De skobde ibis of bûnte ibis (Bostrychia rara) is in fûgel út 'e famylje ibissen en leppelbekken.

Beskriuwing thumb|left|Skobde ibis. De skobde ibis is ibissoarte fan 46 oant 50 sm lang en dêrmei de lytste fûgel fan it skaai Afrikaanske griene ibissen. De fûgel liket op 'e oliifgriene ibis (Bostrychia olivacea), mar is lytser en slanker. Karakteristyk foar de fûgel binne de okerbrune flekken op it boarst en de hals. De kromme snaffel is read en by it each hat er opfallende ljochte flekken. By wyfkes is dat minder dúdlik te sjen.

Fersprieding De fûgel komt yn westlik en sintraal Afrika foar en is útsein yn Gabon en Kongo fierder nearne algemien. It is in monotypyske soarte, dat betsjut dat der gjin ûndersoarten bekend binne.

Gedrach De fûgel is tige skou en libbet yn reinwâlden, altiten tichteby wetter en tichte beplanting en fral yn mûningsgebieten fan rivieren. It iten bestiet út krobben, larven, wjirms, lytse slangen en harren aaien, kikkerts ensfh.

De fûgels bouwe harren relatyf lytse nêsten op in hichte fan 1 oant 6 m yn beammen. Yn 'e regel wurde twa aaien yn 25 oant 28 dagen útbret. Jonge fûgels sitte ynearsten yn donker dûns, dat nei seis dagen feroaret yn in tichter, wyt dûnskleed.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, mar net earnstich genôch om as bedrige te beskôgjen. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list dêrom as 'net bedrige'.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Afrikaanske griene ibis Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda