It blaudoke (Columba oenas) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e dofûgels (Columbidae). It blaudoke is by ús in stânfûgel.
Beskriuwing It blaudoke is 28 oant 32 sm lang en hat in spanwiidte fan 60 oant 66 sm. Mantsjes wege likernôch 300 gram en wyfkes likernôch 270 gram. Se ha in blaugriis fearrekleed, de nekke en de hals is oan wjerskanten irisearjend grien. It boarst is blaupears. De wjukken hawwe in swarte râne. De eagjes binne swart. Mantsjes en wyfkes hawwe deselde kleuren.
Iten It iten bestiet út sied, nôt, beien, ikels, dielen fan planten ensafuorthinne.
Fuortplanting thumb|left|Pearke blaudokes. De fûgel briedt fan maart oant septimber. De balts begjint mei bûgingen en it pearen folget op it koezjen mei snaffels en troch inoar de fearkes ploaie. It wyfke leit twa wite aaien yn in beamholte, meast âlde nêsten fan spjochten. Nêstkasten wurde lykwols ek brûkt. De briedtiid duorret likernôch 16 dagen.
Fersprieding Blaudokes binne yn it westen en it suden fan Europa stânfûgels en yn in grut diel fan it ferspriedingsgebiet yn East-Europa en Aazje simmerfûgels.
De fûgel komt yn Nederlân algemien foar en libbet fral op sângrûn yn in lytsskealich lânskip mei ikkerbou. Blaudokes hawwe har goed oan 'e feroarings yn it agraryske kultuerlânskip oanpast en wisten sûnt de jierren 1980 harren fersprieding oer hiel Nederlân út te wreidzjen.
It tal briedpearkes yn Nederlân wurdt op 54.000 oant 67.000 rûsd. Winterdeis is it oantal troch wintergasten út Skandinaavje en Dútslân heger en wurdt it oantal op 100.000 oant 200.000 rûsd. De heechste oantallen blaudokes binne yn it easten fan Oerisel, Gelderlân, Noard-Brabân en it noarden fan Limburch te finen. Yn Fryslân is in hege konsintraasje tusken De Lemmer en Wolvegea.
Undersoarten Blaudokes kinne yn twa ûndersoarten ûnderferdield wurde:Gill, F, D Donsker & P Rasmussen (Eds). 2022. IOC World Bird List (v12.2). Argivearre oproppen 30 july 2024. C. o. oenas: fan westlik Europa en noardwestlik Afrika oant noardlik Kazachstan, súdwestlik Sibearje en noardlik Iran. C. o. yarkandensis: fan súdeastlik Kazachstan en Oezbekistan oant westlik Sina.
Status De wrâldpopulaasje wurdt op 1.400.000-2.600.000 folwoeksen fûgels rûsd. De populaasje liket te groeien en wurdt op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.Birdlife, oproppen 15 april 2024.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hôfdo Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan