De list fan grutste gemeenten yn Nederlân befettet de Nederlânske gemeenten mei mear as 100.000 ynwenners. Op 1 jannewaris 2024 wiene der 32 gemeenten mei mear as 100.000 ynwenners.
Beskriuwing De gemeenten lizze ferspraat oer it hiele lân hinne. De provinsje Súd-Hollân hat mei acht de measte. Noard-Hollân folget mei fiif. Noard-Brabân en Gelderlân hawwe beide fjouwer, Oerisel hat der trije, Limboarch en Utert hawwe der beide twa, en Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân hawwe der allegear ien. Seelân is de iennige provinsje mei gjint.
Nederlân hat yn tsjinstelling ta in soad Jeropeeske lannen gjin gemeente mei mea as ien miljoen ynwenners. Amsterdam komt al tichteby. Tradisjoneel wurdt der fan de fjouwer grutte stêden yn 'e Rânestêd yn it westen fan Nederlân, sprutsen. Trije dêrfan, Amsterdam, Rotterdam en De Haach hawwe allegear mear as 500.000 ynwenners. Utert folget mei goed 360.000.
De midgroep bestiet út fjirtjin gemeenten fan 150.000 oant 250.000 ynwenners. Fjouwer dêrfan, Eindhoven, Grins, Tilburch en Almeare hawwe mear as 200.000 ynwenners. Eindhoven en Tilburch hearre ta de Brabânske Stêderige. It waaksen fan Almeare komt benammen troch migraasje fan lju út Amsterdam wei. Gemeenten lykas Grins, Apeldoarn, Arnhim, Nimwegen en Ynskedee lizze yn it Noard- en East-Nederlân. Arnhim en Nimwegen foarmje de Stedsregio Arnhim-Nimwegen, dy't mei-inoar sa'n lytse 750.000 ynwenners hat. Apeldoarn, Dimter en Sutfen oparbeidzje mei-inoar en binne feriene yn 'e Stêdetrijehoeke, dy't mei-inoar goed 447.000 ynwenners hawwe. Mei útsûndering fan Almeare, Apeldoarn, Arnhim, Nimwegen en Ynskedee woeksen dy stêden benammen troch it anneksearjen fan buorgemeenten, lykas Eindhoven yn 1920, Tilburch yn 1997 en Grins yn 2019.
De lêste groep, mei in ynwennertal fan 100.000 oant 150.000 woeks yn de ôfrûne desenniums likegoed ta fjirtjin gemeenten. Ljouwert passearre de grins fan 100.000 yn 2014 doe't de gemeente in part fan de doe ophefte gemeente Boarnsterhim dêrby krige. De lêste gemeente dy't de 100.000 passearre wie de gemeente Dimter yn 2018.
List De ynwennertallen binne de sifers fan it CBS op peildatum . NºNammeProvinsjeYnwenners 120px|border Amsterdam 220px|border Rotterdam 320px|border De Haach 420px|border Utert 520px|border Eindhoven 620px|border Grins 720px|border Almeare 820px|border Tilburch 920px|border Breda 1020px|border Nimwegen 1120px|border Arnhim 1220px|border Apeldoarn 1320px|border Haarlim 1420px|border Haarlimmermar 1520px|border Saanstêd 1620px|border Amersfoart1720px|border Ynskedee 1820px|border De Bosk 1920px|border Swol 2020px|border Zoetermeer 2120px|border Leien 2220px|border Ljouwert 2320px|border Maastricht 2420px|border Ede 2520px|border Doardt 2620px|border Westlân 2720px|border Alfen oan de Ryn 2820px|border Alkmar 2920px|border Emmen 3020px|border Delft 3120px|border Dimter 3220px|border Fenlo
Belied De Ryksoerheid hat in Gruttestêdebelied dêr't 44 gemeenten yn gearwurkje. It sette útein as de G4, de fjouwer grutste gemeenten, dochs waard stadichoan útwreide mei ta de 44 grutste gemeenten.
Sjoch ek Gemeenten fan Nederlân List fan Nederlânske gemeenten Gruttestêdebelied
Kategory:Gemeente yn Nederlân