The Passion of the Christ is in Amerikaanske bibelske dramafilm út 2004 ûnder rezjy fan Mel Gibson, mei yn 'e haadrollen Jim Caviezel as Jezus Kristus en Maia Morgenstern as Marije, syn mem. De titel betsjut "De Passy fan 'e Kristus". De film lit it lijensferhaal fan 'e bibelske Jezus sjen en folget dêrby fierhinne de beskriuwing út 'e kanonike evangeeljes fan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Der waard ek gebrûk makke fan ferskate oanfoljende kristlike boarnen en dêropta waarden ferskate optochte sênes tafoege yn it ramt fan dichterlike frijheid.

De plot beslacht de lêste tolve oeren fan it libben fan Jezus, mei út en troch flashbacks nei eardere foarfallen. It begjint mei it Gebed op 'e Oliveberch, folge troch it Ferrie fan Jezus troch Judas Iskariot; de ûnderfreging troch en feroardieling fan Jezus troch de joadske hegepreesters; de oanklacht tsjin Jezus foar Pilatus en Herodes; de kar tusken Jezus en Barabbas; de giseling fan Jezus; it hanwaskjen fan Pilatus; it dragen fan it krús nei de heuvel Golgota troch Jezus en Simon fan Syrene; en de krusiging fan Jezus. De film einiget mei in koarte ôfskildering fan 'e weropstanning fan Jezus.

The Passion of the Christ waard foar it meastepart filme yn Itaalje. De dialooch is folslein yn 'e autentike talen út 'e Aldheid: Arameesk, Latyn en Hebriuwsk. Hoewol't Gibson der earst op tsjin wie, waard dêr ûndertiteling oan tafoege. De film wie tige polarisearjend en ferdielde de filmkritisy yn twa kampen: party neamden it sjen fan The Passion of the Christ in religieuze en hillige ûnderfining fan grut belang, wylst oaren de film antysemitysk fûnen en it geweld bekritisearren as ekstreem. Nettsjinsteande dat wie The Passion of the Christ in grut súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Satellite Award en waard nominearre foar trije Oscars. Anno 2024 is der in ferfolchfilm oer de ferrizenis fan Jezus yn produksje.

Plot Yn 'e Hôf fan Getsémané op 'e Oliveberch, fuort bûten Jeruzalim, docht de Joadske religieuze learaar Jezus fan Nazaret in ynmoedich gebed oan God. Hy hat syn neiste dissipels Petrus, Jehannes en Jakobus meinommen, mar de mannen falle yn 'e sliep. Underwilens makket Jezus sa'n deadsneed troch, dat syn swit yn bloed feroaret en Satan ferskynt om him yn ferlieding te bringen. Underwilens is Judas Iskariot, in oare dissipel fan Jezus, yn 'e Timpel fan Jeruzalim, dêr't er neffens in earder makke ôfspraak tritich sulverstikken ûntfangt fan 'e hegepreester Kajafas om syn master te ferrieden. Kajafas, Annas en de oare foaroanmannen fan 'e joadske preesters sjogge de oanwaaksende ynfloed fan Jezus as in bedriging foar harren eigen posysje en macht, dat se binne wisberet om him út 'e wei te romjen.

De wifkjende Judas, dy't no al spyt hat fan syn eardere beslút, set mei in ôfdieling fan 'e Timpelwacht nei de Oliveberch ta, dêr't er lang om let de identiteit fan Jezus oan 'e soldaten ferriedt troch him in tút te jaan. Wannear't de timpelwachters Jezus fêstgripe, ûntskuort Petrus ien fan 'e mannen in swurd en slacht dêrmei om him hinne. Hy rekket Malchus, ien fan 'e timpelwachters, dy't er in ear ôfhout. Jezus beskrobbet Petrus lykwols en genêst it ear fan Malchus. Dêrnei naaie Petrus, Jehannes en Jakobus út, wylst de timpelwachters Jezus mei geweld yn 'e boeiens slane en ûnder mishannelings en misledigings meifiere nei de Timpel. Petrus folget de groep op in ôfstân. Jehannes giet nei it hûs dêr't Marije, de mem fan Jezus, en syn froulike dissipel Marije Magdalena ferbliuwe en bringt de froulju op 'e hichte fan wat der bard is. Trijeresom bejouwe se har nei de Timpel ta.

