Hellboy is in Amerikaansk-Bulgaarske superheldefilm út 2019 ûnder rezjy fan Neil Marshall, mei yn 'e haadrollen David Harbour en Sasha Lane. De film fertoant ek dúdlik eleminten fan ferskate oare sjenres, lykas horrorfilm, splatterfilm en aksjekomeedzje. De titel betsjut letterlik "Hellejonge" en ferwiist nei de superheld Hellboy, dy't de haadpersoan fan 'e film is. Dizze film wie in reboot fan 'e filmsearje oer dat personaazje en folge as sadanich op Hellboy II: The Golden Army út 2008. Yn it ferhaal wurdt Hellboy nei Ingelân ta roppen om it dêr op te nimmen tsjin minskeslinende reuzen. Neat is lykwols wat it liket, en de superheld rekket behelle yn 'e striid tsjin 'e ûnstjerlike hekse Vivienne Nimue, dy't de minskheid útrûgje wol troch in pandemy te feroarsaakjen. Underwilens moat er der goed om tinke dat er syn eigen lotsbestimming net ferfollet, mei't dat ek de ein fan 'e minskheid betsjutte soe. Hellboy ûntfong oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen. In twadde reboot fan 'e Hellboy-filmsearje, mei as titel Hellboy: The Crooked Man komt yn 2024 yn 'e bioskoop.
Plot Yn it jier 517 lit de boasaardige hekse Vivienne Nimue, byneamd de Bloedkeninginne, in pleach op Brittanje los om alle minsken dêre út te rûgjen, om it lân werom te winnen foar har folgelingen, de magyske wêzens. Har plan wurdt dwerseide troch kening Arthur, dy't har ferslacht mei de help fan 'e tsjoender Merlyn en Ganeida, in lid fan Nimue har eigen heksering. Mei syn magyske swurd Excalibur stekt Arthur har troch it hert, mar de ûnstjerlike Nimue giet net dea. Dêrop hout er har lichem oan stikken en lit er de seis dielen troch syn ridders fan 'e Rûne Tafel nei de úthoeken fan Ingelân bringe en ferbergje om se fier útinoar te hâlden.
Yn 'e tsjintwurdige tiid wurket de demon Hellboy foar it Buro foar Paranormaal Undersyk en Ferwar (BPRD), in geheime ôfdieling fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI, dy't it lân tsjin boppenatuerlike bedrigings ferdigenet. Hy bejout him nei Tijuana, krekt oer de grins yn noardwestlik Meksiko, dêr't er op 'e siik giet nei de fermiste spesjaal agint Esteban Ruiz. Dyselde blykt ta proai fallen te wêzen oan in kloft fampieren, sadat er sels ek ta in fampier makke is. No docht er him foar as de showwrakselder Camazotz, dy't Hellboy ta in gefjocht útdaget. Hellboy besiket Ruiz te helpen, mar der is neat mear fan syn freon oer en op 't lêst kin er net oars as de fampier deadzje. Mei syn lêste wurden flústeret dy him yn dat de ein fan 'e wrâld op kommendeweis is en dat Hellboy him dan by de krêften fan it kwea jaan sil.
Neitiid is Hellboy der raar mei oan wat er dien hat, mei't er foar syn gefoel syn freon fermoarde hat. Hy jout him oer oan in kroegetocht om him te bedrinken, mar al rillegau wurdt er opspoard troch in pear FBI-aginten, dy't him yn opdracht fan syn adopsjeheit, professor Trevor Bruttenholm, werombringe nei it haadkertier fan it BPRD yn Colorado. Bruttenholm hat nammentlik berjocht krigen út it Feriene Keninkryk dat de Osiris Club, in geheim genoatskip mank de Britske hegerein wêrmei't it BPRD út en troch gearwurket, ferlet hat fan 'e help fan Hellboy. Hy moat ôfweve mei in trijetal minskeslinende reuzen dat súdlik Ingelân ûnfeilich makket. Underwilens advisearret de Russyske hekse Baba Jaga de Gruagach, in Ingelske ierdgeast mei in baarcheftich uterlik, om 'e lichemsdielen fan Nimue te stellen en wer byinoar te bringen, sadat hja syn winsk yn ferfolling gean litte kin om wraak te nimmen op Hellboy om't dy him "syn libben" ôfnommen hat.
