Black Panther is in Amerikaanske superheldefilm en romantyske dramafilm út 2018 ûnder rezjy fan Ryan Coogler, mei yn 'e haadrollen Chadwick Boseman en Lupita Nyong'o. De titel betsjut "Swarte Panter" en ferwiist nei de superheld dy't de haadpersoan is. It ferhaal folget T'Challa (oftewol Black Panther), de nije kening fan it (fiktive) Afrikaanske steatsje Wakanda, dy't bejeftige is mei boppeminsklike fermogens. Hy moat syn lân beskermje tsjin in boasaardige troanpretindint en tagelyk beslute oft er de geheime rykdom fan Wakanda foar de eigen befolking hâlde sil of dat er de hiele wrâld dermei helpe wol.
Black Panther waard sjoen as baanbrekkend om't it de earste superheldefilm wie mei in hast hielendal swarte cast. Black Panther krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in fenomenaal kommersjeel súkses yn 'e bioskopen as de op ien nei meast opbringende film fan 2018. De film wûn trije Oscars, twa Grammys, in BAFTA, twa Screen Actors Guild Awards, fiif Saturn Awards, twa Satellite Awards en gâns oare prizen. Black Panther heart ta de Marvel Cinematic Universe-filmsearje. De film folget as sadanich op Thor: Ragnarok, út 2017, en wurdt sels folge troch Avengers: Infinity War, út 2018. It direkte ferfolch op Black Panther wie lykwols Black Panther: Wakanda Forever út 2022.
Plot Tûzenen jierren lyn fierden fiif lânseigen stammen yn Sintraal-Afrika oarloch oer in reuseftige meteoryt dy't yn harren wengebiet ynslein wie. De meteoryt wie makke fan 'fibranium', it sterkste metaal fan 'e wrâld, dat boppedat de biology fan 'e krite beynfloede. Ien kriger naam in 'hertfoarmich krûd' yn wêrfan't de genetyske koade troch fibranium feroare wie en krige dêrtroch boppeminsklike fermogens dy't him ta de earste Black Panther makken. Hy feriene fjouwer fan 'e fiif stammen ûnder syn regear en waard de earste kening fan Wakanda. Inkeld de stamme fan 'e Jabari wiisde syn hearskippij ôf en loek him werom yn 'e bergen.
Troch de iuwen hinne brûkten de Wakandezen harren fibranium om in heech technologyske maatskippij te ûntwikkeljen, dy't ljochtjierren foarlei op dy fan 'e Westerske wrâld. Om't se bang wiene dat, as soks útlekte, útlanners komme soene om harren it fibranium te ûntstellen, isolearren se harsels fan 'e rest fan 'e wrâld en diene se har foar as in stôkearm ûntwikkelingslân mei in maatskippij fan geitehoeders. Se stjoerden spionnen út nei oare lannen om 'e gong fan saken dêr yn 'e rekken te hâlden.
Yn 1992 is prins N'Jobu, de jongere broer fan kening T'Chaka fan Wakanda, ien fan dy spionnen yn Oakland, yn 'e Feriene Steaten, dêr't er him it lot oanlûkt fan 'e earme en marzjinalisearre Afro-Amerikaanske befolking yn 'e binnenstêd. Hy wurdt besocht troch T'Chaka, dy't him derfan beskuldiget dat hy, N'Jobu, Wakanda ferret hat troch de Súdafrikaanske wapenhanneler Ulysses Klaue te helpen om in lytse hoemannichte fibranium út Wakanda te stellen. N'Jobu wol dat guod op 'e ynternasjonale swarte merk ferkeapje om oan jild te kommen wêrmei't er de Afro-Amerikanen bewapenje kin om yn 'e Feriene Steaten in revolúsje te begjinnen. It docht bliken dat de kening syn broer yn 'e gaten hâlde litten hat troch in oare spion, Zuri, fan wa't N'Jobu miende dat it syn bêste freon wie.
Krapoan tritich jier letter komt kening T'Chaka om by in terroristtyske oanslach op it haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York, dêr't er krekt op dat stuit in taspraak jout. Syn soan T'Challa keart dêrop werom nei Wakanda om kening foar syn heit yn 't plak te wurden. Hy en generaal Okoye, de de kommandant fan 'e Dora Milaje, in Wakandeeske karkloft dy't folslein út froulike krigers bestiet, reizgje nei West-Afrika om syn eardere minneresse Nakía op te heljen, dy't dêr as spionne dwaande is mei in undercoveroperaasje tsjin in islamistyske terroristyske groep. Sa kin sy, yn 'e mande mei T'Challa syn mem, keninginne Ramonda, en syn sechstjinjierrige suster, prinsesse Shuri, tsjûge wêze fan syn útropping ta kening.
