De gielbúkpappegaaido of Waaliado (Treron waalia) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Status De gielbúkpappegaaidowen hawwe in grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't it oantal tebekrint troch biotoopferlies, wurdt de soarte as net-bedrige op 'e Reade list fan IUCN klassifisearre.
Beskriuwing thumb|left|Gielbúkpappegaaido. Gielbúkpappegaaidowen binne 31 oant 32 sm lang en wege 251 oant 268 gram. De fûgel is oan 'e boppekant oliifgrien, op 'e búk heldergiel. De kop, hals en it boarst binne ljocht griisgrien. De skouders binne wynread, de poarten giel. De iris fan 'e fûgel is read en hat in ljochtblauwe eachring.
Wyfkes binne wat kleur oanbelanget itselde as mantsjes, mar wat bleker. Se binne in bytsje lytser.
Iten Gielbúkdowen ite beien, mar fral figen. Wylst oare fruitdowen yn it wyld net altiten de foarkar ha foar ien fruchtsoarte, kieze gielbúkpappegaaidowen hast altiten foar de fruchten fan 'e figebeam Ficus platyphylla, dy't likernôch 18 m heech wurde kin.
Fersprieding It fesprieidingsgebiet fan 'e fûgels leit fan Senegal yn in brede bân nei East-Afrika oant it Arabyske skiereilân (Saûdi-Araabje, Jemen en Oman). In populaasje yn Kûweit is hjoed-de-dei útstoarn. De soarte komt foar yn in biotoop mei hege beammen yn 'e buert fan wetter oant in hichte fan 2400 m.
Undersoarten T. w. jubaensis Benson, 1942 – Beneamd nei de Somalyske rivier Juba. Fersprieding: Somaalje.
Status De fûgel nimt yn oantal stadichoan ôf, mar hat noch in grut ferspriedingsgebiet en dêrom wurdt de gielbúkpappegaaido op 'e Reade list fan 'e IUCN as net-bedrige klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pappegaaido Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda