De kylsturtpappegaaido (Treron sphenurus) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Beskriuwing thumb|left|Kilesturtpappegaaido. De kylsturtpappegaaido is in 30 oant 35 sm lang griene do mei in karakteristike lange en kilefoarmige sturt. Yn ferliking mei oare pappegaaidowen yn 'e regio hat er nochal ûndúdlike giele rânen op 'e wjukdekfearren en tertials. De sturt en de romp binne donkergrien. It mantsje hat in readbrún plak oan 'e boppekant, mar minder grut as by de pappegaaidowen fan 'e pompadour-soartegroep. Ek hat er wat oranje op 'e krún en it boarst. It wyfke hat in effen griene kop.

Fûgels yn Fjetnam en it skiereilân Malakka binne wat lytser en donkerder. By de mantsjes ha se gjin of minder oranje op it boarst en is it readbrune plak oan 'e boppekant beheind ta de skouders.

De fûgel is it meast besibbe oan 'e wytbúkpappegaaido (T. sieboldii) en de Formosapappegaaido (T. formosae).

Foarkommen Kylsturtpappegaaidowen libje yn 'e grienbliuwende leafbosken en boskrânen, mei fral de ikebeam, de iperenbeam, de laurier en de rododendron. Yn Súdeast-Aazje wurdt er op in hichte tusken 770 en 2.565 meter sjoen.

Gedrach It nêst wurdt yn in beam boud op sa'n seis oant tolve meter boppe de grûn. It lechsel bestiet út twa aaien. De fûgel is foar it measte in stânfûgel. Winterdeis wolle de fûgels yn it noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet noch wol trekke. Hy yt ferskillende soarten fruit en beien, wêrûnder figen en moerbieien.

Undersoarten thumb|250px|Treron sphenurus sphenurus yn Nepal. De kylsturtpappegaaido is yn trije ûndersoarten te ferdielen: Treron sphenurus sphenurus – komt foar yn berchstreken fan Kasjmier oant súdwest Sina, Myanmar, noardlik Tailân en Laos. Treron sphenurus robinsoni – komt foar yn 'e berchstreken fan it skiereilân Malakka en sintraal Fjetnam. Treron sphenurus korthalsi – komt foar yn it heechberchtme fan Sumatra, Java, Baly en Lombok.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje. Oannommen wurdt dat de fûgel yn oantal ôfnimt, mar gjin lêst hat fan in substansjele bedriging en dêrom wurdt de fûgel troch de IUCN as net-bedrige (Least Concern) kategorisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pappegaaido Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân