Snare is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Katharine Kerr. De titel betsjut: "Strûp", yn 'e sin fan in stik tou of izertried dat men yn it ramt fan 'e jacht útset om in wyld bist te fangen. It boek fertelt it ferhaal fan trije minsklike beskavings op in planeet dy't ek bewenne wurdt troch in wrâldseigen soarte yntelliginte bûtenierdske wêzens. De foarâlden fan 'e minsken rekken yn it ferline strâne op dy planeet en hawwe in systeem opset om harren neiteam en de wrâldseigen befolking útinoar te hâlden mei regels en leagens. Achthûndert jier letter stoart dat systeem yn. Snare is in op himsels steande roman, dy't yn itselde optochte universum spilet as de eardere romans Palace (1996), skreaun troch Kerr en Mark Kreighbaum, en The Eyes of God (1998), skreaun troch Kreighbaum allinnich. Snare waard yn 2003 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Voyager.
Foarwurd De skriuwster, Katharine Kerr, foege in koart foarwurd oan Snare ta, wêryn't se útbringt dat it ferhaal omtrint it jier 4200 spilet. Hja merkt fierders op dat de lêzer foar 't neist gewaarwurde sil dat de talen dy't yn it boek oan 'e oarder komme, Hirl-Onglay, Tekspeak, Vranz en Kazraki, basearre binne op it Ingelsk (twa kear), it Frânsk, resp. it Arabysk, dêr't se ek wier fan ôfstamje. De likenis is dizenich om't der ûnderwilens safolle tiid ferrûn is en libbene talen altyd feroarje. Boppedat hawwe se yn 'e tuskentiid de ynfloed fan ferskate bûtenierdske talen ûndergien. Op deselde wize hawwe ek de religyen dy't yn it ferhaal beskreaun wurde, ntl. de islaam en de Tsjerke fan 'e Iene God, dat in ferraning fan kristendom en joadendom is, troch de tiid hinne feroarings ûndergien. Yn it foarwurd sprekt Kerr har oprjochte hoop út dat hjoeddeistige leauwenden dêr gjin oantsjit oan nimme sille en wiist se derop dat it ferhaal poere fiksje is.
Yndieling Snare is yndield yn trije dielen: Part One: The Faithful ("Diel Ien: De Leauwenden") Part Two: The Lost ("Diel Twa: De Ferdwaalden") Part Three: The Damned ("Diel Trije: De Ferflokten") Boppeneamde yndieling is de iennichste opdieling fan it ferhaal, mei't haadstikken ûntbrekke en de tekst fierders sûnder ûnderbrekking trochrint. De titels fan 'e trije dielen lykje te slaan op 'e Kazrakken en de Stammen (Diel Ien), de Kantonneurs (Diel Twa) en de Chof (Diel Trije). In epilooch, mei as titel The Fourth Prophet ("De Fjirde Profeet"), slút it boek ôf.
Beskriuwing fan 'e planeet Snare De wrâld hat mar ien kontinint, in pangeä of superkontinint, dat yn it westen tsjin 'e destruktive gefolgen fan ekstreem tij beskerme wurdt troch in rige barriêre-eilannen. It superkontinint hat de foarm fan twa hannen mei de fingers rjochtút en byinoar, wêrby't de 'tomme' fan 'e rjochterhân tsjin 'e 'pink' fan 'e lofterhân oan holden wurdt. Yn 'e 'palm' fan beide hannen, fier fan eltse kust ôf, strekke har reuseftige woastinen út, mar eastlik en westlik dêrfan lizze berchtmen, heuvels en flakten, begroeid mei lânseigen fegetaasje dy't fariëarret yn kleur fan fiolet en pears oant maginta.
Yn it noardwesten leit it grutkhanaat Kazrajistan, dat de westlike útein fan 'e noardlike lânmassa beslacht. De ynwenners, de Kazrakken, sprekke Kazraki. It binne fromme oanhingers fan 'e islaam sa't dy harren leard is troch de trije profeten: Mohammed, de stifter fan 'e islaam; mûlla Agvar, dy't de Kazrakken út 'e oerhearsking fan demoanen befrijde en harren nei it nije lân ta fierde; en Kaleel Mahmet, dy't it grutkanaat ynstelde. De manlju meitsje mank de Kazrakken de tsjinst út, wylst froulju net yn tel binne. De Kazrakken leauwe dat se 800 jier lyn yn skippen nei Kazrajistan ta kommen binne fan oer see, fan in oar kontinint yn it westen. Yn Haz Kazrak, de haadstêd, regearret op 't heden grutkhan Gemet. Under syn bewâld rottet Kazrajistan fan binnenút. Hy hat al syn bruorren en healbruorren fermoardzje litten doe't er oan 'e macht kaam, en eltse utering dy't mooglikerwize útlein wurde kin as it tsjinsprekken fan 'e grutkhan leveret de deastraf op nei lange martelings. De geheime plysje fan 'e grutkhan, de Utkarden, binne oeral. De riken fûterje en kleie, wylst it sljochtwei folk ta de biddelstêf brocht wurdt troch de swiere belestings dy't Gemet opleit.
