The Revenant is in Amerikaanske iere western en aventoerefilm út 2015 ûnder rezjy fan Alejandro González Iñárritu, mei yn 'e haadrollen Leonardo DiCaprio en Tom Hardy. De titel betsjut "De Skym" of "De Geast". De film is foar in diel basearre op 'e roman mei deselde namme út 2002 oer it wierbarde ferhaal fan 'e Amerikaanske frontiersman Hugh Glass út 1823. It is ek in remake fan 'e film Man in the Wilderness út 1971. De plot folget Glass, dy't as gids in groep pelsjagers troch de Dakota's liedt. As er troch in oanfal fan in grizzlybear swierferwûne rekket, beslute syn reisgenoaten him efter te litten. Ien fan harren, in John Fitzgerald, fermoardet syn soan Hawk foar syn eagen. Troch poere wilskrêft klaut de foar dea efterlitten Glass fan syn stjerbêd en set útein mei in lange efterfolging om wraak te nimmen. The Revenant krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't der wat krityk wie op 'e spyldoer fan 156 minuten. Yn 'e bioskopen wie de film ek in grut kommersjeel súkses. The Revenant wûn trije Oscars, trije Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm), fiif BAFTA's, in Screen Actors Guild Award, in Satellite Award en gâns oare prizen.
Plot Ein 1823 tsjocht in groep fan likernôch fyftich pelsjagers ûnder lieding fan kaptein Andrew Henry troch it gebiet dat hjoed de dei de Dakota's foarmet. Se wurde laat troch de gids Hugh Glass, dy't it gebiet ken as syn eigen broeksbûse. Wylst Glass en syn healbloed-Yndiaanske soan Hawk op jacht binne, wurdt it kamp fan 'e pelsjagers oanfallen troch in kliber Arikara-krigers oanfierd troch it opperhaad Wapityhûn (Elk Dog), waans dochter Powaqa troch blanken ûntfierd is. In oare groep pelsjagers, Frânsk-Kanadeeske coureurs des bois ûnder lieding fan in Toussaint, hawwe him wiismakke dat de Amerikanen dêrfoar ferantwurdlik binne. By de oanfal fine sa'n fjirtich pelsjagers de dea. Mar in stik as njoggen witte yn in boat te ûntkommen, de rivier de Missouri op.
Glass bepraat kaptein Henry om in ein fierderop de boat efter te litten en de djoere pelzen te bedobjen, sadat se se fierder te foet troch de wyldernis nei Fort Kiowa gean kinne. Neffens him is dat de iennichste manear om oan 'e Arikara te ûntkommen, mei't hynsteridende Yndianen yn it foardiel binne as se in boat neisitte dy't de bochten en slingers fan 'e rivier folgje moat. De pelsjagers lizze har protteljend en foeterjend by it beslút del, fral de rasistyske John Fitzgerald, dy't dochs al in grouwéligen hekel oan Glass hat omreden fan syn healbloedsoan. Wylst er op ferkenning út is, komt Glass by fersin in grizzlybear oer it mad. Om't it in bearinne mei jongen is, falt dy him oan. Glass ferdigenet him mei syn musket en syn jachtmês, wat úteinlings de dea fan 'e bear wurdt, mar net foar't dy Glass sa slim ferwûne hat dat er de dea it neist is.
Nei't se Glass inkele dagen op in provisoaryske brankaar meitôge hawwe, beslute de pelsjagers dat se sa net trochgean kinne, om't se sa stadich foarútkomme dat de Arikara wol rûntsjes om harren hinne ride kinne. Fitzgerald oppenearret dat Glass syn ferwûnings doch net oerlibje sil, dat it is net mear as genede om him út syn lijen te ferlossen. Glass kin himsels dêr net tsjin ferwarre, want de bearinne hat him in klau oer de kiel helle, sadat er it fermogen om te praten tydlik kwytrekke is. Hawk en in oare jonge pelsjager, Jim Bridger, kantsje har tsjin it foarstel fan Fitzgerald oan, mar kaptein Henry lit him beprate. Hy kin himsels der lykwols net ta bringe om Glass in kûgel troch de holle te jeien, en hy wegeret om dat troch in oar dwaan te litten om't it syn ferantwurdlikheid is. Ynstee betinkt er wat oars: hy biedt oan om frijwilligers te beteljen dy't by Glass bliuwe wolle oant de man oan syn wûnen beswykt. Hawk en Bridger biede fuort oan om it fergees te dwaan, en Fitzgerald beslút it jild oan te nimmen om it ferlies fan syn efterlitten pelzen goed te meitsjen.