Yn 'e Timpel is te neare nacht it Sanhedrin, de Joadske Hege Rie, gearroppen, ûnder it foarsitterskip fan Kajafas en Annas. Jezus wurdt dêr berjochte by in ad hoc-proses. Nikodémus en Joazef fan Arimatéa, dy't leden fan it Sanhedrin binne, protestearje tsjin dy gong fan saken, mar wurde op befel fan Kajafas út 'e Timpel smiten. Der wurde ferskate tsjûgen oan it wurd litten dy't falske tsjûgenissen tsjin Jezus ynbringe. As Kajafas Jezus op 't lêst planút freget oft er de messias is, antwurdet Jezus: "Jo sizze it." Dêrop skuort Kajafas syn mantels ta teken fan ôfgriis en ferklearret er dat de skuldigens fan Jezus bewiisd wurdt troch syn eigen wurden. Hy wurdt ta de deastraf feroardiele foar godslastering, wêrnei't de leden fan it Sanhedrin en, mei mear effekt, de oanwêzige timpelwachters fannijs op Jezus yn begjinne te slaan.

Underwilens stiet Petrus as taskôger by it hiele spul middenmank de gearstreamde mannichte. Hy wurdt der op 't lêst suver beroerd fan, mar as er him ôfjaan wol, wurdt er troch oare leden fan it publyk trije kear efterinoar werkend as in dissipel fan Jezus. Petrus ûntstriidt dat by heech en by leech. De trêde kear ûntstiet der wat romte yn 'e minskemassa, en troch it tuskenlizzende gat sjocht de delsleine Jezus Petrus ynienen rjocht yn 'e eagen. Dan komt Petrus te binnen dat er earder sward hat dat er Jezus oeral folgje soe, sels yn 'e dea, en dat Jezus doe antwurde: "Ear't de hoanne fannacht kraait, silsto my trijeris leagene hawwe." Petrus fûn dat op dat stuit healwiis praat, mar no't it wierheid wurden is, gûlt er bittere triennen en naait er yn skamte út.

De troch skuld tefretten Judas Iskariot is ek yn 'e timpel, dêr't er de tritich sulverstikken oan hegepreester Kajafas werom besiket te jaan, mar dy wegeret se oan te nimmen. Hjitfolge troch de demoanen fan Satan flechtet Judas neitiid ta de stêd út, dêr't er himsels de oare moarns tekoart docht troch yn it tou te gean.

Jezus wurdt ûnderwilens finzen holden yn 'e kelder fan 'e Timpel. Moarns wurdt er troch Kajafas, Annas en de oare hegepreesters en leden fan it Sanhedrin meifierd nei de residinsje fan Pontius Pilatus, de Romeinske gûverneur fan Judéa. Mei't se sels gjin deastraf útfiere meie, steane de de hegepreesters der by Pilatus op oan om Jezus fuortendaliks ta de dea te bringen. Mar Pilatus, waans frou Klaudia him oantrune hat om him net oan dizze kwestje te besmodzgjen, mei't se leaut dat Jezus hillich is, fielt der hielendal neat foar om it smoarge wurk foar de preesters op te knappen. Hy befreget Jezus ûnder fjouwer eagen en komt ta de konklúzje dat de man neat dien hat dat de deastraf rjochtfeardiget. Oan 'e oare kant wol Pilatus ek gjin opstân ûnder de Joaden útlokje, mei't syn oerhearrigen yn Rome him warskôge hawwe dat er dêr persoanlik ferantwurdlik foar holden wurde sil. Dêrom betinkt de gûverneur in slimmichheidsje: mei't Jezus út Nazaret komt, dat yn Galiléa leit, is er eins in ûnderdien fan 'e Romeinske fazal dy't yn namme oer dat gebiet hearsket, kening Herodes Antipas. Hy hjit de preesters dêrom en bring Jezus foar syn berjochting nei Herodes ta.

De preesters sette dêrop mei Jezus nei it paleis fan 'e ferweakke Herodes Antipas. Foar it dekadinte hof fan 'e kening wurdt Jezus op 'e nij befrege, mar hy wegeret mei te wurkjen. Herodes spilet graach de domme trochjager, mar hy besit genôch politike skerpsinnichheid om foar it ferstân te hawwen dat er syn fingers net oan dizze saak baarne wol. Nettsjinsteande Jezus syn ûnfatsoen, harren ferskil yn maatskiplike klasse yn acht nommen, oardielet er dat dizze man neat ferkeards dien hat. De preesters, dy't dat net hearre wolle, slepe Jezus wer mei werom nei Pilatus. Dy prebearret dêrop in twadde slûchslimme set, troch it gearklofte folk in kar foar te lizzen. Hy lit de beruchte, op syn deastraf wachtsjende moardner Barabbas út it tichthûs helje en freget wa fan beiden oft er amnesty jaan moat: Jezus of Barabbas. Mar de preesters stokelje it folk op en rop om 'e frijlitting fan Barabbas.

