Fear yn 'e Broek is in priis dy't ynsteld is troch de Ried fan de Fryske Beweging. It wurdt útrikt oan minsken of ferieningen oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset.
Winners fan De Fear 2025 - De Hûnekop, makket Frysk en Fryslân populêr by in grut publyk. Hûnekop makket Frysk en Fryslân populêr by grut publyk 2024 - Sake Roodbergen - ynventarisearjen fan Fryske nammen yn de natoer en fersprieding dêrfean yn boekfoarm 2023 - Hindrik van der Meer - it kombinearjen fan muzyk en taal 2022 - Sintrum Frysktalige Berne-Opfang (SFBO) 2021 - Fedde Dijkstra - rjochtbanktolk, strider foar Frysk yn de rjochtseal 2021 - gemeente Achtkarspelen: ynspirearjend taalbelied, lykas en omtinken Frysk foar nije Friezen Plombrief foar taalbelied gemeente Achtkarspelen, 18 maaie 2021 2020 - trije skoallen yn it Hearrenfean foar harren Frysk ûnderwiis 2018 - Arriva, foar de wize hoe't de ferfierder omgiet mei it Frysk 2017 - Bakkerij Nico en Aeltsje de Groot yn Stiens 2015 - stifting Gysbert Japicx (Holckema Stifting) fan it Gysbert Japicxhûs 2014 - 'Skilje', telefoantsjinst fan VrieService BV út Drachten. De tsjinst stipet it Frysk yn de deistige kommunikaasje sà, dat de drompel foar minsken om Frysk te praten weifalt. De Ried fan de Fryske Beweging stelde yn syn dat mei ‘Praat mar Frysk’-advertinsjes, in Frysktalige namme en meartalich personiel dat foar in grut part Frysktalich is, oan klanten dúdlik makke dat se harren eigen taal brûke kinne. Wytboek, fan de FFU, sitearre út: Ljouwerter Krante, 14 maaie 2014 2013 - Ortodontsypraktyk yn Ljouwert 2009 - Berne-iepenloftspul Easterwierrum, dat mei syn opfierings al jierren in wichtige bydrage oan de Fryske kultuer leveret. 2008 - Danijel Dizdarevic dy't him as Bosnyske asylsiker yn in koart skoftke tiid it Frysk en Liwwarders eigen makke hat. Dizdarević hat him as flechte Bosniër yn in koart skoftke tiid de Fryske taal eigen makke. Hy studearre oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert en ferfear letter yn it Gelderske Zaltbommel. By Omrop Fryslân wie Dizdarevic belutsen by boekbesprekkings fan Fryske skriuwers as Greet Andringa en Arjen Terpstra yn programma Lesclup fan Buro De Vries. De lêsclub bestie fierder út Hylke Tromp, Nynke de Jong en Hetty Hafkamp. Eltse lêste snein fan de moanne kaam dizze lêsklup gear yn it radioprogramma Buro de Vries en bespruts Fryske en Nederlânske literatuer. De presintatrise wie Karen Bies. As flechtling fûn hy ûnderdak by in famylje yn Tytsjerk. Dêr learde hy al gau Frysk en Ljouwertersk te praten. 'Dat koe hy er earder as Hollânsk', spruts Jabik van der Bij. ‘As liedingjaande murk er dat as jo Frysk prate jo mear klear krije fan Frysktalige wurknimmers as at jo Hollânsk prate’, sei Van der Bij. Dy loyaliteit oan de nije wenomjouwing en it folslein yntegrearjen yn Fryslân wie yn 2008 foar de Fryske Beweging de reden in Fear yn ’e Broek te stekken. Yn 2013 wie hy te sjen yn it televyzjeprogramma 'Bynt' fan Omrop Fryslân. 2008 - Rick Steur, set him as net-Frysktalige hielendal yn foar in better plak fan it Frysk yn it ûnderwiis, benammen op de skoallen dy't ûnder syn bestjoer steane. (twadde Fear fan 2008). 2007 - Frivius Enerzjy, foar it brûken fan Frysk 2006 - Stifting Aaipop, promoasje Fryske bands en lieten 2005 - Gertjan Verbeek, fuortsetten tradysje 2004 - Bertus Postma, foar in kaart fan Fryslân mei Fryske wettternammen útkomme koe. 2003 - Bernlef, it studinteselskip út Grins, makke de Fryske film 'De Kameleon sjocht yn it waar' 2002 - Broekster Boys, fuotbalclub dy't Frysk korrespondearre mei de KNVB 2001 - Paul Herre, aktive ynset foar it Sealtersk 2000 - Arno Brok, wethâlder fan Ljouwert, oer Fryske lessen foar Ljouwerter wethâlders. 1999 - Oebele Brouwer, befoarderjen fan Frysk yn de rjochtbank 1999 - Cees Bangma, polysjesjef fan Mid-Fryslân, stimulearre it brûken fan it Frysk yn syn korps 1998 - Tineke Netelenbos, die oprop oer Frysk lesjaan 1997 - Cor Jousma, foar it brûken fan Fryske plaknammen 1997 - Wybren Couperus, brûkte in Frysk beropsskrift foar de rjochtbank 1996 - Wio Joustra, redakteur fan de Volkskrant
Kategory:Fryske Beweging Kategory:Fryske kultuerpriis Kategory:Fryske taalpriis Kategory:Fryske ûnderskieding Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1996