Verona is de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme Verona yn 'e Noarditaaljaanske regio Feneto. De stêd leit eastlik fan Milaan, bewesten Feneesje en west-noardwestlik fan Padûa. Yn 2023 hie de stêd likernôch 255.000 ynwenners.

In soad frachtferfier giet oer Verona troch de geunstige lizzing oan 'e Brennerwei foar Sintraal-Jeropa oer.

Skiednis thumb|left|De Romeinske Porta Borsari. Al yn 'e Romeinske tiid wie de stêd wichtich; mooglik stie hja dêrfoar al ûnder Etruskyske ynfloed. De Romeinen brûkten Verona as útgongspunt foar harren fjildtochten nei it noarden, oer de Alpen. Yn 452 waard de stêd plondere troch de Hunnen ûnder lieding fan Attila. Yn 'e omkriten fan Verona fûn de moeting plak tusken dizze kriichshear en paus Leo I, dy't út namme fan keizer Falentinianus III fierdere plonderings besocht ôf te keapjen. Yn 589 wie der in swiere oerstreaming fan La Cucca; de muonts Paulus Diaconus beskreau dy ramp mei alle needlottige gefolgen dêrfan foar Verona. Op 3 jannewaris 1117 waard de stêd swier troffen troch in ierdskodding, dy't bekend stiet as de ierdskodding fan Verona.

Yn 1239 streamde de stêd op 'e nij oer, wêrnei't hja wer opboud waard.

Under it Hûs Da Scala wreide de stêdsteat har gebiet flink út. Nettsjinsteande dat ferlear Verona yn 1386 tsjin Padua de Slach by Brentelle; de Veroneeske troepen fan Da Scala stiene ûnder lieding fan kaptein-generaal Cortesia Serego. Yn 1387 foel Verona yn 'e hannen fan 'e oarlochsmasine fan 'e machtige hear fan Milaan, Gian Galeazzo Visconti.

Yn 1405 joech Verona har oer oan 'e Republyk Feneesje. Verona bleau iuwenlang ûnder Feneesjaansk bewâld.

De stêd betinkt noch geregeldwei de opstân tsjin 'e Frânske besetter yn 1797. Dy opstân is bekend woarn ûnder de namme Pasque Veronesi, of de Peaske-opstân fan Verona.

Under it Eastenrykske bewâld yn Verona, yn 'e tiid fan it Keninkryk Lombardije-Feneesje yn 'e 19e iuw, waarden yn Verona ferskate militêre gebouwen en ferdigeningswurken boud. Verona hie ommers in sintrale posysje binnen de Eastenrykske ferdigening fan Noard-Itaalje. It buro dat ferantwurdlik wie foar de militêre gebouwen wie it Keizerlik en Keninklik Geny-buro yn Verona.

Toerisme De histoaryske binnenstêd fan Verona stiet sûnt 2000 op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De stêd hat in grut tal monuminten út 'e Romeinske tiid, de Midsiuwen en de Renêssânse en is ek in goed foarbyld fan in histoarysk fersterke stêd.

Arena fan Verona De Arena fan Verona is in goed bewarre Romeinsk amfiteäter oan it Piazza Bra. It waard yn 'e 1e iuw n.Kr. boud en is ien fan 'e grutste en bekendste Romeinske amfiteäters. Tsjintwurdich wurdt it benammen brûkt foar operafoarstellings en oare grutte kulturele eveneminten.

Piazza delle Erbe thumb|left|Piazza delle Erbe. It Piazza delle Erbe is it histoaryske hert fan Verona. It plein leit op it plak fan it eardere Romeinske forum en wurdt omfieme troch histoaryske gebouwen en tuorren. UNESCO neamt it plein, tegearre mei it Piazza dei Signori, as it hert fan 'e histoaryske stêd. De Torre dei Lamberti is in midsiuwske klokketoer fan 84 meter heech oan it Piazza delle Erbe. De bou fan 'e toer begûn yn 1172; letter waard er ferskate kearen ferhege. De toer is ien fan 'e bekendste oriïntaasjepunten fan Verona en biedt útsjoch oer de histoaryske binnenstêd.

Piazza dei Signori It Piazza dei Signori is in midsiuwsk plein dat omklamme wurdt troch wichtige histoaryske gebouwen, wêrûnder it Palazzo del Comune, it Palazzo del Governo en de Loggia del Consiglio. Midden op it plein stiet in stânbyld fan Dante Alighieri.

Arche Scaligere thumb|260px|Arche Scaligere. De Arche Scaligere binne in monumintale groep goatyske grêfmonuminten fan 'e famylje Della Scala, dy't Verona yn 'e 13e en 14e iuw behearske. De grêven hearre ta de meast karakteristike foarbylden fan 'e goatyske arsjitektuer yn Verona.

Casa di Giulietta De Casa di Giulietta, of it Hûs fan Julia, is ferbûn mei de figuer Julia út William Shakespeare syn Romeo en Julia. It gebou hat in ferneamd balkon dat tradisjoneel mei Julia ferbûn wurdt, mar dat út de jierren 1930 datearret. De ferbining mei de histoaryske famylje Capello en Shakespeare syn Julia is lykwols in letter ûntstiene tradysje; de personaazjes Romeo en Julia binne fiktyf.