Fier nei it easten, dêr't it lân begjint op te dragen nei de bergen dy't de skieding foarmje mei it woastinige binnenlân fan it kontinint, lizze de Kantonnen (Bredanee, Burgunee, Dordan en Pegaree). Dêr wenje de Kantonneurs, dy't Vranz sprekke en foar it meastepart ateïsten binne, hoewol't in minderheid de Tsjerke fan 'e Iene God foarmet. Manlju en froulju hawwe yn harren kultuer gelikense maatskiplike status. De Kantonneurs binne 800 jier lyn yn dit part fan 'e wrâld arrivearre, en se hâlde út dat se yn 'e mande mei de Kazrakken fan oersee kommen binne om't dat sa fêstlein is yn 'e kêsten fan it Lâningsferdrach. Temûk witte se lykwols dat se eins mei fleanende skippen út 'e romte kommen binne, in oantins dy't oan 'e universiteiten yn Sarla en Kors en Nannes libben holden wurdt. De Kantonneurs hawwe griene planten dy't nearne oars foarkomme en fjouwerpoatige blaffende bisten dy't shens hjitte. Harres is in stjerrende beskaving dy't weromsjocht nei it ferline en de oarspronklike kolonisten ferflokt om't dyselden om ûndúdlike redens safolle kennis mei opsetsin ferneatige hawwe.
Tusken Kazrajistan en de Kantonnen yn strekke har ûnbidich grutte flakten út, dy't it domein binne fan 'e nomadyske Stammen. Dy sprekke Hirl-Onglay en hingje in eigen polyteïstyske religy oan wêrby't seis ûnderskate goaden fereare wurde. De Stammen leauwe dat se sûnt it oanbegjin fan 'e wrâld op 'e flakten libbe hawwe. Hja swalkje om yn groepen fan fyftich oant hûndert minsken, dy't comnees neamd wurde. Tusken sokke comnees besteane gauris fetes, dy't fan generaasje op generaasje oerdroegen en útfochten wurde. De Stammen fokke hynders, dy't it besit fan 'e froulju binne. De kearn fan in comnee wurdt foarme troch in groep froulju dy't allegearre besibbe binne. Manlju wurde achte om, as se folwoeksen wurde, by de comnee wei te gean en har by in oare comnee te jaan. De maatskiplike status fan manlju, dy't ûntliend wurdt oan harren feardichheden as jagers en krigers, is dúdlik leger as dy fan 'e froulju.
Yn 'e heuvels beëasten de Kantonnen en op 'e flakten, middenmank de Stammen, libje de Chof, dy't troch de minsken ChaMeech neamd wurde. Dat binne blauwe oant pearse wêzens twa oant twa en in heale meter lang, mei twa pear skonken en ien pear earms. Har holle is grut, mei twa pupillen ûnderinoar yn elts each. Troch minsken wurde de ChaMeech ornaris as net folle better as bisten beskôge, mar se brûke spearen en hawwe in eigen taal, hoewol't it stimlûd fan 'e manlju te leechtoanich foar it minsklik ear is om te hearren. Se binne oan ien wei troch yn oarloch mei de Kazrakken, dy't har yn 'e tiid fan 'e oprjochting fan it grutkhanaat de súdwestkust ôfnommen hawwe en teffens de eastlike provinsje dy't no Andjaro hjit. Fierder nei it easten ta hawwe se 400 jier lyn it fyfde Kanton, N'Dosha, ûnder de foet rûn en, neffens de Kantonneurs, oan 'e lêste minske ta útmoarde. Sûnt bestiet der in wapene frede tusken de ChaMeech en de Kantonneurs. Op 'e flakten geane de Stammen en de ChaMeech inoar út 'e wei, mar tusken harren hawwe nea swierrichheden bestien.
Ynhâld Diel Ien: De Leauwenden Yn Haz Kazrak arrivearret in tsjoender út 'e Kantonnen, in man dy't Yarl Soutan hjit. Hy hat in brief by him dy't rjochte is oan riedshear Indan Alwazir en kaptein Idres Warkannan. De skriuwer is harren deawaande freon Jezro Khan, in healbroer fan grutkhan Gemet, dy't tsien jier earder, doe't er as ofsier by de kavalery oan 'e grins mei de flakten tsjinne, troch de Utkarden fermoarde wêze soe yn opdracht fan grutkhan Gemet. It docht bliken dat de moardners harren taak ferprutst hawwe. In swierferwûne Jezro flechte de flakten op, dêr't er oantroffen waard troch in comnee. De leden dêrfan fersoargen syn wûnen en ferpleegden him oant er opbettere. Dêrnei naam er de wyk nei de Kantonnen, dêr't er sûnt yn ballingskip libbe hat.
