Kees (Cees) Jongsma (Skoatter Uterdiken, 22 april 1921 – It Hearrenfean, 21 maart 1996) wie in Fryske boer, politikus en folksdichter.
Polityk Jongsma buorke fan 1952 ôf op de Koaipleats ûnder Bantegea. Sûnt 1958 wie er lid fan de PvdA-fraksje yn de ried fan Lemsterlân, dêr’t er ek wethâlder wie. Fierder beklaaide er funksjes yn ferskate agraryske organisaasjes. Yn 1986 stapte er út de polityk.
Dichter en boer Yn de earste oarlochsjierren publisearre hy syn gedichten yn de Zuid-Friesland en it wykblêd Sljucht en Rjucht. Syn ûnderwerpen socht er yn it boerebestean en de natoer. Sa binne der fersen oer aaisykjen, hurdriderij en beroppen lykas de melkster en de wilsterflapper. Ek beskreau er âlde gebrûken lykas it 'Sinterklaasrinnen'.Histoarje fan Fryslân tusken Tsjûkemar en Tsjonger, www.spanvis.com Begjin santiger jierren publisearre er yn Bolwerk, it orgaan fan it Instituut voor Landbouwcoöperatie in Friesland. Ek ferskynden syn fersen yn it literêre blêd De Oesdrip fan it Skriuwersboun.
Yn 2005 waard der by in útwreidingsplan yn Bantegea in tinkteken oan him ûntbleate.
Bibliografy Boer en Dichter (1946, útj. Torenlaan te Assen) Under it ûleboerd (1949, útj. Torenlaan te Assen Milieu (1976)
Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Persoan berne yn Skoatter Uterdiken Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1921 Kategory:Persoan stoarn yn 1996