De feralterearre Pilatus, dy't syn bewegingsromte gau lytser wurden sjocht, besiket noch op in lêste manear it libben fan Jezus te rêden: hy jout opdracht ta de giseling fan Jezus, yn 'e hope dat dy tramtaasje it folk tefreden stelle sil. Jezus wurdt ôffierd nei in oar binnenplak, dêr't er fêstset wurdt oan in mulhege peal. De Romeinske soldaten jouwe him in skriklik wan bruien dat bestiet út stôkslaggen, oant harren slachtoffer troch de knibbels sakket en derhinne falt. Wannear't Jezus middenmank it omsteand laach syn mem, Marije Magdalena en Jehannes gewaar wurdt, klaut er lykwols mei in uterste wilsynspanning wer oerein. Dêrop begjinne de soldaten wer fan it begjin ôf oan, mar diskear mei in gisel: in swipe mei ferskate sturten dy't stikjes metaal oan 'e uteinen hawwe. Jezus wurdt dêrmei oer syn hiele lichem ôfseame, earst op 'e rêch, de earms en skonken en dêrnei op it boarst en de búk. Pas as de sintuerion Abenader foar it ferstân kriget wat der geande is, oarderet er de soldaten om op te hâlden. De heal bewusteleaze Jezus wurdt út in plasse fan syn bloed wei sleept.

Neitiid wurdt er troch de soldaten ferhune en bespot. Se pleatse in toarnekroan op syn holle en hingje him in âld mantel om en knibbelje foar him del om him op gekoanstekkende wize hulde te bringen om't er ris sein hawwe soe dat er de kening fan 'e Joaden wie. As de oer syn hiele lichem iepenlizzende Jezus letter wer by Pilatus brocht wurdt, is dyselde skokt oer de kondysje fan 'e finzene. Hy presintearret Jezus oan 'e minskemannichte en slacht foar om dizze giseling genôch straf wêze te litten. Mar de preesters stokelje it folk jitris op en rop op ta de deastraf foar Jezus. Kajafas, dy't him opsmyt as de wurdfierder fan 'e mannichte, easket dat Jezus krusige wurde sil. Mei't er út noch yn gjin opstân útlokje doar, sjocht Pilatus dan gjin oare útwei mear as om 'e preesters har sin te jaan. Hy lit in skaal mei wetter komme, dêr't er symboalysk yn hanwasket om oan te jaan dat hysels yn dizze kwestje gjin bloed oan 'e hannen hat.

Jezus kriget dan in swier, massyf houten krús op 'e skouders lein, dat er sels ta de stêd út en by de heuvel Golgota opslepe moat, dêr't syn krusiging plakfine sil. It hiele paad dêrhinne wurdt er troch de begeliedende Romeinske soldaten, deselden dy't him earder gisele en gekoanstutsen hawwe, oan ien wei troch slein. Ek in kliber folk, besteande út 'e oanhingers fan 'e hegepreesters, folget him, en geit him út en tramtearret him mei it goaien fan stiennen. Op 't langelêst falt Jezus der fan klearebare útputting hinne. In tafallige foarbygonger, Simon fan Syrene, wurdt troch de soldaten twongen om Jezus te helpen by it dragen fan it krús. Dyselde is earst ûnwillich, mar kriget geandewei begrutsjen mei Jezus en werpt himsels úteinlings op as syn beskermer. In frou komt út 'e mannichte nei foarren om Jezus it antlit ôf te faagjen mei har wale, mar se wurdt troch de soldaten fuortsleept ear't se him wat te drinken jaan kin.

Oan 'e ein fan in lange lijenswei wurdt Jezus op 'e top fan it rotsige Golgota mei spikers troch de hannen en de fuotten oan it krús slein, dat dêrnei rjochtop set wurdt. Op it stuit dat Simon fan Syrene him yn geastlike betizing ôfjout, klimme Marije, Jehannes en Marije Magdalena nei de heuveltop ta om tsjûge te wêzen fan it ferstjerren fan Jezus. Wylst er oan it krús hinget, bidt Jezus foar de ferjeffenis fan syn oanklagers en syn boalen. Ek treastget er syn mem. Fan 'e beide misdiedigers dy't lofts en rjochts fan him krusige binne, is ien beroufol, en oan him biedt Jezus ferlossing. De oare laket harren út, mar op syn krús strykt in raven del, dy't him de eagen útpikt wylst er noch libbet. Jezus beswykt oan syn wûnen en ferstjert. Dêrop lûkt de loft ticht en út 'e dûnkere wolkens falt ien inkele reindrip op 'e ierde del, dy't in ierdbeving feroarsaket wêrby't in brede spjalt yn 'e flier en muorren fan 'e Timpel fan Jeruzalim ûntstiet en it gerdyn fan it Hillige der Hilligen midstwa skuort. Yn 'e hel raast Satan it út fan razernij oer syn nederlaach.

Trije dagen letter skynt der in fel ljocht út 'e grêftombe dêr't it stoflik omskot fan Jezus rêst. Yn it grêf komt in man oerein dy't gatten yn 'e hannen hat.

Rolferdieling

haadrollen personaazje                  akteur/aktrise Jezus Kristus Jim Caviezel Marije (mem fan Jezus) Maia Morgenstern

byrollen