Nei't kaptein Henry en de oaren ôfset binne, bliuwe de trije mannen inkele dagen by Glass. Wannear't Hawk op jacht is en Bridger om wetter, besiket Fitzgerald wat feart efter it spul te setten troch Glass te smoaren. Hy wurdt lykwols tsjinkeard troch de hommels weromkearende Hawk, dy't om help oan Bridger begjint te roppen. Om him stil te krijen lûkt Fitzgerald syn jachtmês en stekt de jonge foar de eagen fan syn helpleaze heit dea.
Neitiid ferberget er it lyk en beart er tsjin Bridger dat Hawk nea weromkommen is fan 'e jacht. De oare moarns ier makket Fitzgerald Bridger wiis dat er in groep Arikara-krigers yn 'e neite fan it kamp gewaarwurden is. Dat se moatte sjen dat se fuortkomme as se it faaie libben derôf rêde wolle, ek al betsjut dat dat se Glass efterlitte moatte. Bridger wol dêr earst neat fan witte, mar Fitzgerald wit him sa bang te praten, dat er Glass úteinlings heal begroeven yn it ûndjippe grêf efterlit dat Fitzgerald de foargeande dagen dobbe hat. Ear't er ôfset, jout de mei skuldgefoelens wrakseljende Bridger syn fjildflesse oan Glass, dêr't er in opfallend spiraalsymboal yn gravearre hie.
In dei as wat nei't se Glass efterlitten hawwe, begjint Bridger twifels te krijen oer de ferhalen fan Fitzgerald, mei't de man fertize rekket yn syn eigen leagens. Nei in heechoprinnende konfrontaasje jout Fitzgerald ta dat er hielendal gjin Arikara yn 'e neite fan harren kamp sjoen hie, en dat er dat mar sei om't it him ynbaarnde dat se safolle tiid ferdiene trochdat de koppige Glass mar net stjerre woe. Hy kin Bridger mei wurden wol oer en wit it sa te draaien dat Bridger de haadskuldige is. Mei in ûnoangename ûnderlinge ferhâlding reizgje de beide mannen fierder. As se lang om let te Fort Kiowa arrivearje, fertelt Fitzgerald oan kaptein Henry dat Glass stoarn en Hawk ferdwûn is. Om foar te kommen dat Bridger harren geheim útbringe sil, seit er dat hysels Glass foar de wylde bisten lizze litte woe, mar dat Bridger derop stie om him in kristlike begraffenis te jaan, wat se doe dien hawwe. Bridger wurdt dan priizge troch de kaptein, wat it foar him psychologysk ûnmooglik makket om 'e wierheid op te bychtsjen.
Underwilens klaut de foar dea efterlitten Glass himsels in wei út syn grêf. Nei't er it lyk fan syn soan fûn hat en ôfskie nommen hat, set er krûpendeweis útein mei de efterfolging fan Fitzgerald. Mei fjoer en de ynhâld fan syn krûdhoarn wit er op primitive wize de wûnen yn syn kiel ticht te skroeien. As er finzen nommen driget te wurden troch Wapityhûn en syn Arikara, lit er him yn in rivier meislepe troch streamfersnellings en oer in wetterfal hinne. As er wer út 'e rivier klaud is, sjocht er in ridel wolven in bizon oerweldigjen en oanfretten. Hy ferhongeret suver, mar doar der net by yn 'e buert te kommen. De oare moarns hat in ienlike Yndiaanske kriger de wolven mei fjoer by it kadaver fan 'e bizon ferdreaun. Glass biddelet om wat fleis en de Yndiaan kriget begrutsjen mei him en lit him mei-ite. Hy blykt Hikuc te wêzen, in Pâny (Pawnee) waans doarp útmoarde is troch de Arikara. Hy soe wol om wraak út wolle, seit er, mar "wraak is yn 'e hân fan 'e Skepper". As bliken docht dat Glass syn frou silger ek in Pâny wie, nûget Hikuc him út om mei him te reizgjen.
Tegearre tsjogge se op it hynder fan Hikuc troch de wyldernis. De wûnen fan 'e klauwen en tosken fan 'e bear op it skouder en de rêch fan Glass reitsje ûntstutsen, dat yn in stoarm rûgelet er fan it hynder ôf. Hikuc spandearret in protte tiid en muoite om in primitive swithutte foar him te bouwen, dêr't er syn koarts yn útswitte kin. Wylst er yn 'e swithutte leit, hallusinearret Glass oer syn deade frou. Inkele dagen letter sakket de koarts en komt Glass mei genêzende wûnen út 'e hutte foar it ljocht. Hikuc is blykber sûnder him fierder reizge, dat hy ferfettet syn tocht wer rinnende.
