De reade slob of reade slobein (Spatula platalea syn.: Anas platalea) is in fûgel út 'e famylje einfûgels Anatidae. Vieillot beskreau yn 1816 de soarte foar it earst wittenskiplik.

Beskriuwing Reade slobben binne de lytste einen fan it skaai. Folwoeksen fûgels binne 45 oant 56 sm lang, se wege 523 oant 608 gram en ha in spanwiidte fan 66 oant 73 sm. De ein hat in leppeleftige, brede snaffel.

Reade slobben hawwe in útsprutsen seksueel dimorfisme. Wyfke ha oer it generaal in brúngiele basiskleur mei swartbrune ôftekenings op it fearrekleed. Jerken hawwe in ljochtbrúne oant grize kop mei in swart linepatroan en syn bealchje is readbrún mei donkerbrúne flekjes. De fûgel hat in griene spegel, ljochtblauwe boppedekfearren en in brede sturt.

Iten De fûgels ite krûden, gers, wetterplanten, grienwier en seegers. Ek ite se lytse wringeleaze dierkes. De bek fan reade snaffeleinen ha fine lamellen, dy't brûkt wurde om lytse itersresten mei út te seevjen.

Nêst

In lechsel bestiet út likernôch 7-8 aaien, dy't nei 25-26 dagen útbret wurde. Jongen kinne nei 40 oant 45 dagen útfleane.

Fersprieding De reade slob komt yn it suden fan Súd-Amearika foar, benammen yn Sintraal-Sily en súdlik Brazylje, oant Fjoerlân en súdlik Perû. De fûgels binne foar in part trekfûgels. De measte súdlike fûgels fleane foar it winterseizoen nei it noarden.

Status Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige beskôpe.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Slobein Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay