It Eurofyzjesjongfestival (Ingelsk: Eurovision Song Contest, Frânsk: Concours Eurovision de la Chanson) is sûnt 24 maaie 1956 in jierlikse presintaasje en kompetysje fan ferskes en wurdt útstjoerd op telefyzje yn Europa; sûnt 1967 wurdt it festival ek yn lannen bûten Europa útstjoerd. Fierder is it festival op it ynternet te folgjen. It festival hat de namme te tankjen oan it "Eurovision TV Distribution Network", in ûnderdiel fan de Europeeske Radio-uny (EBU). Oan it sjongfestival kin elk aktyf lid fan de EBU meidwaan, wêrtroch't ek guon lannen dy't bûten Europa lizze meidwaan kinne. It giet om lannen yn Noard-Afrika, it Midden-Easten en West-Azië. Sûnt 2015 docht ek Austraalje mei oan it festival hoewol't it gjin lid is fan de EBU.

Skiednis It earste sjongfestival, basearre op it Italiaanske "Festival fan San Remo", wie in geastesbern fan de EBU. It earste festival fûn plak yn 1956, doe't sân lannen meidiene, elk mei twa ferskes. Denemark en Eastenryk waarden diskwalifisearre om't harren oanmelding te let binnenkaam. It Feriene Keninkryk keas derfoar om net mei te dwaan, omdat dêr al it "Festival of British Popular Songs" organisearre waard. Al gau groeide it tal dielnimmende lannen fierder. Yn 1969 wie it de earste en iennige kear dat der meardere lannen tagelyk wûnen: Frankryk, Nederlân, Spanje en it Feriene Keninkryk.

Guon lannen diene yn de rin fan de jierren net mei. Denemark die tusken 1966 en 1978 net mei om't de Deenske omrop it festival in toanbyld fan minne smaak fûn. Yn 1970 lutsen de oare Skandinavyske lannen, Eastenryk en Portugal har foar ien kear werom nei it debâkle fan 1969, doe't der op it festival yn Madrid fjouwer winners wiene.

Fan 1997 ôf gie it sjongfestival fierder mei syn tiid mei. Beslisten hjirfoar de jury's (besteande út in mjuks fan fakminsken en minsken dy 't krekt neat mei de muzykwrâld te krijen hiene) oer de punten, fan no ôf wiene it de minsken thús dy't fia de telefoan, en letter ek fia ynternet, de winner oantsjutte koene.

Yn 2004 wie der op 'e nij in weach fan nije dielnimmers. Om dit mooglik te meitsjen waard de opset yngeand op 'e nij besjoen, tenei soe der in foarronde komme, in pear dagen foar it festival, dêr't de 10 bêste ferskes út trochstjitte soene nei de grutte finale. De lannen dy't it ôfrûne jier by de bêste 10 einige wiene krigen daalks tagong ta de finale. By de edysje fan 2008 waard der foar it earst yn de skiednis twa heale finales hâlden.

Foar de edysje fan 2009 waard der op 'e nij in sjuery ynfierd, dy't foar de helte fan it totale oantal punten meitelle soe (de oare helte bliuwt it resultaat fan it publyk).

Yn 2024 waard de Nederlânske dielnimmer diskwalifisearre fanwegen in ynsidint krekt foar de repetysje fan de finale.

Organisaasje De eare fan it organisearjen fan it Eurofyzjesjongfestival giet nei de winner fan it foargeande jier. Utsûndering dêrop wiene de festivals fan 1957, 1960, 1963, 1972, 1974, 1980 en 2023.

De festivalfinale wurdt heal maaie (mar yn earder jierren ek wol begjin maaie of ein maaie of yn maart of april) op sneontejûn om 21 oere Midden-Europeeske Tiid live útstjoerd. By lannen mei West-Europeeske Tiid is dat dan om 20.00 oere en yn lannen mei East-Europeeske Tiid om 22.00 oere. It festival fan 2012 yn Azerbeidzjan waard troch it lokale tiidsferskil fan 3 oeren mei de Midden-Europeeske tiid dêr yndie útstjoerd op sneintenacht fan 0.00 oere ôf wêrby't de puntetelling en de winner pas fier nei 3 oere pleatslike tiid bekend waarden. De letter ynfierde heale finales starte ek om 21 oere, op tiisdei en tongersdei.

Opset It Eurofyzjesjongfestival bestiet sûnt 2004 út 1 heale en sûnt 2008 2 heale finales, folge troch in finale dêr’t maksimaal 26 lannen oan meidwaan kinne. De iennige útsûndering hjirop wie 2015, doe't Austraalje foar it earst meidie en foar de gelegenheid fuortendaliks yn de finale stie, wêrtroch 't der 27 finalisten wiene. Sûnt 2004 moatte de measte lannen harren earst kwalifisearje út in heale finale. Alle shows moatte live útstjoerd wurde troch de dielnimmende omroppen. Foar elk lân mei ien artyst mei ien liet meidwaan, en treed dat live op yn de shows dêr 't dat lân oan meidocht.

Rigels Tal ferskes Utsein by it earste festival, doe 't mar sân lannen meidiene, tinget per lân ien ferske mei. Fanwegen in groeiend tal potinsjele dielnimmers is sûnt 1993 socht nei ferskate wizen om it tal dielnimmers te beheinen, sadat ek de lannen út it eardere Eastblok, dy't har fan dat jier ôf oanmelden, meidwaan koene sûnder dat it programma te lang waard. In ferske mei net langer duorje as trije minuten.

Utfierjenden It hjoeddeistige reglemint jout oan dat foar in lân maksimaal seis artiesten op it poadium stean meie. Dy moatte uterlik op 31 desimber fan it jier fan it festival minimaal 16 jier âld wêze. Der is gjin restriksje foar wat harren nasjonaliteit oanbelanget, sadat bygelyks de Kanadeeske Céline Dion Switserlân fertsjintwurdigje koe en de fiif winners foar Lúksemboarch gjin fan allen berne binne yn dat lân. Ek foar Monako steane der faaks bûtenlânske artysten op it poadium. Yn de perioade fan 1973 oant en mei 1976 en fan 1999 ôf is it tastien om yn elke willekeurige taal te sjongen. In protte lannen kieze sûnt dy tiid foar it Ingelsk om’t hja fynt dat men yn dy taal it publyk better berikke kin.

Grutte Fiif In oantal lannen komt, ûnôfhinklik fan harren einplak yn de finale fan it foargeande festival, automatysk yn de finale. Dizze lannen hoege dus net oan te treden by ien fan de heale finales.

By de oprjochting fan de saneamde Grutte Fjouwer yn 2000 bestie dy út Frankryk, Dútslân, Spanje en it Feriene Keninkryk. Sy tankje harren garandearre finaleplak oan harren finansjele stipe oan it festival. Yn 2011 waard Itaalje oan dit selskip taheakke, wêrtroch ’t de Grutte Fjouwer, de Grutte Fiif waard.

Sjuery Ynternasjonaal proses De winner fan it festival wurdt bepaald troch it jaan fan punten troch elk dielnimmend lân oan harren tsien favorite ferskes. Elk lân jout de punten ferplichte troch 50% publyk en 50% karkommisjes. De dielnimmers trede hjirta twa kear op, ien kear foar de karkommisjes en ien kear foar de tillefyzje-sjoggers; de karkommisjes beoardielje de dielnimmers in dei earder as de sjoggers, by in spesjale "Sjueryshow". Elke sjogger kin ûnder de tv-útstjoering telefoanysk of fia ynternet op it ferske fan syn of har foarkar stimme.

Dielnimmende lannen meie net op harsels stimme. Ek de karkommisjes meie gjin punten jaan oan harren eigen lân. De krityk dêrop is dat de stimmen fan lytse lannen like swier wage as fan grutte lannen wylst der minder minsken stimd hawwe. Fan 1975 oant en mei 2015 joech elk lân in set fan 1 oant en mei 8, 10 en 12 punten, fan 2016 ôf binne dat twa sets punten. Foar 1975 wiene der ferskate wizen wêrop't de punten ferdield waarden.

Nul punten It komt net faak foar dat in dielnimmend lân sûnder punten bliuwt. As dat wol bart, wurdt dat oantsjut mei de term "nul points". Der hawwe mei-inoar 39 ferskes west dy't gjin punten krigen hawwe. Noarwegen en Eastenryk oerkaam dit beiden fjouwer kear en dy binne dêrmei rekôrhâlders.

Winners It Eurofyzjesjongfestival is sân kear wûn troch Ierlân en Sweden, dy binne dêrmei tegearre rekôrhâlder. Frankryk, Lúksemboarch, Nederlân en it Feriene Keninkryk wûnen elk fiif kear. Fan de lannen dy't al mear as 30 kear meidiene wachtsje Syprus, Malta en Yslân noch altyd op harren earste oerwinning.

De suksesfolste artyst is Johnny Logan. Hy wûn trije ris it sjongfestival foar Ierlân, wêrfan twa kear as sjonger. De tredde oerwinning behelle er as tekstskriuwer. Loreen wûn út namme fan Sweden de edysjes fan 2012 en 2023.

