Cornelia Maria (Corry) Brokken (Breda, 3 desimber 1932 - Laren, 31 maaie 2016) wie in Nederlânsk sjongeres, radio- en telefyzjepresintatrise en juriste (abbekate en dêrnei rjochter). Mei in earste plak op it Eurofyzjesjongfestival fan 1957 wie se de earste Nederlânske artyst dy't dit plak berikte. Ek wûn se twa Edisons, yn 1963 en yn 1995.

Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk radiopresintator Kategory:Dielnimmer oan it Eurofyzjesjongfestival Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk rjochter Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2016