In ein fierderop fynt Glass Hikuc werom, dy't troch de Frânsk-Kanadeeske pelsjagers fan Toussaint lyncht is troch him op te hingjen oan in beam. Glass beslút it hynder fan Hikuc fan 'e pelsjagers werom te stellen en wachtet oant it tsjuster wurdt. It docht bliken dat Toussaint-en-dy sels efter de ûntfiering fan Powaqa sitte, dêr't se de Amerikaanske pelsjagers de skuld fan op 'e lea skood hiene. Yn 'e jûnsskimer sjocht Glass hoe't Toussaint Powaqa meinimt út it kamp om har (op 'e nij) te ferkrêftsjen. Hy beslúpt de pelsjager fan efteren en ûntstelt him syn pistoalen. Dêrnei oermasteret er him en jout er Powaqa syn jachtmês. Hy besiket it hynder fan Hikuc op te heljen sadat se tegearre útnaaie kinne, mar Powaqa brûkt it mês om Toussaint te kastrearjen en op eigen manneboet út te piken. Yn 'e opskuor dy't dêrtroch ûntstiet, wit Glass ferskaten fan 'e pelsjagers dea te sjitten en op it hynder te ûntkommen. Om efterfolging foar te kommen, jaget er dêrby ek alle oare hynders op 'e rin. Syn fjildflesse mei de spiraal dy't Bridger deryn gravearre hie, ferliest Glass lykwols yn alle drokte.
De oare deis komme Wapityhûn en syn krigers, dy't net witte dat Glass Powaqa holpen hat, him moarns ier oer it mad. Glass ûntkomt op it hynder fan Hikuc, mar moat syn mantel efterlitte. De Arikara driuwe him oer de râne fan in heech klif. It hynder falt te pletter, mar de fal fan Glass wurdt brutsen troch de tûken fan in nullebeam. Hy rekket bewusteleas, en as er wer by besleur komt, is er alhiel ferklomme. Om yn libben te bliuwen, snijt er it kadaver fan it hynder iepen, hellet it yngewant derút en klimt der sels yn, sadat er de kâlde nacht oerlibbet troch de lichemswaarmte fan it bist.
De oerbleaune leden fan 'e groep Frânsk-Kanadeeske pelsjagers, dy't no ek rinnende de beskaving sjen moatte te berikken, fergiet it minder as Glass. Uteinlings wit de lêste oerlibbene fan it hiele espel Fort Kiowa te berikken, dêr't er fertelt dat de swierrichheden fan syn groep begûnen doe't se oanfallen waarden troch in wyldeman. Hy lit de fjildflesse sjen dy't Glass by it kamp fan 'e pelsjagers ferlern is, en dy kenne Bridger en Fitzgerald daliks werom. Bridger ornearret dat it Hawk wêze moat, dy't dochs noch libbet, en Fitzgerald seit dat dat skoan sa wêze kin. Hy wit lykwols dat Hawk dea is en dat dit dus betsjutte moat dat Glass syn ferwûnings tsjin alle ferwachting yn oerlibbe hat en efter him oankomt om wraak te nimmen. Kaptein Henry organisearret in syktocht nei Hawk, dêr't Bridger oan dielnimt, mar Fitzgerald net. De kaptein is alhiel feralterearre as er ynstee Glass fynt. Hy beseft dat dit betsjut dat er foarliigd is. Poerrazen jout er opdracht om Bridger finzen te nimmen, wylst er sels halje-trawalje weromriidt nei it fort. Fitzgerald is lykwols útnaaid en hat dêrby de ynhâld fan Henry syn klûs meinommen.
As er einlings yn Fort Kiowa oankomt, kriget Glass fersoarging fan syn wûnen. Hy fertelt Henry krekt wat der bard is yn 'e wyldernis en bewissiget de kaptein dat Bridger inkeld skuldich is oan naïviteit en eangst. Henry set ôf om Fitzgerald op te spoaren en foar berjochting nei Fort Kiowa werom te bringen. Hy wol Glass eins net mei hawwe, mar Glass lit him net tsjinhâlde. Yn 'e wyldernis rinne de beide mannen op Fitzgerald yn. Se geane útinoar om him yn te sluten, mar kaptein Henry rint yn in mûklaach en wurdt troch Fitzgerald fermoarde en skalpearre. Glass fynt it lyk fan 'e kaptein werom en set dan in eigen mûklaach op, troch it lyk mei in tûke oerein yn it seal fan it foarste hynder te setten en sels oer de rêch fan it efterste hynder lizzen te gean, as wied er it lyk fan Henry. Fitzgerald rint deryn en sjit Henry nochris "dea". As er deunby komt om te bewissigjen dat er Glass deade hat, springt Glass ynienen fan it efterste hynder ôf en sjit him yn it skouder.