In skythakke of kjeldhakke is in skylde hakke as gefolch fan min passende skuon. In skythakke ûntstiet faak winterdeis. Benammen by reedriden hawwe de hakken in soad te lijen troch ûngewoane bewegings en skuon wêrby ’t in skythakke oergean kin yn in blier.Friesch Woordenboek (Lexicon Frisicum) side 115, bewurke troch Waling Dijkstra

Plantêre fasciitis Seare hakken komme faak foar by ’t winter as de bloedfetten nauwer wurde, en by minsken dy ’t lêst ha fan plantêre fasciitis. Plantêre fasciitis soarget foar pine oan de ûnderkant fan de hakke, dêr ’t in soart sineplaat sit: de fascia plantaris. Dy ferbynt de hakke mei de foarkant fan de foet en wurket as in skokbrekker en ûndersteuner fan de foetbôge. By tefolle druk op de fuotten kin it bynweefsel skansearre reitsje en sels skuorre. As dat bart kin de fascia plantaris ûntstutsen reitsje, mei seare hakken en stiifheid as gefolch.Oarsaken fan seare hakken

By oanhâldene hakkepine is it oan terieden om kontakt op te nimmen mei de hûsarts. Mooglike oplossings binne steunsoallen of oefeningen. Oer ViscoHeel

Sjoch ek Hakkespoar

Ferskaat Jilt Heidstra naam yn 2012 it Alvestêdetochtliet Skythakken op. Jilt Heidstra op YouTube Yn it Nederlânsk betsjut de útdrukking 'met kakhielen lopen' nei lêst hawwe fan seare hakken ‘der beroaid by rinne’; kak is dan in negatyf foarheaksel. [https://www.dbnl.org/tekst/_taa014200301_01/_taa014200301_01_0134.php Etymologica Achttiende-eeuwse volkstaal, Nicoline van der Sijs yn: Onze Taal. Jiergong 72 (2003)

Kategory:Hûd Kategory:Ferwûning Kategory:Foet Kategory:Sportgenêskunde