Alwazir en Warkannan spanne gear mei de widdo Nehzaym Wahud en Warkannan syn omkesizzer Arkazo Benjamil en begjinne plannen te meitsjen om Jezro Khan út ballingskip te heljen en yn it stee fan Gemet op 'e troan fan it grutkhanaat te bringen. Dêrfoar lizze se hoeden kontakten mei oare Kazrakyske foaroanlju, ûnder wa de grutgrûnbesitters yn 'e provinsje Andjaro, dy't histoaryske redens hawwe om 'e grutkhan te haatsjen. Ek behelje se Lubahva Shiraz yn harren dwaan, in muzikante oan it hof fan 'e grutkhan, war har âldelju op befel fan Gemet fermoarde binne. Warkannan en sy brûke harren temûke relaasje as dekmantel foar klandestine moetings wêrby't Lubahva de ynformaasje oan him trochjout dy't se as de spionne fan 'e gearspanners yn it paleis opdien hat. Warkannan-en-dy fertsjustermoanje harren aktiviteiten troch te bearen dat Soutan harren in lânkaart brocht hat mei it fynplak fan 'e mytyske branje dy't 'stienkoal' hjit. Se rjochtsje in ûndernimming op om 'e fiktive stienkoalmyn te eksploitearjen.
De Utkarden krije lucht fan 'e gearspanning om't it sa ûngewoan is dat immen út 'e Kantonnen wei alhiel nei Kazrajistan reizget. Ien fan ofsieren fan 'e geheime plysje, Zahir Benumar, hat mei Warkannan yn 'e kavalery oan 'e grins tsjinne. Hy kin de kaptein as in tige from en folslein rjochtskepen man, dy't it nea yn 'e kant sette soe tsjin 'e autoriteiten dy't troch God boppe him pleatst binne. Benumar ûntpraat syn oerhearrigen dêrom it arrestearjen en ûnderwerpen oan martelings fan Warkannan-en-dy. Ynstee wurdt besletten om Benumar derop út te stjoeren nei de Kantonnen om Soutan nei te lûken.
Om't Kazrakken net nei de Kantonnen reizgje, moat dêrfoar in oannimlik ferlechje betocht wurde. Under de falske identiteit fan in kavalery-ofsier dy't Zayn Hassan hjit, giet Benumar nei Blosk ta, in garnizoensplak oan 'e grins dêr't de comnees ienris yn 't jier delkomme om harren oerstallige hynders oan 'e Kazrakken te ferkeapjen. Op basis fan in troch de Utkarden falsifisearre arrestaasjebefel wurdt er dêr troch de autoriteiten oppakt foar de ferlieding fan 'e frou fan in oerhearrige. Hy wurdt ûnearfol ûntslein út it Kazrakske leger en kriget yn it iepenbier de liifstraf fan tweintich swypslaggen. As er neitiid ferrêde fan pine en amper noch oansprekber troch de stêd doarmet, nimt in geasteruter fan 'e Stammen, in froulik sjamaan dy't Ammadin hjit, him mei nei it kamp fan har comnee om him te fersoargjen. Hja wie tsjûge fan 'e liifstraf en rekke ûnder de yndruk fan Zayn syn selsbehearsking doe't de man it nea útskreaude fan pine. De folgjende wiken betteret er stadichoan op. Hy bliuwt by de comnee fan Ammadin, dêr't er meitiid akseptearre wurdt as de tsjinstfeint fan 'e geasteruter.
Fia Lubahva berikt Warkannan-en-dy it nijs dat de Utkarden ûndersyk dogge nei harren groep en dat der in spion útstjoerd is om it spoar fan Soutan werom te folgjen nei de Kantonnen. Se begripe dat se no fluch hannelje moatte, want as de Utkarde spion yn 'e Kantonnen gewaarwurde soe dat Jezro Khan noch libbe, soed er grif war dwaan om dy flater te korrizjearjen en de khan út 'e ljochten te helpen. Warkannan en syn omkesizzer Arkazo sette mei de ûnsympatike Soutan ôf om oer de flakten nei de Kantonnen te reizgjen en de spion foar te wêzen. Se geane yn Andjaro oan by de grutgrûnbesitter Kareem Alvado, dy't in liedende posysje yn 'e provinsje ynnimt en ien fan 'e wichtichste stipers fan 'e gearspanning tsjin grutkhan Gemet is. De soan fan Alvado, Tareev, jout him by it selskip. Fjouweresom sette se ôf oer de flakten.