YnskedeeBûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 151.Bygelyks neamd as "Ynskedee" yn 'e biografy fan Hein F. Faber op Sirkwy (Nederlânsk en offisjeel: Enschede; Nedersaksysk: Eanske) is in stêd en gemeente yn it easten fan de Nederlânske provinsje Oerisel yn de krite Twinte, mei ynwenners (, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 141,47 km². De gemeente Ynskedee wurket gear yn de Regio Twinte en docht mei oan de EUREGIO, it earste regionale oer de grins rinnende gearwurkingsferbân yn Europa.
Plakken thumb|left|200px|Gemeentekaart fan Ynskedee De gemeente Ynskedee bestiet út 1 stêd, fjouwer doarpen en lykfolle buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Ynskedee.
Stêd Doarp Buorskip Ynskedee Boekelo Broekheurne Glanerbrug GoorseveldLonneker Rutbeek Usselo Twekkelo
Skiednis Oant 1935 omfieme de gemeente Ynskedee allinnich de stêd Ynskedee. Doe waard de gemeente Lonneker, dy't de stêd alhiel omkrong, anneksearre nei in flugge yndustriele útwreiding fan Ynskedee dy't yn de 1860-er jierren úteinsette. Yn dy snuorje waarden spoarlinen oanlein en it Twintekanaal groeven.
Yn de 1990-er jierren ûntstiene der plannen en foegje de gemeenten Ynskedee, Hengelo en Borne gear ta ien gemeente Twintestêd. Yn 2000 waard it plan ynlutsen, omreden benammen in yn Hengelo holden referindum útwiisde dat der alhiel gjin draachflak ûnder de pleatslike befolking wie. Yn 2001 waard úteinset mei in yntinsive gearwurking tusken de gemeenten Ynskedee, Hengelo, Borne, Oldenzaal en Almelo as Netwurkstêd Twinte. Dy Netwurkstêd wurket ek nau gear mei Múnster en Osnabrück yn de Stêdetrijehoeke MONT (Múnster, Osnabrück en Netwurkstêd Twinte)
Lizzing thumb|left|200px|Swierwaar oer Ynskedee hinne Ynskedee leit yn de Oeriselske krite Twinte op in pear kilometer fan de Dútsk-Nederlânske grins. De stêd leit suver tsjin de Dútske stêd Gronau oan. Mank mei Gronau en Hengelo en Borne foarmet Ynskedee in agglomeraasje fan 400.000 ynwenners.
Klimaat Ynskedee hat, lykas de rest fan Nederlân in seeklimaat, alhoewol't de winters dêre minder myld binne as de rest fan Nederlân, omreden syn lizzing mear yn it ynlân.
Ferkear en ferfier Loftferkear Oant koartlyn hie Ynskedee in fleanfjild foar boargerlik en militêr gebrûk, Twente Airport. It militêr fleanfjild waard yn 2007 sletten en it boargerlik yn 2008. Yn 2016 iepene it fleanfjild foar sake- en privee- en rekreaasjeflechten.
Treinferkear thumb|It Stasjonsplein mei it Stasjon Ynskedee It Stasjon Ynskedee is in dûbeld einstasjon. Fan it westen ôf is er it einstasjon fan treinen út Hengelo, Swol, Dimter, Stasjon Sutfen, Utert-Sintraal, Skiphol en De Haach-Sintraal. Fan it easten ôf is er it einstasjon mei ferbining út Gronau, Múnster en Dortmund. It ferfier nei Nederlân wurdt oanbean troch de Nederlânske Spoarwegen en dy nei Dútslân troch DB Regio. Der is gjin spoarferbining tusken de twa systemen.
Der binne noch twa stasjons yn Ynskedee en ek it doarp Glanerbrug hat in stasjon: Stasjon Ynskedee Kennispark by Universiteit Twente en fuotbalstadion De Grolsch Veste, dy't in soad troch studinten en fuotbalfans brûkt wurdt. Stasjon Ynskedee De Eschmarke, tsjinnet de Vinex-wyk De Eschmarke. Stasjon Glanerbrug, is it stasjon fan it doarp Glanerbrug, dy't yn de gemeente Ynskedee leit.
Busferkear Ynskedee hat busferbinings mei omlizzende plakken lykas Hengelo, Oldenzaal, Haaksbergen, Neede en Eibergen. De busferbinings wurde fersoarge troch Arriva (foar it grutste part ûnder de namme RRReis).
Dykferkear Om de sintrumwiken is in folsleine ringwei mei in lingte fan 8 km, dy't de singel neamd wurdt. Dy dyk waard tusken 1916 en 1929 oanlein. De measte diken dy't Ynskedee ynrinne binne oansletten op dy ringwei. Ynskedee is oansletten op it rykswegenet troch middel fan de A/N35 en de N18.
Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1325