By de plechtichheid kieze de Rivier-, Mynbou-, Keapljus- en Grinsstammen derfoar om T'Challa net út te daagjen ta in duël foar it keningskip. Unferwachts, lykwols, arrivearret M'Baku, de foaroanman fan 'e Jabari, dy't T'Challa wol útdaget. Yn it dêropfolgjende duël slagget it de foar de gelegenheid fan syn boppeminsklike krêften ûntdiene T'Challa mar mei muoite om M'Baku te ferslaan. Hy kiest derfoar om it libben fan 'e Jabari-lieder te sparjen. Neitiid wurdt er by in fierder ritueel ta kening útroppen.
Underwilens stelle Ulysses Klaue en syn swarte Amerikaanske hantlanger Erik Stevens út in museum yn Londen in Wakandeesk objekt fan rôfkeunst, dat makke blykt te wêzen fan fibranium. It nijs fan it foarfal berikt al rillegau Wakanda, dêr't T'Challa syn freon W'Kabi, de krigerlieder fan 'e Grinsstamme, der bot by de nije kening op oan stiet om Klaue út 'e wei te romjen of him nei Wakanda te heljen om berjochte te wurden. W'Kabi syn âldelju binne nammentlik tritich jier lyn omkommen by Klaue syn eardere dieverij fan fibranium yn Wakanda. T'Challa wiist it oanbod fan W'Kabi om mei him te gean ôf, en nimt ynstee inkeld Nakía en Okoye mei nei Busan, yn Súd-Koreä, dêr't Klaue yn in kasino in moeting opset hat mei in potinsjele keaper fan it fibranium artefakt.
Dy keaper blykt spesjaal agint Everett K. Ross fan 'e CIA te wêzen, dy't krekt as T'Challa dwaande is mei in undercoveroperaasje. De beide teams ride inoar yn 'e tsjillen, mei as gefolch dat Klaue der lucht fan kriget dat it in mûklaach is en fan rutens spilet. Nei in wylde efterfolging slagget it T'Challa en Ross om Klaue te pakken te krijen. Mei tsjinnichheid lit T'Challa ta dat Ross de arrestant ûnderfreget. Klaue bringt oan 'e CIA-agint út dat it earmoedige imago fan Wakanda mar in dekmantel is foar in heech technologyske maatskippij dy't de rest fan 'e wrâld fier foarút is. Ross giet werom nei T'Challa om him dêroer te befreegjen, mar op dat stuit blaze Stevens en de oare hantlangers fan Klaue de bûtenmuorre fan 'e sel derút om him te befrijen. By it fjoergefjocht dat dêrop folget, wurdt Nakía fan in wisse dea rêden troch Ross, dy't yn 'e baan fan 'e kûgel springt en deadlik ferwûne rekket. Ynstee dat er efter Klaue oangiet, bringt T'Challa Ross nei Wakanda ta om syn libben te rêden mei de futuristyske genêskundige technology dy't allinnich dêr foar hannen is.
Wylst prinsesse Shuri, dy't alles fan 'e lêste technology ôfwit, Ross genêst, hat T'Challa in ûnoangename konfrontaasje mei W'Kabi, dy't poerrazen is dat T'Challa Klaue troch syn fingers glûpe litten hat, en noch wol om it libben fan in blanke te rêden! T'Challa siket syn heite spion Zuri op, dy't ûnderwilens opklommen is ta de funksje fan opperhofmaarskalk. Hy hat nammentlik oan ien fan Stevens syn fingers in ring werkend dy't allinne mar droegen wurdt troch leden fan it Keninklik Hûs fan Wakanda. No wol er fan Zuri witte wat der fan syn omke N'Jobu wurden is. Nei't T'Challa him ûnder druk setten hat, fertelt Zuri him oer de konfrontaasje dy't kening T'Chaka yn 1992 yn Oakland hie mei syn broer N'Jobu.
Nei't de kening útbrocht dat er N'Jobu bespionearje litten hie troch Zuri, fan wa't N'Jobu miende dat er syn freon wie, fielde N'Jobu him sa ferret dat er in pistoal loek en Zuri besocht dea te sjitten. Mar T'Chaka beskerme Zuri troch syn eigen broer te deadzjen mei de klauwen fan syn Black Panther-pak. T'Chaka liet Zuri ûnthjitte dat er dêr nea mei immen oer prate soe, en dêrnei ferlieten se halje-trawalje Oakland om werom te kearen nei Wakanda. N'Jobu syn stoflik omskot lieten se efter om fûn te wurden troch de heal-Wakandeeske, heal-Afro-Amerikaanske achtjierrige soan fan 'e prins, N'Jadaka. Dyselde groeide op as in yn 'e steek litten wees yn ien fan 'e gewelddiedichste stêden fan 'e Feriene Steaten, en ûntjoech him letter ûnder de namme Erik Stevens ta in kommando fan 'e Amerikaanske Marine dy't belutsen wie by tsientallen 'swarte operaasjes' yn û.m. Irak en Afganistan.