Castelvecchio en de Ponte Scaligero thumb|left|Castelvecchio en de Ponte Scaligero. De Castelvecchio is in midsiuwsk kastiel dat yn 'e 14e iuw yn opdracht fan 'e famylje Della Scala boud waard. It wie ûnderdiel fan 'e ferdigeningswurken fan 'e stêd. Oan it kastiel is de Ponte Scaligero ferbûn, in machtige midsiuwske brêge oer de Adige.

Ponte Pietra De Ponte Pietra is in histoaryske brêge oer de Adige en hat in Romeinske oarsprong. De brêge waard yn 'e rin fan 'e iuwen ferskate kearen ferneatige en wer opboud en foarmet in wichtige ferbining tusken de âlde binnenstêd en de wyk oan 'e oare kant fan 'e rivier. De brêge heart ta de Romeinske oerbliuwsels dy't UNESCO yn syn beskriuwing fan Verona neamt.

Romeinsk teäter It Romeinske teäter fan Verona waard yn 'e 1e iuw f.Kr. boud oan 'e foet fan 'e heuvel oan 'e eastkant fan 'e Adige. It is ien fan 'e âldste Romeinske gebouwen fan 'e stêd en wurdt noch altyd brûkt foar kulturele foarstellings.

Porta Borsari De Porta Borsari is in goed bewarre Romeinske stedspoarte dy't ûnderdiel wie fan 'e âlde stedsmuorre. De hjoeddeiske poarte datearret út 'e 1e iuw n.Kr. en wie ien fan 'e wichtichste tagongen ta de Romeinske stêd. UNESCO rekkenet de Porta Borsari ta de wichtige oerbliuwsels fan it Romeinske Verona.

Katedraal fan Verona thumb|left|Ynterieur fan 'e katedraal fan Verona. De katedraal fan Verona, de Duomo di Verona, is de wichtichste tsjerke fan 'e stêd. De bou begûn nei de ierdbeving fan 1117. It kompleks befettet ferskate gebouwen en kapellen út ferskillende perioaden en is benammen bekend om syn romaanske en goatyske arsjitektuer.

Basilika fan San Zeno De Basilika fan San Zeno is ien fan 'e wichtichste romaanske tsjerken fan Noard-Itaalje. De hjoeddeiske tsjerke waard foar it grutste part yn 'e 11e en 12e iuw boud. De gevel, de brûnzen doarren en it grutte roasfinster binne bekende foarbylden fan midsiuwske keunst en arsjitektuer.

Castel San Pietro thumb|260px|Castel San Pietro. Castel San Pietro leit op in heuvel oan 'e eastkant fan 'e Adige en biedt in wiid útsjoch oer Verona. Op it plak stiene al yn 'e Aldheid en de Midsiuwen ferdigeningswurken. It hjoeddeiske kompleks is foar in grut part 19e-iuwsk en waard boud ûnder Eastenryksk bewâld.

Museums Museo di Castelvecchio (byldhoukeunst, skilderkeunst en goud- en sulverwurk. Palazzo Maffei (byldhouwurk, skilderijen, glês, keramyk, sulver en ivoar, houtdekoraasjes en easterske keunst) Freskomuseum (mei fresko's út de Renêssânse en de Midsiuwen.) Galleria Aquille Forti (mei keunst út it Italjaansk modernisme) Nasjonaal Archeologysk Museum fan it Romeinske teäter (ien fan 'e âldste noch besteande gebouwen fan Verona) Natuerhistoarysk Museum (mei in grutte kollesje fossilen). Nicolis Museum (in grutte kolleksje auto's, motoren, fytsen) Museum fan it Hûs fan Julia (midsiuwsk paleis yn it sintrum; neffens stedsdokuminten it hûs fan 'e famylje Capulet mei it balkon fan 'e wrâld út Shakespeares komposysje Romeo en Julia).

Ferkear Verona is te berikken oer de E45, de A22 en fanút de rjochting fan Florâns de A4. De stêd hat in lofthaven en it sintrale treinstasjon hjit Verona Porta Nuova.

Ferneamde lju Berne yn Verona Vitruvius (ca. 85 v.Chr.), Romeinsk skriuwer en arsjitekt Catullus (ca. 84 v.Chr.), Romeinsk dichter Guarino da Verona (1370), humanist Andrea Gritti (1455), Doge fan Feneesje Paolo Veronese (1528), keunstskilder Giuseppe Torelli (1658), komponist Evaristo Felice dall'Abaco (1675), komponist en sellist Giuseppe Gazzaniga (1743), komponist Alexander fan Bulgarije (1857), foarst fan Bulgarije Giovanni Calabria (1873), hillige Romano Guardini (1885), pryster, teolooch en filosoof Gigliola Cinquetti (1947), sjongster Ivana Spagna (1954), tekstskriuwster en sjongster Damiano Cunego (1981), hurdfytser

Ferneamde ynwenner Dante Alighieri, dichter

Keppelings om utens Universiteit fan Verona Feitebank mei 4000 fotos fan Verona UNESCO Wrâlderfgoed

Kategory:Gemeente yn Veneto Kategory:Plak yn Veneto Kategory:Wrâlderfgoed yn Itaalje Kategory:Plak stifte yn de 1e iuw f.Kr.