End of Days is in Amerikaanske apokalyptyske aksjehorrorfilm út 1999 ûnder rezjy fan Peter Hyams, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger en Robin Tunney. De titel betsjut "Einichste Dei". It ferhaal draait om Satan, dy't nei tûzen jier út 'e hel ûntsnapt om 'e Einichste Dei yn te lieden troch persiis op 'e milleniumwiksel in foar dy lotsbestimming berne minsklike frou te befruchtsjen. Hy fynt syn paad lykwols tichtset troch de alkoholistyske, mei selsmoardnigings wrakseljende âld-plysjeman Jericho Cane, dy't syn eigen skeel mei God hat, mar dat net as reden sjocht om 'e lapen gear te smiten mei de duvel. End of Days krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. De film kaam koart foar de echte milenniumwiksel yn 'e bioskoop en wie dêr kommersjeel súksesfol.

Plot Yn 1979 sjocht in preester yn it Fatikaan in komeet oer de folle moanne hinne bûgen, sadat der wol in each mei in wynbrau derboppe oan 'e nachtlike himel liket te stean. Hy beseft dat dat it Each fan God is, in teken dat op dat stuit de frou berne wurdt wa har lotsbestimming it is om it bern fan Satan te dragen en dêrmei de Ein fan 'e Tiden yn te lieden. De preester giet mei syn befinings nei paus Jehannes Paulus II, dy't him opdracht jout om 'e poppe te finen en te berskermjen. In kardinaal, dy't oan it haad stiet fan 'e geheime Ridders fan 'e Hillige Sit, slacht foar dat it famke deade wurde moat om 'e wrâld te rêden, mar de paus leit dêr it near op en seit dat de minskheid inkeld rêden wurde kin troch it leauwe en dat in moard altyd ferkeard is en yngiet tsjin 'e wil fan God.

Op datseldichste stuit komt yn in sikehûs yn New York in poppe te wrâld, dy't troch de ferpleechtster meinommen wurdt, sabeare om it bern te waskjen. Hja bringt de poppe lykwols nei de kelder fan it gebou, dêr't sy en in groepke oare sekteleden in satanistysk ritueel útfiere ear't it famke weromjûn wurdt oan 'e mem.

Tweintich jier letter, tusken kryst en âld en nij yn desimber 1999, brekt Satan frij út 'e hel en beset it lichem fan in súksesfolle New Yorkske ynvestearringsbankier. De oare deis nimt er in befeiligingsbedriuw dat hierlingen ferhiert yn 'e earm om him te beskermjen. Ien fan dy hierlingen is de alkoholistyske âld-plysjeresjersjeur Jericho Cane, dy't sûnt de moard op syn frou Emily en jonge dochterke Amy mei klinyske depresjes en selsmoardnigings wrakselet. Hy sit fol mei skuldgefoelens, mar ek mei haat en wraaklust, net yn it lêste plak tsjin God, dy't er ferantwurdlik hâldt foar de dea fan syn gesin.

Wannear't de troch de duvel besette bankier it slachtoffer wurdt fan in moardoanslach, rêdt Cane him (of alteast syn minsklike gasthear) it libben troch yn 'e baan fan it skot te springen. Sels oerlibbet er dat om't er in kûgelfrij fest draacht. Mei syn bêste freon en kollega Bobby Chicago wit er de skutter nei in lange efterfolging del te sjitten en finzen te nimmen. It blykt in preester te wêzen (deselde dy't yn 1979 it Each fan God gewaar waard). Hy raast Cane ta dat de duvel nei tûzen jier losbrekke sil en dat de Einichste Dei op kommendeweis is. Cane en Chicago beskôgje him as ien dy't net goed doocht en drage him oer oan it New York Police Department yn 'e persoan fan harren eardere kollega, resjersjeur Marge Francis. Dy merkt op dat de preester gjin tonge hat en dus neat sein hawwe kin, mar Cane wit wat er heard hat.

