdragende noazem Danny Zuko, dy't smoarfereale rekket op it brave skoalfamke Sandy Olsson, mar dat net wêze wol foar syn freonen oer, de T-Birds. Sandy, dy't kwetst is troch Danny syn hâlden en dragen, wurdt ûnderwilens opnommen yn in fammegroep, de Pink Ladies, dy't ûnder lieding stiet fan 'e stoere Betty Rizzo.

Grease krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en it wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films fan 1978. Yn 'e bioskopen wie Grease in fenomenaal súkses en groeide it út ta de meast opbringende film fan it jier en teffens ta de (doe) meast opbringende filmmusical aller tiden. De film waard nominearre foar in Oscar en fiif Golden Globes, mar wist gjin wichtige prizen te winnen. It súkses fan 'e film soarge foar it ûntstean fan 'e mediafranchise mei deselde namme, dy't begûn mei de ferfolchfilm Grease 2, út 1982. Yn 2020 waard Grease opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Plot Yn 'e simmerfakânsje fan 1958 moetet de út Los Angeles ôfkomstige Danny Zuko op it strân de Australyske Sandy Olsson. Se reitsje op slach fereale opinoar en bringe de simmer tegearre troch. As de fakânsje op syn ein rint, sit Sandy yn noed dat se Danny nea wer sjen sil, om't se werom moat nei Sydney. Danny seit lykwols dat "dit noch mar it begjin" is.

By it úteinsetten fan it nije skoaljier jout Danny him op 'e Rydell High School by Kenickie, Putzie, Sonny en Doody, mei wa't er de T-Birds foarmet, in freonegroep dêr't er sels de lieder fan is. De jonges ûnderskiede har fan oare learlingen troch har soarchfâldich stilearre fetkuven. Danny skept op oer syn fakânsjeleafde en makket de jonges wiis dat er oan ien wei troch seks hân hat.

Underwilens arrivearret Sandy, nei in hommelse feroaring fan 'e plannen fan har âldelju, ek op Rydell High, dêr't se fuortendaliks befreone rekket mei Frenchie, dy't risselwearret om fan skoalle te gean en in oplieding ta skientmespesjaliste te folgjen. Frenchie yntrodusearret har by de freondinnegroep dêr't se by heart, de Pink Ladies. Dy besteane fierders út 'e wielderige Marty, dy't withoefolle freontsjes tagelyk hat, en de grappige Jan. De groep wurdt oanfierd troch de stoere mar synyske Betty Rizzo. Oan har nije kammeraatskes fertelt Sandy oer har fakânsjeleafde en wat sy en Danny dy simmers wier útfûn hawwe.

As de fammen hearre dat it om Danny Zuko giet, binne se stomferheard, mar se fertelle Sandy net dat hy op deselde skoalle sit. Rizzo seit inkeld dat se sa'n foargefoel hat dat Sandy Danny mei koarten weromsjen sil. Dy jûns, by de feestlike iepening fan it nije sportseizoen fan it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e skoalle, de Rydell Rangers, beävensearret Rizzo de ferrassingsreüny fan Sandy mei Danny. It is dúdlik dat Danny sa bliid as in bern is om Sandy werom te sjen, mar foar syn maten oer moat er syn imago fan stoere jonge behâlde, dat hy beart as kin it him neat skele. Dêrmei komt er Sandy raar op it sear, sadat se gûlend fuortdraaft.

Frenchy nûget de oare Pink Ladies út om by har thús de nacht oer te bliuwen, mar Sandy rekket beroerd as se har eigen bloed sjocht nei't Frenchy gatsjes yn har earlellen makket. Wylst se yn badkeamer yn it húske sit te koarjen, hat Rizzo de gek mei har. Sandy heart dat en giet nei bûten ta, dêr't se yn 'e tún beprakkesearret hoefolle oft se fan Danny hâldt en hoe slim oft er har sear dien hat. De T-Birds geane nei it hûs fan Frenchy yn it âld wrak fan in auto dat Kenickie op 'e kop tikke hat. It idee om dêrhinne komt út 'e koker fan Danny, dy't him foar syn eardere hâlden en dragen foar Sandy oer ûntskuldigje wol, mar nei't syn maten him dêroer narje, stapt er út en set er lulk geandefoets op hûs oan.

