Perscheid is in plak op 'e Hunsrück yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
It plak is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein.
Toerisme De roomsk-katolike Sint-Albanustsjerke oan 'e Römerstraße is in ienfâldige parochytsjerke út 1831-1843.
It súdwestlike diel fan it doarpsgebiet fan Perscheid wurdt yn beslach nommen troch it natoergebiet Struth, dat mei 871 ha ien fan 'e grutste natoergebieten fan Rynlân-Palts is. Oan 'e súdkant fan it natoergebiet grinzget it 76 ha grutte Tierpark Rheinböllen (oant 2020: Hochwildschutzpark Hunsrück).
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts