thumb| thumb In Wurdtsjil is in taalpuzel wêrby't wurden foarme wurde út in sirkelfoarmige oardering fan letters, trochstrings mei in ferplichte sintrale letter. Wordwheel Solving tips, www.puzzle-magazine.com Dêrneist befettet it tsjil faak in njoggenletterich anagram, dêr't alle beskikbere letters krekt ien kear yn brûkt wurde. Online Puzzle Competitions: Wheel Words, Lovatts Crossword Puzzles Games & Trivia De puzel is in fêst ûnderdiel fan'e puzelsiden yn ferskate ynternasjonale deiblêden, lykas de Daily Express en The Guardian. The Times publisearret de puzel ûnder de namme "Polygon".

Beskriuwing In standert wurdtsjil bestiet út njoggen letters, dêr't ien letter fan yn'e midden set is (de hub) en de oare acht yn in sirkel dêromhinne. De te foarmjen wurden moatte ornaris út op syn minst trije of fjouwer letters bestean en befetsje faak in njoggenletterich anagram dêr't alle beskikbere letters ien kear yn brûkt wurde.Puzzle Picks of the week, Peter Stirling PA Media, 30 mei 2025

Hoewol't der farianten mei mear of minder letters besteane, bliuwt it doel itselde: safolle mooglik jildige wurden fine dy't foldogge oan de opjûne regels. De puzel hat gjin fêste oplossing; it tal mooglike antwurden hinget ôf fan'e wurdskat fan'e oplosser.

It spul fertoant oerienkomsten mei scrabble, de taartpuzel en ferskate anagrampuzels.

Spulregels De spulregels skriuwe foar dat allinnich wurdboekwurden tastien binne. Eigennammen, ôfkoartingen en argayske wurden wurde trochstrings útsletten. Letters meie allinnich mar meardere kearen brûkt wurde as sy ek echt meardere kearen yn it tsjil foarkomme.

It doel fan'e puzel kin fariearje: soms is it de bedoeling om in minimale skoare te heljen, yn oare gefallen draait it om it finen fan it langste wurd of it ûntdekken fan it njoggenletterige anagram. Wurdtsjillen wurde brûkt as taaltrening, ûnthâldoefening en as foarm fan ferdivedaasje.

Digitale ferzjes Neist de papieren fariant besteane der ferskate digitale útfierings fan it wurdtsjil, dy't populêr binne op mobile apparaten, websiden en puzzelapps. Yn dizze ferzjes wurde spilers faak stipe mei funksjes lykas hints, automatyske wurdkontrôle, puntetelling en ranglisten. Guon platfoarms beleanje it finen fan it saneamde puzzelwurd, it anagram dat alle letters brûkt.Delving into the World of Word Wheels, Birmingham Journal, 11 september 2024

De spulregels kinne op in webside of app ferskille. Op guon platfoarms meie letters net werhelle wurde, wylst oare farianten werhelling of ferdûbeling fan letters wol tastean. Digitale wurdtsjillen wurde oanbean troch puzzelapps, edukative websiden en digitale kranten. Guon apps meitsje gebrûk fan ynternasjonale skoarebuorden dêr't spilers harren resultaten op ferlykje kinne.

Farianten Der binne ûnderskate farianten fan it wurdtsjil, elk mei eigen regels, dreechheidsgraden of tematyske aksinten. In foarm dy't in soad brûkt wurdt, is de miny-fariant, wêrby't it tal letters dy't jûn binne, meastal seis of sân. Dêrtsjinoer stean megapuzels, wêryn't langere wurden mooglik binne en de dreechheidsgraad in stik heger leit.

Dêrneist besteane tematyske wurdtsjillen, dêr't alle jildige wurden binnen in yn't foar bepaald ûnderwerp yn passe moatte, lykas sport, bisten of planten. Digitale ferzjes yntrodusearje faak in tiidslimyt, wêrby't spilers binnen in fêststelde perioade safolle mooglik wurden fine moatte. What are the rules of Wordwheel?, www.wordwheels.uk It wurdtsjil wurdt ek wol yn groepsferbân brûkt. Yn gearwurkingsfarianten losse meardere spilers mei-inoar ien tsjil op, faak yn edukative kontekst. Kompetysjefoarmen litte twa of mear spilers tsjin inoar stride om de heechste skoare, wêrby't puntetelling trochstrings basearre is op wurdlingte.

