Spider-Man: Homecoming is in Amerikaanske superheldefilm, jeugdfilm en coming-of-agefilm út 2017 ûnder rezjy fan Jon Watts, mei yn 'e haadrollen Tom Holland en Michael Keaton. De titel betsjut "Spin-Man: Thúskomst", hoewol't it ek ferwiist nei it homecoming-skoalfeest. It ferhaal folget de fyftjinjierrige Peter Parker, dy't yn syn frije tiid njonken de middelbere skoalle in figilante is yn 'e foarm fan syn superhelde-alter ego Spider-Man. Nei't er foar de earste kear op en út west hat mei de Avengers, fielt er de oanstriid om himsels te bewizen. Dêrom nimt er it op eigen manneboet op tsjin 'e wapenhanneler Vulture.
Spider-Man: Homecoming krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget binnen dat ramt op Guardians of the Galaxy, Vol. 2 (2017). Sels wurdt de film folge troch Thor: Ragnarok (2017). It direkte ferfolch op Spider-Man: Homecoming, dat it ferhaal fan Spider-Man wer oppakt, is lykwols Spider-Man: Far from Home, út 2019. Yn 2021 kaam in twadde ferfolchfilm út ûnder de titel Spider-Man: No Way Home.
Plot Yn 2012, nei't it superheldeteam de Avengers yn New York in bûtenierdske ynvaazje fan 'e Chitauri ôfslein hawwe, werby't in ravaazje oanrjochte is (sjoch: The Avengers), behellet ôffalferwurker Adrian Toomes in kontrakt om alle pún en brokstikken ôf te fieren út 'e New Yorkske binnenstêd. Hy ynvestearret gâns yn syn bedriuw om dy opdracht útfiere te kinnen, ûnder mear troch de oanskaf fan in hiele float nije frachtweinen. Sûnder warskôging wurdt lykswols syn kontrakt annulearre as de oprommersoperaasje oernommen wurdt troch it Departemint fan Skeabeheining (DODC), dat in gearwurkingsfoarm is fan 'e Amerikaanske federale oerheid en Stark Enterprises, it bedriuw fan miljardêr Tony Stark, waans alter ego de superheld Iron Man is.
Toomes protestearret tsjin dy gong fan saken, om't er troch de ynvestearrings fallyt giet as er it kontrakt net hat. Mar hy wurdt op ûnmeilydsume wize bûtenspul set en kriget opdracht om alle brokstikken fan bûtenierdske technology yn te leverjen dy't syn wurknimmers al gearfandele hawwe. Ferbittere beslút er om dat net te dwaan. Ynstee brûke hy en syn wurknimmers de Chitauri-technology dy't se al ôffierd hawwe om avansearre wapens yninoar te nifeljen, dy't se neitiid oan kriminelen begjinne te ferkeapjen. In wjukt fleanpak dat wol wat op in gier (Ingelsk: vulture) liket, hâldt Toomes foar himsels.
Acht jier letter wurdt de fyftjinjierrige wees en skoaljonge Peter Parker biten troch in radio-aktive spin, mei as gefolch dat er oer boppenatuerlike fermogens komt te beskikken. As de superheld Spider-Man wurdt er troch Stark yn Dútslân behelle yn in ûnderling skeel tusken de Avengers (sjoch: Captain America: Civil War). Neitiid fertelt Stark him lykwols dat er noch net ree is om in echte Avenger te wurden. Ynstee moat Peter yn syn wenplak New York, dêr't er by syn muoike May wennet, wer nei de middelbere skoalle. Hy fynt it lykwols dreech om ôf te wachtsjen oant er it griene ljocht fan Stark kriget, dat hy wynt him foar al syn bûtenskoalske aktiviteiten wei om yn syn frije tiid as Spider-Man op eigen manneboet de misdie te bestriden.
Net ien dy't wit dat Peter en Spider-Man ien-en-deselde binne, oant syn bêste freon, de obese nerd Ned, it op in stuit by tafal ûntdekt. Hoewol't Peter him beswart dat er it geheim stilhâlde moat, fiteret Ned him oan ien wei troch oan om syn Spider-Man-personaazje te brûken foar sosjale doeleinen, bygelyks om populêrder te wurden op skoalle en om Liz foar him te winnen, in Afro-Amerikaanske klasgenoate dêr't Peter smoarfereale op is. Hoewol't er de measten fan Ned syn ynskunings wjerstiet, jout Peter op 't langelêst ta om as Spider-Man nei in feest by Liz thús te gean om yndruk op har te meitsjen. Ear't dat syn beslach krije kin, wurdt er lykwols ôflaat troch frjemde ljochten yn 'e fierte.
Peter giet op ûndersyk út en ûntdekt Jackson Brice en Herman Schultz, twa fan Toomes syn wurknimmers, dy't besykje harren mei Chitauri-technology opfierde wapenreau oan 'e pleatslike krimineel Aaron Davis te ferkeapjen. Peter grypt yn en wit it duo op in hier nei yn te rekkenjen, mar hy wurdt dwerseide troch Toomes sels yn syn foarm fan de Vulture, dy't Peter optilt en meifiert oant heech yn 'e loft en him dan yn in mar falle lit. Mei't er fertize komt te sitten yn 'e yn syn Spider-Manpak ynboude parasjute, ferdrinkt Peter hast, mar hy wurdt rêden troch Stark as Iron Man, dy't him yn 'e gaten holden hat en op it hert drukt dat er Toomes en syn binde fierders gewurde litte moat. Werom yn it haadkertier fan syn bedriuw nimt Toomes Brice geweken oer syn domme hâlden en dragen troch Chitauri-wapens ôf te fjurjen op in plak dêr't Jan en alleman it sjen kinne (dat wiene de ljochten dêr't Peter op ôfkaam). Brice lit lykwols blike dat er him neat fan Toomes oanlûke sil, en om syn geheimen te bewarjen sjit Toomes him dan dea.
Neitiid fine Peter en Ned in wapen dat Brice by de efterfolging kwytrekke is. Se helje mei it ark yn it hânfeardichheidslokaal op skoalle de Chitauri-akku los, mar feroarsaakje dêrby in enerzjypyk dy't Toomes-en-dy oppikke op harren apparatuer. Schultz brekt yn 'e skoalle yn om it kwytrekke wapen te sykjen, mar kin it net fine. Ungemurken bringt Peter in stjoerderke op Schultz syn klean oan. Sa kinne hy en Ned op 'e kompjûter sjen dat Schultz him nei Maryland bejout. Dat is foar Peter in hiel ein út 'e reek, mar lokkigernôch moat it kwisteam fan syn skoalle krekt dat wykein foar de nasjonale finale nei Washington, D.C. (dat oan Maryland grinzget).
Hoewol't er earder foar it team betanke hie, jout Peter him der no wer by. Yn harren hotelkeamer yn Washington, D.C. helpt Ned, dy't tige handich mei kompjûters is, Peter om it lokaasjestjoerderke yn syn Spider-Manpak (dêr't Stark him mei yn 'e rekken hâldt) út te skeakeljen, en teffens om tagong te krijen ta de avansearre opsjes fan it pak, wêrûnder in keunstmjittige yntelliginsje dy't er Karen neamt. It docht bliken dat Toomes-en-dy yn Maryland binne om Chitauri-technology te stellen út in containerfrachtwein dy't it spul ferfiert nei in heechbefeilige opslachfasiliteit fan it DODC. Dêrfoar brûke se in fazeferskowingsapparaat fan 'e Chitauri, wêrmei't se troch de tichte wanden fan 'e container hinne gean kinne en it guod stelle kinne sûnder dat immen it merkt. Peter besiket Toomes tsjin te kearen, mar hy komt fêst te sitten yn 'e container en bedarret yn 'e heechbefeilige opslach.
As er in gelikense akku sjocht as dy dy't Ned no yn 'e bûse hat, en Karen him fertelt dat it eins in Chitauri-granaat is, slagget it Peter úteinlings om út 'e opslach út te brekken, sadat er him weromhastigje kin nei Washington, D.C. Dêr hat syn team ûnderwilens sûnder him de finale fan 'e skoalkwis wûn. Om dat te fieren nimt menear Harrington, de learaar dy't it tafersjoch oer it reiske hat, syn learlingen mei om it Washington Monumint te besjen, in reuseftige, holle 169 meter hege obelisk op 'e National Mall. Wylst de groep yn 'e lift yn 'e top fan 'e obelisk sit, giet de granaat ôf. Net ien rekket ferwûne, om't de eksplosive lading tige sekuer rjochte is, mar de liftskacht rint fatale strukturele skea op. Peter (as Spider-Man) arrivearret krekt op 'e tiid om 'e ynsittenden út 'e strâne lift te rêden, ûnder wa Ned en Liz.
Inkele dagen letter folget Peter de binde fan Toomes nei de Staten Island-fearboat, dêr't se besykje in lading wapenreau te ferkeapjen oan 'e behurde krimineel Mac Gargan. It docht lykwols bliken dat de FBI it ek krekt op 'e wapenkeapers en -ferkeapers foarsjoen hat, dat Peter en in kloft spesjaal aginten ride inoar yn 'e tsjillen. Dat stelt Toomes by steat om mei Schultz te ûntsnappen yn syn Vulture-pak, wylst in defekt rekke Chitauri-wapen de fearboat yn 'e lingte midstwa spjalt. Peter docht syn bêst om mei syn spinreach de beide helten fan it skip byinoar te hâlden, mar dat slagget net. Aldergeloks arrivearret Stark, yn 'e foarm fan syn alter ego Iron Man, op it nipperke om 'e spjalt yn 'e fearboat provisoarysk te laskjen. Letter nimt Stark Peter geweken. Hy is poerrazen, mei't er dúdlik sein hie dat Peter Toomes-en-dy gewurde litte moast om't se in maat te grut foar him wiene. Peter hie mar it idee dat Stark net nei him harkje woe en neat oan Toomes die, mar eins is it just Stark dy't de FBI op it spoar fan 'e binde setten hat. Om it spul noch minder te meitsjen hat Peter omprutst mei in superheldepak dat miljoenen koste hat, om himsels fermogens ta te eigenjen dêr't er oerdúdlik noch lang net klear foar is. It is Stark no sinneklear dat Peter nea in gaadlike rekrút foar de Avengers wêze sil, dat hy nimt it Spider-Manpak werom en ferbrekt alle bannen mei Peter.
Neitiid keart Peter werom nei syn gewoane libben as middelbere-skoallearling. Hy pakt der bot mei om dat er troch Stark oan 'e dyk set is, mar hy beseft dat it syn eigen skuld is. In ljochtpuntsje is dat Liz "ja" seit as er har freget om mei him nei it skoalfeest te gean, wat in earste stapke is yn 'e rjochting fan ferkearing. Op 'e jûn fan it feest set Peter yn in pak en strik nei Liz har hûs ta om har ôf te heljen. Hy skillet oan en wit net hoe't er it hat as de doar iepengiet en Toomes derfoar komt. It docht bliken dat de blanke Toomes trout is mei in swarte frou en de heit is fan Liz. Toomes ken Peter net wer, om't dy by al harren konfrontaasjes syn mei in gesichtsbedekkend masker tariste Spider-Manpak oan hie. Mar oan 'e aparte manear fan hâlden en dragen fan 'e jonge merkt er dat der wat oan 'e hân is. As Peter de mûle iependocht, komt syn stim Toomes bekend foar, mar hy kin him net rjocht pleatse.
Letter, as er Peter en Liz nei it feest riidt, fertelt Liz dat Peter staazjerûn hat by Stark Enterprises en Spider-Man met hat (wat Peter har earder ferteld hie om yndruk op har te meitsjen). Dan falt foar Toomes alles op syn plak en wit er wêr't er Peter syn stim fan ken. Nei't Liz útstapt is, seit er tsjin Peter dat dy him in aardige jonge taliket en dat Liz him bot lije mei. Dêrom stelt er foar om in streek ûnder it ferline te setten: Toomes lit Peter gewurde en Peter bemuoit him net wer mei Toomes syn saken. Peter wifket wat er dwaan sil, mar hy komt ta de beslissing dat er net de oare kant út sjen kin. Hy lit Liz sitte en giet fia de efterdoar de skoalle wer út. Dêr wurdt er opwachte troch Schultz, dy't troch Toomes warskôge is. Mei de help fan Ned is Peter him lykwols te fluch ôf en lit er him mei spinreach fêstplakt oan in skoalbus efter. Hy bejout him nei Toomes syn pakhûs ta, dêr't er lykwols yn in mûklaach rint. Toomes lit it gebou boppe him ynstoarte en Peter komt fêst te sitten ûnder it pún. Earst skreaut er om help, mar dan beseft er dat er himsels rêde moat, en mei in uterste krêftsynspanning wit er frij te kommen.
Underwilens is Toomes fan doel om dyseldichste jûns syn grutte slach te slaan. Stark en syn rjochterhân Happy Hogan binne alle Avengers-guod oan it ferhúzjen út 'e Avengers Tower yn 'e binnenstêd fan Manhattan nei in nij haadkertier op it plattelân fan 'e steat New York. Dat giet yn in selsfleanend transportfleantúch dêr't net ien oan board is. Toomes wachtet it fleantúch op, hellet it by yn syn Vulture-pak en brûkt syn fazeferskowingstechnology om der yn te kommen. Hy merkt lykwols pas te let dat er in passazjier hat, want Peter hat him yn in selsnaaid Spider-Manpak mei spinreach troch it Vulture-pak op sleeptou nimme litten. Se fjochtsje om it fleantúch hinne, dat dêrby fatale skea oprint en delstoart. Peter soarget derfoar, troch mei syn spinreach de wjukkleppen te manipulearjen, dat de fleanmasine net yn 'e stêd delkomt, mar op it strân by it ferdivedaasjepark Coney Island.