De hôfdo (Columba palumbus), ek houtdo , wâlddo of houdo, is de grutste dowesoarte fan West-Europa. Hôfdowen binne yn ús kontreien stânfûgels, fûgels út it eastlike en noardlike ferspriedingsgebiet oerwinterje fakentiden yn West-Europa en Súdwest-Europa.
Op de fûgel wurdt in hiel soad jage. Neffens Animal Rights wurde allinne yn Nederlân alle jierren tusken de 45.000 en 58.000 hôfdowen sketten (sifers 2017-2019). De hôfdo stiet dêrmei op it tredde plak fan 'e meast bejage bisten yn Nederlân.Animal Rights, oproppen 15 april 2024.
Beskriuwing Hôfdowen binne 41 oant 45 sm, wege 275 oant 700 gram en ha in spanwiidte fan 68 oant 77 sm. Se ha in blaugrize kop. It boppebealchje is laaigriis en fierder rjochting de sturt blaugriis. It boarst is griisrôze en wurdt nei de búk ta ljochter oant by de sturt hiel ljochtgriis. De fûgel is op ôfstân goed te ûnderskieden fan oare dowesoarten troch de wite bân op 'e wjukken, de kleuren yn 'e nekke en de giele iris.Fûgelbeskerming, 15 april 2024
thumb|left|Kop fan 'e hôfdo. Oan 'e sydkanten fan 'e nekke en de achterkant fan 'e nekke is in griene metaaleftige glinsterjend bân fan boppe, dêrûnder is allinne oan 'e sydkanten fan 'e nekke in wite flek en dêr wer ûnder is in glânzgjende pearse bân. De opfallende bân op 'e boppewjuk ûntstiet mei't de grutte dekfearren folslein wyt binne. De slachpinnen binne donkergriis, de bûtenflaggen fan 'e earste oant de njoggende slachpin hawwe in smelle, wite seame dy't by de tsiende slachpin minder skerp is. De stjoerpinnen binne boppe blaugriis, dan folget in diffuse, ljochtgrize bân en oan it ein in brede donkergrize bân. De koarte snaffel is read by de basis en wurdt dêrnei giel. De houtdo hat koarte, rôze poaten.
Fersprieding De hôfdo libbet fan Europa oant yn it uterste noarden fan Afrika en rjochting Aazje dêr't it ferspriedingsgebiet dan jimmeroan lokaler wurdt. Yn gebieten sûnder genôch beammen komt de fûgel net in soad foar.
Eartiids wie de hôfdo in skouwe boskfûgel (dêrfandinne ek de namme wâlddo) en yn dielen fan syn ferspriedingsgebiet is dat noch jimmeroan sa. Hjoed-de-dei is de fûgel ek in kultuerfolger woarn, dy't hieltiten mear yn stêden en parken libbet, wylst de fûgel yn 'e bosken efterút gie. De hôfdo komt yn hiel Nederlân foar, mar de heechste konsintraasjes fan hôfdowen yn Nederlân binne te finen yn it easten en it suden fan it lân en de kuststreken. It tal briedpearkes yn Nederlân wurdt op 290.000 oant 580.000 rûsd (2018-2020). Winterdeis wurdt it oantal op 1.000.0000 oant 2.000.000 rûsd.Sovon, oproppen 15 april 2024Fûgelbeskerming, oproppen 15 april 2024.
Winterdeis oerwinterje grutte groepen houtdowen út Noard- en East-Europa yn ús kontreien.
Iten thumb|left|Foerazjearje dowen. Hôfdowen skarrelje op 'e grûn it iten by inoar. Se ite fral sied en beien. Yn stêden ite se fan 'e strjitte ek itersresten dy't minsken falle litten ha.
Nêst thumb|260px|Nêst mei aaien. De balts fan 'e hôfdo begjint yn maart of april, yn 'e populaasjes fan 'e stêden fakentiden al folle earder. Troch it lange briedseizoen binne baltsende hôfdowen oant yn septimber noch in soad te sjen. De flecht fan 'e balts fan it mantsje giet fan 20 oant 30 meter steil omheech, dan klapt it mantsje ferskillende kearen lûd mei de wjukken, wêrnei't er gliidzjend mei horizontaal útsprate wjukken en in brede sturt wer delkomt. Dy baltsflecht wurdt fakentiden twa- oant fiif kear werhelle yn in grutte bôge troch it territoarium. By tige lytse territoaria giet de baltsflecht ek oer de grinzen fan it eigen territoarium hinne.
De nêsten binne faak sleau en suterich en stellen somtiden net mear foar as wat twiichjes. Somtiden kin der dwers troch in nêst hinne sjoen wurde, sadat de aaien fan ûnder te sjen binne. It mantsje draacht it materiaal oan, dat it wyfke wat te plak leit. Nêsten wurden fakentiden op 'e nij brûkt. It komt faak ta twa lechsels fan twa wite aaien yn't jier. thumb|left|Jonge houtdowen. De briedtiid duorret 16 oant 17 dagen. Jonge fûgels kinne nei 35 dagen fleane. As de jongen krekt útkommen binne, bestiet it iten foar it meast út molke út it krop. It oandiel fan plantaardich iten nimt fuortendaliks mei it âlder wurden fan 'e jonge fûgels ta. thumb|260px|It fuorjen fan in jonge fûgel. Ut Ingelsk ûnderysk hat it bliken dien dat de earste lechsels foar in grut part ferlern gean. Mei't de âlders dan faak noch lang sykje moatte om iten en it nêst sûnder tafersjoch efter litte, kinne kriefûgels de nêsten plonderje. Mar meast is it ferlies oan brek oan iten en min waar te witen.
Mortaliteit De measte hôfdowen stjerre al yn it earste libbensjier. Berekkeningen yn Grut-Brittanje en Nederlân wize in mortaliteit fan 46 oant 70% út en dy fan folwoeksen fûgels tusken de 35 en 46%. Njonken natuerlike fijannen en syktes, kinne strange winters ek oan grutte ferliezen bydrage. De belangrykste oarsaak is lykwols yn grutte dielen fan Europa de sterke bejaging fan 'e fûgel.
Fijannen Njonken de minsken foarmje hauken in grut gefaar foar de houtdo. Minder faak fergripe oare rôffûgels lykas Noardske falken en sparwers harren oan 'e soarte. Mûzebiters fange hôfdowen mar selden. Fan 'e Midden-Europeeske ûlen binne oehoe's in duchtige fijân fan 'e houtdo.
Undersoarten Hôfdowen besteane út fiif ûndersoarten. Ien dêrfan is útstoarn.Gill, F, D Donsker & P Rasmussen (Eds). 2022. IOC World Bird List (v12.2). Argivearre oproppen 15 april 2024. thumb|260px|Columba palumbus azorica C. p. palumbus: fan Europa oant it west fan Sibearje, it noardwesten fan Afrika en Irak. C. p. azorica: de eastlike en sintrale Azoaren. C. p. iranica: fan súdwestlik en noardlik Iran oant súdwestlik Turkmenistan. C. p. casiotis: fan súdeastlik Iran oant Kazachstan en westlik Sina, noardwestlik Yndia en Nepal. † C. p. maderensis: Madeira.
Status De hôfdo is in talrike briedfûgel yn Europa. BirdLife International rûsd de wrâldpopulaasje op 40 oant 70 miljoen fûgels en de Europeeske populaasje op 18 oant 34 miljoen. Tusken 1970 en 1990 wie de Europeeske populaasje stabyl, dêrnei folge in lichte taname.
De houtdo wurdt neffens de Reade list fan 'e IUCN net bedrige.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hôfdo Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn de Azoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje