Heyweiler is in doarp dat sintraal op 'e Hunsrück yn 'e ferbânsgemeente Kastellaun fan 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts leit. It doarp leit súd fan 'e Baybach en noardlik fan Beltheim yn it beskerme lânskip Moselgebiet von Schweich bis Koblenz.

Oant 17 maart 1974 wie Heyweiler in selstannige gemeente. Sûnt makket Heyweiler diel út fan 'e Ortsgemeinde Beltheim.

Tsjerke thumb|left|Kriichsmonumint. Yn 1557 waard de kalvinistyske reformaasje ynfierd, mar it skaai Walpott, dat it dêr foar it sizzen hie, bleau katolike en dat fersoarsake in grutte religieuze striid yn 'e krite.

Healwei de 18e iuw krige Heyweiler in eigen tsjerke, dy't yn 1914 troch in nije tsjerke ferfongen waard. Ek hjoed-de-dei foarmet it doarp noch in protestantske enklave yn in katolike omjouwing.

Ekonomy Tradisjoneel is Heyweiler in agrarysk doarp. Eartiids wurke elkenien yn 'e lânbou, mar hjoed-de-dei binne der noch mar in pear buorkerijen. Ek it toerisme, dat yn 'e jierren 1970 opgong makke, is hjoed-de-dei ôfnommen, sadat ek it hotel syn doarren slute moast.

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1974