Bûten it offisjele ûndersyk fan 'e plysje om dogge Cane en Chicago neifraach oer de preester, dy't ûnder de namme Thomas Aquinas ("Tomas fan Aquino") blykt te libjen. Hy is oplaat oan it Fatikaan en wie al tweintich jier ferbûn oan 'e Sint-Jehannestsjerke yn New York doe't er in healjier earder in mentale ynsinking krige en ferdwûn. Cane en Chicago spoare syn ûnderdûkadres op yn 'e kelder fan in ûnbewenber ferklearre gebou, dêr't de muorren oerdutsen binne mei krusifiksen en mei bloed skreaune religieuze symboalen. Mank de persoanlike besittings fan 'e preester fine se syn yn in glêzen potsje opburgen tonge werom, dy't er blykber sels útsnien hat mei in snoeimês. Teffens treffe se de foto fan in jonge frou oan, dy't skynber wat mei de saak te krijen hat. Mar sûnder in namme is der gjin begjinnensein oan om har yn sa'n grutte stêd as New York werom te finen.

Cane bejout him dy jûns nei de Sint-Jehannestsjerke, dêr't er de âldere pastoar Kovak ûnderfreget, dy't Aquinas koe. De pastoar hâldt lykwols fol dat Aquinas nea in moardoanslach begean soe en dat Cane gjin idee hat fan wat der spilet. Cane jout blyk fan syn minachting foar it kristlik leauwe yn it algemien en foar de Roomsk-Katolike Tsjerke yn it bysûnder en de beide mannen geane mei rûzje útinoar.

Underwilens hat in jonge frou, Christine York, fizioenen fan in ûnbekende, eangstoanjeiende man, dy't nei har siket en almar tichterby komt. Yn 'e metro sjocht se in dakleaze albino dy't by har komt en har taropt: "Hy komt om dy te neuken, Christine! Hy komt om dy te neuken!", wêrnei't er oan diggels falt as wied er fan porslein. As net ien fan 'e oare passazjiers wat nuvers opmurken hat, beseft se dat it wer ien fan har fizioenen wie. Oerstjoer skillet se har psychiater, dokter Abel, dy't har derfan bewissiget dat sy har fizioenen behearsket en net oarsom. Letter komt Satan by Abel oan 'e doar en docht bliken dat de psychiater in hege posysje beklaait yn 'e satanistyske sekte. Hy seit tsjin Satan dat de folgelingen fan 'e duvel oeral binne en ree steane om syn plannen út te fieren. Satan fertaast him dêrnei oan 'e frou en teenagedochter fan dokter Abel.

De oare deis giet Satan nei it sikehûs, dêr't er Thomas Aquinas opsiket om wraak op him te nimmen. Hy krusiget him mei skalpels troch de hannen en fuotten oan it plafon fan 'e keamer. Sa treffe Cane en Chicago Aquinas oan as se mei Marge Francis nei it sikehûs geane om him út te hearren. Nei't se him losmakke hawwe ûntdekt in dokter by ûndersyk dat Aquinas bibelteksten yn 'e hûd fan syn eigen búk en boarst kurven hat en ek wat dat dreech te lêzen is, mar liket op "Christ in New York" ("Kristus yn New York"). Letter oppenearret Cane it idee dat der eins stie: "Christine York". Wannear't hy en Chicago dy namme neilûke, ûntdekke se dat der yndie immen bestiet dy't sa hjit, en dat sy de jonge frou fan 'e foto is dy't se earder tusken de besittings fan Aquinas oantroffen hawwe.

Underwilens wurdt Christine thús oanfallen troch in trijetal roomske preesters. Se besykje har te fermoardzjen, mar nimme der de tiid foar om har earst it lêste sakramint ta te tsjinjen. As Cane en Chicago by Christine oan 'e doar komme, hearre se har om help roppen. Se kringe it hûs binnen en jeie yn in fjoergefjocht de preesters op 'e flecht. Christine is harren tige tankber, mar kin net útlizze wêrom't de preesters har dea hawwe woene. Wylst Marge Francis de saak fierder ûndersiket, gaudievet Cane in boek oer okkulte organisaasjes út 'e boekekast fan Christine har styfmem, dy't in yngeande belangstelling hat foar alderhanne aspekten fan religy. Hy hat by in fysike konfrontaasje mei ien fan 'e preesters dyselde in medaljon fan 'e hals ôfskuord yn 'e foarm fan in hert mei in swurd dertrochhinne. Yn it boek lêst er dat dat it symboal is fan in organisaasje dy't de Ridders fan 'e Hillige Sit hjit.

Francis lit in plysje-auto foar de doar by Christine de wacht hâlde, mar Cane is noch net ree om 'e saak los te litten, dat hy en Chicago postearje har ek yn in auto yn 'e strjitte. Christine har styfmem Mabel, dy't in sataniste blykt te wêzen, kriget fan dokter Abel opdracht om Christine by Satan te bringen, mar se seit dat se dat net dwaan kin mei de plysje foar de doar. In lulke Satan deadet dokter Abel as dy him dat nijs bringt. Dêrnei giet er sels nei Christine har hûs. Underwilens giet Cane deryn om Christine te warskôgjen foar de Ridders fan 'e Hillige Sit. Satan arrivearret en weeft ôf mei de plysje en mei Chicago troch beide auto's op te blazen, sadat de ynsittenden omkomme yn 'e flammen. Cane wol Christine fia de efterdoar yn feilichheid bringe, mar Mabel lit einlings blike wêr't har wiere loyaliteit leit en besiket harren tsjin te hâlden. It minske hat fan Satan skynber boppeminsklike krêften krigen, want se jout Cane in wan bruien, mar úteinlik slacht er har fan him ôf en rekket se swierferwûne as se troch it glêzen blêd fan in salontafel hinne falt.

Wylst Cane en Christine fia de efterdoar útnaaie, lit Satan syn ûntefredenens oer Mabel blike troch ien fan 'e glêsskerven yn har hert te triuwen. Cane en Christine fine wilens Marge Francis en in unifoarmearre plysje op harren paad, dy't daliks it fjoer iepenje. Sa docht bliken dat Marge ek sataniste is. Cane is har lykwols te glêd ôf en sjit har en de jongere plysjeman dea. As Satan eefkes letter troch de efterdoar komt, wekket er Marge wer ta libben om't er noch ferlet fan har hat. Hy jout har opdracht om in arrestaasjebefel tsjin Cane út te furdigjen en sa it hiele plysjekorps efter him oan te stjoeren. Cane bringt Christine nei de Sint-Jehannestsjerke, dêr't pastoar Novak útleit dat de man dy't efter har oan sit de duvel sels is, dy't har op it tiidstip fan 'e milenniumwiksel befruchtsje wol om 'e Ein fan 'e Tiden en syn eigen hearskippij oer de Ierde yn te lieden. Cane is skeptysk oer dy útlis. Novak betanket Cane foar syn help, mar hy seit dat de Tsjerke it no fierder allinnich wol ôfkin, mei't Christine net waarnimber is foar Satan salang't se yn in wijd tsjerkegebou bliuwt. Cane hat dêr net it minste fertrouwen yn, mar Christine kiest derfoar om by Novak te bliuwen.

Dat, Cane giet mar nei hûs, dêr't er besite kriget fan Satan. Dyselde besiket him safier te krijen dat er seit wêr't er Christine ferburgen hat. Cane, dy't der net fan oertsjûge is dat er mei de duvel fan dwaan hat, begjint dat no dochs te leauwen troch de wûndertekens dy't syn ûnwinske gast ferrjochtet. Satan hellet oan dat Cane fol sit mei haat en wraakgefoelens, en dat er wrokket tsjin God oer de dea fan syn wiif en bern, en wol hawwe dat dat de âld-plysjeman ta in natuerlike folgeling fan him (Satan) makket. Cane sjocht net yn hoe't it iene wat mei it oare te krijen hat. Dêrop lit de duvel him, om him te ferlieden, in fizioen sjen fan syn fermoarde frou en dochterke. Hy seit dat er harren oan him weromjaan kin, sadat er wer lokkich wurde sil. Cane wol dat graach leauwe, mar syn logysk ferstân fertelt him dat it mar skyn wêze soe, mei't de sielen fan Emily en Amy op 'e noed fan God binne, dêr't Satan harren net benei komme kin. As ferlieding net helpt, besiket Satan syn sin te krijen troch geweld, werby't er Cane troch it finster fan syn appartemint heech yn in flatgebou smyt, sadat er him inkeld noch mei de fingers oan it kezyn fêstklammet. Cane beart dat er belies jout en stekt de hân út nei Satan, mar as dy him fêstgrypt, skuort Cane him ta it finster út sadat er te pletter falt op it dak fan in parkearre auto.