Underwilens beslút Rizzo, dy't har wat skuldich fielt oer hoe't se Sandy behannele hat, dat se wol wat leukers wit as de nacht mei de Pink Ladies troch te bringen. Se klimt nei bûten ta, wêrnei't Kenickie de oare trije jonges út 'e auto bonsjoeret en mei har fuortriidt. As se letter op in stil plakje seksuele omgong hawwe, wol Kenickie gebrûk meitsje fan in kondoom dat er al in pear jier lyn kocht hat. As er it út 'e ferpakking hellet, skuort it ding lykwols. Rizzo beslút om dan mar ûnfeilige seks mei him te hawwen. De toarteldokes wurde dêrby steurd troch Leo Balmudo, de lieder fan 'e Scorpions, in rivalisearjende jeugdbinde, en syn freondinne Cha-Cha diGregorio. Letter daget Leo Kenickie út ta in autorace sadree't Kenickie syn âld wrak opknapt hat. Kenickie akseptearret de útdaging.

Sandy begjint om te gean mei Tom, in lid fan it Amerikaansk fuotbalteam fan Rydell High. Danny hat de gek mei dy sportfanaat, mar Sandy seit dat Danny sels sa ûnsportyf is dat er hielendal gjin sport beoefenje kin. Dat stekt Danny, dat om yndruk op Sandy te meitsjen, meldt er him by coach Calhoun, de haadgymlearaar fan 'e skoalle, om diel te nimmen oan in sport. Calhoun besiket basketbal, wrakseljen en honkbal, mar it docht al rillegau bliken dat Danny omreden fan syn koarte lontsje en agressive opstelling it bêste geskikt is foar in sport dêr't men neat mei oaren te krijen hat, lykas hurddraven. As er by it huorderinnen foar de eagen fan Sandy delknoffelet, lit se Tom op slach stean en draaft se nei Danny ta om har derfan te bewissigjen dat er gjin slimme ferwûnings oprûn hat.

Sa rekket it wer oan tusken Danny en Sandy. Se besykje en gean yn 'e pleatslike kafetaria op in ôfspraakje, mar de T-Birds en de Pink Ladies ferpoffe it om harren gewurde te litten en geane der sûnder pardon by sitten. Kenickie en Rizzo krije spul en Rizzo makket it tusken har beiden út. Alle oaren sette ôf en Frenchie bliuwt allinnich efter. Sy hat ûnderwilens har plan trochset om fan skoalle te gean en foar skientmespesjaliste te learen, mar oan 'e servearster Vi bychtet se op dat har dat raar ôffallen is en dat se de oplieding ôfbrutsen hat nei in flater dy't har sûkerspinrôze hier besoarge. Se freget har ôf wat se no moat en tinkt deroan om servearster te wurden. Hie se mar in beskermingel dy't har fertelle koe wat se dwaan moat. As Vi har allinne lit, kriget Frenchie in fizioen, wêryn't har beskermingel, bystien troch in koar fan froulike ingels, har oantrunet om 'e middelbere skoalle ôf te meitsjen.

Lang om let arrivearret de jûn dat it lêstejiers dûnsfeest fan Rydell High holden wurd. Dit jier sil dat live op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd wurde as ûnderdiel fan 'e dûnswedstryd fan presintator Vince Fontaine. Danny giet mei Sandy nei it feest, en de T-Birds geane mei de Pink Ladies, mar Rizzo besiket Kenickie dwers te sitten troch mei Leo fan 'e Scorpions te gean. Op it feest komt Kenickie, ta argewaasje fan Rizzo, mei Leo syn eks Cha-Cha oansetten. Underwilens flirt Marty mei de folle âldere Fontaine, dy't har wol sitten sjocht. It rint lykwols op neat út as Marty him tsjin 'e ein fan 'e jûn trappearret wannear't er besiket har drankje te drogearjen. De dûnswedstryd begjint gaoatysk mar al rillegau bliuwe der mar in stikmannich dûnspearkes oer. Danny en Sandy binne ien dêrfan, mar krekt foar de ein fan 'e wedstryd lûkt Sonny Sandy fan 'e dûnsflier ôf, wêrnei't Cha-Cha, dy't yn it ferline wat mei Danny hân hat, harsels opsmyt as syn dûnspartner. Danny en Cha-Cha winne de wedstryd, mar Sandy rint lulk fuort.

Danny besiket it goed te meitsjen mei Sandy troch har mei te nimmen nei in drive-inbioskoop, dêr't er har syn ring jout om te dragen. Sandy is earst alhiel yn 'e wolkens troch dat romantyske gebeart, mar as bliken docht dat Danny ferwachtet dat se no seks mei him hawwe sil, rint se op 'e nij lulk fuort en is Danny wer werom by ôf. Underwilens komt oan it ljocht dat it sjegrinige hâlden en dragen fan Rizzo fuortkomt út it feit dat se in kear de regels net krigen hat en dat se bang is dat se swier rekke is fan Kenickie. Se dielt dat Marty yn fertrouwen mei, mar dy kin har net stilhâlde en binnen de koartste kearen giet it nijs as diggelfjoer troch de drive-inbioskoop. As Kenickie it heart, biedt dy oan om syn ferantwurdlikheid te nimmen en mei har te trouwen, mar Rizzo wol him net hawwe as er it út ferplichting docht en beart dat in oare jonge de heit is. Yn 'e folgjende dagen wurdt Rizzo op skoalle berabbe en útlake troch oare famkes, mar Sandy seit tsjin har dat se klearstiet om te helpen wêr't dat mar nedich is, wat Rizzo wurdearret.

Yn 'e tuskentiid hawwe Danny, Kenickie en de T-Birds de âld auto fan Kenickie hielendal opknapt mei de help fan frou Murdock, de eigensinnige leararesse technyk fan Rydell High. De auto is prachtich ferve en hjit de Greased Lightnin’ ("Smearde Bliksem"), in namme dy't betocht is troch Danny. Sadwaande kin it no heve mei de race tusken de T-Birds en de Scorpions. Krekt foar de race rint Kenickie lykwols in harsenskodding op wannear't er wat fan 'e grûn oppakke sil en ien fan 'e oare T-Birds krekt op dat stuit it portier iepensmyt. Dêrom moat er as koereur ferfongen wurde troch Danny. Dyselde en Leo geane frijwol lykop oant Danny in hobbel brûkt om mei de auto oer in grutte plasse hinne te springen, wylst Leo der dwers trochhinne riidt, yn 'e slip rekket en útfalt. Danny wint sadwaande de race, ta grutte blydskip fan 'e T-Birds en de Pink Ladies. Sandy is út 'e fierte wei taskôger. Se beslút dat se, as se serieus fierder wol mei Danny, har behâldende uterlik en brave hâlding feroarje moat. Dêrfoar ropt se de help yn fan Frenchie.

Op 'e lêste skoaldei foar de simmerfakânsje is it merke op it sportfjild fan 'e skoalle. Rizzo ûntdekt dat se dochs net swier is, wêrnei't se it goedmakket mei Kenickie. Danny hat syn stoere learen jek ferwiksele foar in braaf sportjaske om him oan Sandy oan te passen, mar syn mûle falt wiid iepen fan ferheardens as Sandy arrivearret, klaaid as in froulike T-Bird. Se ferklearje inoar de leafde en fermoedsoenje har mei-inoar. De T-Birds, de Pink Ladies en harren klasgenoaten fiere feest op it merketerrein. Danny en Sandy stappe yn 'e Greased Lightnin’ om fuort te riden, mar de auto stiget op, sadat se ynstee fuortfleane.

Lieten Grease (titelsong) Summer Nights (Danny, Sandy, de T-Birds en de Pink Ladies) Look at Me, I'm Sandra Dee (Rizzo en de Pink Ladies) Hopelessly Devoted to You (Sandy) Greased Lightnin’ (Danny en de T-Birds) Beauty School Dropout (Frenchie har beskermingel en de froulike ingels) Sandy (Danny) There Are Worse Things I Could Do (Rizzo) Look at Me, I'm Sandra Dee (reprize) (Sandy) You're the One That I Want (Danny, Sandy, de T-Birds en de Pink Ladies) We Go Together (hiele cast)

Rolferdieling

haadrollen personaazje       akteur/aktrise Danny Zuko John Travolta Sandy Olsson Olivia Newton-John

byrollen personaazje akteur/aktrise Betty Rizzo Stockard Channing Kenickie Jeff Conaway Frenchy Didi Conn Putzie Kelly Ward Marty Maraschino Dinah Manoff Sonny LaTierri Michael Tucci Jan Jamie Donnelly Doody Barry Pearl Leo "Crater-Face" Balmudo Dennis C. Stewart Cha-Cha DiGregorio Annette Charles direktrise McGee Eve Arden sekretaresse Blanche Hodel Dody Goodman Patty Simcox Susan Buckner Frenchie har beskermingel Frankie Avalon Vince Fontaine Edd Byrnes coach Vince Calhoun Sid Caesar servearster Vi Joan Blondell Eugene Felsnic Eddie Deezen Tom Chisum Lorenzo Lamas frou Murdock Alice Ghostley servearster #2 Ellen Travolta learaar Lynch Darrell Zwerling learaar Rudie Dick Patterson skoalferpleechster Wilkins Fannie Flagg Johnny Casino en de Gamblers Johnny Contardo en de Sha Na Na

Produksje en distribúsje Produksje