In bysûndere fariant is it wurdtsjil mei ûntbrekkende letter, besibbe oan de taartpuzel. Dêrby bestiet it tsjil út acht letters sûnder sintrale letter. Troch de ûntbrekkende letter korrekt yn te foljen ûntstiet in achtletterwurd dat mei de klok mei of tsjin de klok yn lêzen wurde kin.

Skiednis thumb|Draaiber wurdtsjil De draaibere wurdtsjillen ('lettertsjillen') fan de Amerikaan William H. Rieff út Philadelphia, Pennsylvania, wurde beskôge as in iere foarrinner fan de moderne wurdtsjilpuzel. Patentverlening Spelling Toy and Puzzle Rieff krige yn 1882 patint op syn ûntwerp en yntrodusearre it dêrnei as spul- en oefenmateriaal foar stavering. It bestie út draaibere kartonnen skiven dêr't bern op boartlike wize wurden mei foarmje koene en sa har staveringsfeardigens oefenje koene.

Elk tsjil befette de letters fan it alfabet, fan A oant en mei Z, yn fêste folchoarder. Troch de skiven te draaien moasten spilers op syn minst twa fjouwerletterwurden tagelyk sichtber meitsje. Wannear't bygelyks it wurd PEAR foarme waard, ferskynde earne oars op'e wizerplaat it wurd LAWN. Hoewol't de opdracht ienfâldich liket, binne der 17.576 mooglike unike posysjes fan de tsjillen, dy't mei-inoar mear as 456.000 kombinaasjes fan fjouwer letters opsmite.Word Wheel Puzzle, YouTube Pas yn de rin fan de tweintichste iuw fûn de moderne wurdtsjilpuzel syn wei nei kranten yn it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten, dêr't it útgroeide ta in fêste puzelrubryk.Wheel: The Definitive 2026 Guide to Solving and Mastering Word Wheels, www.brightoncity.co.uk

Yn it ûnderwiis wurde fysike, draaibere wurdtsjillen noch wol brûkt om jonge bern te stypjen by it werkennen fan klanken en it oefenjen fan stavering. Dêrby befettet de bûtenste ring faak wurdlûdekombinaasjes, wylst de binnenste ring bylûdepatroanen toant. De krekte oarsprong fan de Word Wheelpuzel is net folslein dokumintearre.The Oxford Guide to Word Games – Tony Augarde (1984) It puzzeltype ûntstie nei alle gedachten yn de lette 20e iuw as in fariaasje op besteande wurdpuzels, dêrûnder anagrammen en Scrabble. Fan de jierren 1990 en 2000 ôf ferskynden Word Wheels hieltyd faker yn Britske en Amerikaanske kranten, lykas The Guardian, The Times en The Washington Post. De populariteit naam fierder ta troch de opkomst fan digitale puzelplatfoarms en mobile applikaasjes. Ek Genootschap Onze Taal hie wurdtsjillen op de taalkalinder fan 2025. thumb|Ynfold Wurdrêd It konsept fan Rieff fertoant dúdlike oerienkomsten mei it spul Spelling Bee fan The New York Times, dat yn 2014 yntrodusearre waard. Dit spultsje hantearret lykwols strangere regels en in wiidweidiger puntesysteem. Spelling Bee, The New York Times, 14 maart 2026.

Wurdrêd De namme wurdtsjil past ek by de puzelsoarte 'Wurdrêd' of 'Lettertsjil'. By in wûrdrêd moatte de acht 'speakwurden' begjinne mei de letter dy't foarôf ynfolle is. Elk yn te foljen fiifletterich wurd moat begjinne mei de letter yn'e midden fan it tsjil (de as). De wurden dy't oan'e bûtenkant fan it tsjil steane, begjinne en einigje mei de letters dy't op'e úteinen fan'e speaken pleatst binne. Ek dizze 'felch'wurden besteane út fiif letters en wurde mei de klok mei lêzen.

Kategory:Taalpuzel