Arjen Gerald Teeuwissen (Molenhoek, 29 maart 1971 - Zoersel (Belgje), 29 maaie 2024) wie in Nederlânsk dressuerhynsterider.

Teeuwissen wûn as lid fan it dressuerteam op de Olympyske Simmerspullen yn 2000 (mei Ellen Bontje, Anky van Grunsven en Coby van Baalen) in sulveren medalje. Op de Europeeske kampioenskippen fan 1999 en 2001 wûn er yn totaal trije sulveren medaljes en in brûnzen.

Teeuwissen wenne sûnt 1998 yn Belgje, dêr't er trjitich jier lang in eigen dressuerstâl hie. Hy wie boaske mei in twastjerrekok, mei wa't er yn 'e hoareka wurke.

Arjen Teeuwissen ferstoar hommels op 29 maaie 2024, yn 'e aldens fan 53 jier. NOS, 31-5-2024, Olympisch medaillewinnaar Teeuwissen (53) plotseling overleden RTL nieuws, 31-5-2024, Dressuurruiter Arjen Teeuwissen (53) plotseling overleden

Hichtepunten Olympyske Spullen 2000 yn Sydney: sulveren medalje (team) mei Goliath Europeeske kampioenskippen 1999 yn Arnhim: sulveren medalje (team) mei Goliath 1999 yn Arnhim: sulveren medalje mei Goliath 2001 yn Verden: sulveren medalje (team) mei Goliath 2001 yn Verden: brûnzen medalje mei Goliath

Kategory:Nederlânsk hynstesporter Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1971 Kategory:Persoan stoarn yn 2024