Underwilens lit Stevens syn wiere aard blike as er Klaue, dy syn hantlangers en syn eigen freondinne Linda fermoardet, wêrnei't er it lyk fan Klaue meinimt nei Wakanda en by W'Kabi bringt. Dyselde seit dêrop ta om Stevens te stypjen by dy syn krewearjen om op 'e troan fan Wakanda te kommen. W'Kabi bringt him foar de stamme-âldsten, dêr't de wiere identiteit fan Stevens bekendmakke wurdt. Stevens daget T'Challa út ta in twakamp om it keningskip, en om't er sûnder mis fan keninklik bloed is, kin T'Challa dat net wegerje. Sûnder de boppeminsklike fermogens dy't er as Black Panther hat, kin T'Challa Stevens, mei syn eftergrûn as kommando, net oer. As opperhofmaarskalk Zuri tuskenbeiden besiket te kommen, deadet Stevens him, en dêrnei smyt er de ferwûne T'Challa oer de râne fan in hûnderten meters hege wetterfal. Neitiid nimt er it hertfoarmich krûd yn om 'e krêften fan Black Panther te krijen en jout dan op gewelddiedige wize befel om alle oare eksimplaren fan dat krûd te ferbaarnen. Mar Nakía glûpt de tunen binnen en nimt ien eksimplaar mei. Stipe troch W'Kabi begjint Stevens fuortendaliks te risselwearjen om mei it stjoeren fan futuristysk Wakandeesk wapenreau oeral op 'e wrâld revolúsjes te feroarsaakjen wêrby't swarte befolkingsgroepen de blanke regearings ûnder fuotten helje kinne.
Nakía, keninginne-mem Ramonda, prinsesse Shuri en de genêzen agint Ross ûntflechtsje de haadstêd fan Wakanda en bejouwe har nei de bergen, yn 'e hope om M'Baku fan 'e Jabari ta tsjinkening út te roppen. By de Jabari fine se lykwols in komateuze T'Challa werom, dy't yn it domein fan 'e Jabari oanspield is. Troch him it hertfoarmich krûd ta te tsjinjen witte Nakía en Ramonda him wer by besleur te bringen.
T'Challa keart werom nei Wakanda, dêr't er Stevens foarhâldt dat harren duël noch net dien is. De beide keningen geane de striid oan yn frijwol identike nanotechnologyske Black Panther-pakken. W'Kabi en de krigers fan 'e Grinsstamme fjochtje oan 'e kant fan Stevens, mar generaal Okoye en de Dora Milaje kieze de kant fan T'Challa. Nakía en prinsesse Shuri reitsje ek yn it gefjocht behelle, sadat it oan agint Ross tafalt om yn holografyske foarm in fleanende skûtel te bestjoeren dy't de earste trije tastellen mei Stevens syn wapenleverânsjes oan board delhelje moat. Dat slagget nauwerneed. As de leden fan 'e Grinsstamme de Dora Milaje troch nûmerike oermacht yn it nau driuwe, ferskine M'Baku en syn Jabari-krigers op it striidtoaniel om 'e kânsen keare te litten. Lang om let jouwe W'Kabi en syn mannen har oer. T'Challa wit einlings Stevens te ferslaan troch him mei in spearpunt fataal te ferwûnjen. Prins N'Jobu hie syn soan ûnthjitten om him ienris in Wakandeeske sinne-ûndergong sjen te litten, dat T'Challa draacht him nei bûten ta, dêr't krekt de sinne ûndergiet. Hy biedt oan om Stevens te genêzen mei de Wakandeeske technology, mar Stevens wegeret en skuort himsels it spearsoerd út it liif, sadat er binnen inkele mominten deabliedt.
Neitiid nimt T'Challa syn suster Shuri mei nei Oakland, dêr't er it fertutearze flatgebou oankocht hat dêr't syn heit tritich jier lyn syn omke deade. Hy is fan doel om der in mienskipssintrum en akademy fan it meitsjen om 'e earme Afro-Amerikaanske befolking fan Oakland te helpen. Sokke sintra moatte der yn alle grutte Amerikaanske stêden komme. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling ynpast is, sprekt T'Challa as kening fan Wakanda de Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes ta en makket er bekend hoe ûntwikkele oft syn lân eins is.
Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling helpt Shuri Bucky Barnes, de Wintersoldaat (sjoch: Captain America: The Winter Soldier) mei syn genêzing.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise kening T'Challa / Black Panther Chadwick Boseman Nakía Lupita Nyong'o
byrollen