JierWinnend lânArtystFerskeTaalLannenPlak 1956 Lys Assia Refrain Frânsk 7 Lugano 1957 Corry Brokken Net als toen Nederlânsk 10 Frankfurt am Main 1958 André Claveau Dors, mon amour Frânsk 10 Hilfertsom 1959 Teddy Scholten 'n Beetje Nederlânsk 11 Cannes 1960 Jacqueline Boyer Tom Pillibi Frânsk 13 Londen 1961 Jean-Claude Pascal Nous les amoureux Frânsk 16 Cannes 1962 Isabelle Aubret Un premier amour Frânsk 16 Lúksemboarch 1963 Grethe & Jørgen Ingmann Dansevise Deensk 16 Londen 1964 Gigliola Cinquetti Non ho l'età Italjaansk 16 Kopenhagen 1965 France Gall Poupée de cire, poupée de son Frânsk 18 Napels 1966 Udo Jürgens Merci chérie Dútsk 18 Lúksemboarch 1967 Sandie Shaw Puppet on a string Ingelsk 17 Wenen 1968 Massiel La la la Spaansk 17 Londen 1969 Frida BoccaraLenny KuhrSaloméLulu Un jour, un enfant,De troubadour,Vivo cantando,Boom bang-a-bang FrânskNederlânskSpaanskIngelsk 16 Madrid 1970 Dana All kinds of everything Ingelsk 12 Amsterdam 1971 Séverine Un banc, un arbre, une rue Frânsk 18 Dublin 1972 Vicky Leandros Après toi Frânsk 18 Edinburgh 1973 Anne-Marie David Tu te reconnaîtras Frânsk 17 Lúksemboarch 1974 ABBA Waterloo Ingelsk 17 Brighton 1975 Teach-In Dinge-dong Ingelsk 19 Stockholm 1976 Brotherhood of Man Save your kisses for me Ingelsk 18 De Haach 1977 Marie Myriam L'oiseau et l'enfant Frânsk 18 Londen 1978 Izhar Cohen & The Alphabeta A-ba-ni-bi Hebriuwsk 20 Parys 1979 Gali Atari & Milk & Honey Hallelujah Hebriuwsk 19 Jeruzalem 1980 Johnny Logan What's another year Ingelsk 19 De Haach 1981 Bucks Fizz Making your mind up Ingelsk 20 Dublin 1982 Nicole Ein bißchen Frieden Dútsk 18 Harrogate 1983 Corinne Hermès Si la vie est cadeau Frânsk 20 München 1984 Herreys Diggi-loo diggi-ley Sweedsk 19 Lúksemboarch 1985 Bobbysocks La det swinge Noarsk 19 Goateboarch 1986 Sandra Kim J'aime la vie Frânsk 20 Bergen 1987 Johnny Logan Hold me now Ingelsk 22 Brussel 1988 Céline Dion Ne partez pas sans moi Frânsk 21 Dublin 1989 Riva Rock me Servo-Kroätysk 22 Lausanne 1990 Toto Cutugno Insieme: 1992 Italjaansk 22 Zagreb 1991 Carola Fångad av en stormvind Sweedsk 22 Rome 1992 Linda Martin Why me? Ingelsk 23 Malmö 1993 Niamh Kavanagh In your eyes Ingelsk 25 Millstreet 1994 Paul Harrington & Charlie McGettigan Rock 'n' roll kids Ingelsk 25 Dublin 1995 Secret Garden Nocturne Noarsk 23 Dublin 1996 Eimear Quinn The voice Ingelsk 23 Oslo 1997 Katrina & the Waves Love Shine a Light Ingelsk 25 Dublin 1998 Dana International Diva Hebriuwsk 25 Birmingham 1999 Charlotte Nilsson Take me to your heaven Ingelsk 23 Jeruzalem 2000 Olsen Brothers Fly on the wings of love Ingelsk 24 Stockholm 2001 Tanel Padar & Dave Benton & 2XL Everybody Ingelsk 23 Kopenhagen 2002 Marie N I wanna Ingelsk 24 Tallinn 2003 Sertab Erener Everyway that I can Ingelsk 26 Riga 2004 Ruslana Wild dances Ingelsk en Oekraynsk 36 Istanbûl 2005 Elena Paparizou My number one Ingelsk 39 Kiëv 2006 Lordi Hard rock hallelujah Ingelsk 37 Atene 2007 Marija Šerifović Molitva Servysk 42 Helsinki 2008 Ell & Nikki Running scared Ingelsk 43 Düsseldorf 2012 Loreen Euphoria Ingelsk 42 Bakû 2013 Emmelie de Forest Only teardrops Ingelsk 39 Malmö 2014 Conchita Wurst Rise like a phoenix Ingelsk 37 Kopenhagen 2015 Måns Zelmerlöw Heroes Ingelsk 40 Wenen 2016 Jamala 1944 Ingelsk en Krim-Tataarsk 42 Stockholm 2017 Salvador Sobral Amar pelos dois Portugeesk 42 Kiëv 2018 Netta Barzilai Toy Ingelsk 43 Lissabon 2019 Duncan Laurence Arcade Ingelsk 41 Tel Aviv2020 Ofsein fanwegen de koroanapandemy. 2021 Måneskin Zitti e buoni Italjaansk 39 Rotterdam 2022 Kalush Orchestra Stefania Oekraynsk 40 Turyn 2023 Loreen Tattoo Ingelsk 37 Liverpool 2024 Nemo The code Ingelsk 37'' Malmö 2025 JJ Wasted love Ingelsk 37 Basel

Sjoch ek Liet

Kategory:Jierliks telefyzjeprogramma Kategory:Muzykprogramma (telefyzje) Kategory:Frânsktalich telefyzjeprogramma‎ Kategory:Ingelsktalich telefyzjeprogramma‎ Kategory:Eurofyzjesjongfestival Kategory:Yntroduksje út 1956