Hellboy set ôf nei Londen, dêr't er troch lord Glaren en oare leden fan 'e Osiris Club ferwolkomme wurdt. Se fertelle him dat de Britske Eilannen yn 'e Aldheid bewenne waarden troch reuzen, dy't yn 'e Midsiuwen allegearre deade binne. Se hawwe lykwols de ferfelende wizânsje om út en troch út 'e dea op te stean. Om in inkele reus út te skeakeljen, dêr hawwe de leden fan 'e Osiris Club gjin muoite mei, mar trije tagelyk giet harren wat oer de meuch. Hellboy wurdt ek yn 'e kunde brocht mei lady Hatton, de heldersjende fan 'e Osiris Club, dy't it mei him hawwe wol oer syn oarsprong. Under de Twadde Wrâldoarloch iepene de Russyske mystikus Grigori Raspûtin yn opdracht fan 'e nazys in poarte nei de hel. De Osiris Club wist dy poarte yn gearwurking mei de Amerikaanske figilante Lobster Johnson te tichtsjen, mar net foar't Hellboy nei de Ierde ta oerkommen wie. Dat wist Hellboy allegearre wol, mar lady Hatton fertelt him wat nijs as se seit dat Bruttenholm Hellboy eins deadzje sillen hie, mar him op it lêste stuit betocht.
Hellboy giet mei in groep leden fan 'e Osiris Club ûnder lieding fan lord Glaren op jacht yn it New Forest, dêr't it trio reuzen aktyf is. Op in ûnbewekke momint wurdt er lykwols troch syn selskipslju ferret, dy't har tsjin him keare en besykje him te fermoardzjen. It docht bliken dat lady Hatton yn in fizioen sjoen hat dat Hellboy foarbestimd is om 'e ein fan 'e wrâld yn te lieden troch plak te nimmen op 'e troan fan Ingelân. Glaren en de oare leden fan 'e Osiris Club, dy't it dochs al nea iens wiene mei Bruttenholm syn beslút om 'e jonge demon te adoptearjen en grut te bringen, sjogge dat as in útlêzen kâns om dy flater te korrizjearjen. Hellboy blykt net sa maklik te deadzjen, mar troch de nûmerike oermacht slagje se hast yn harren opset, oant se ûnferwachts yn 'e rêch oanfallen wurde troch de trije reuzen. Dyselden ûnthalzje Glaren en frette de oare leden fan 'e Osiris Club op. As de eefkes út 'e tiid rekke Hellboy by besleur komt, wurdt er sels ek oanfallen troch de reuzen, mar hy makket se allegearre dea, wêrnei't er der lykwols wer hinne falt fan útputting. It lêste wat er sjocht, is dat der in autobuske stoppet dêr't in jonge frou út stapt.
Wannear't Hellboy wer bykomt, befynt er him yn it appartemint fan 'e jonge frou, dy't Alice Monaghan blykt te wêzen. Hellboy hat har doe't se noch mar in poppe wie, rêden fan ûntfiering troch ierdgeasten dy't in wikselbern yn har plak efterlitten hiene. Dat wikselbern wie de Gruagach, dy't sûnt altyd op wraak sind hat om't er fynt dat Alice har libben sines wêze moatten hie. Alice hat oan har bleatstelling oan 'e ierdgeasten in ferskaat fan aparte fermogens oerholden, mei as wichtichste heldersjendheid. Dêrtroch wist se dat Hellboy yn gefaar wie en wêr't er him befûn. Bruttenholm, dy't ûnderwilens ek nei Ingelân ta oerkommen is, lit Hellboy ophelje en Alice giet mei. Hy fertelt har beiden dat fiif fan 'e seis dielen fan it lichem fan Nimue stellen binne. Mei in team fan it BPRD ûnder lieding fan agint Ben Daimio bejouwe Hellboy en Alice har nei de Osiris Club, dêr't it lêste diel fan Nimue har lichem bewarre waard. It docht bliken dat alle oerbleaune leden fan 'e club deade binne. Alice ropt de geast fan lady Hatton op, dy't warskôget dat Nimue Hellboy brûke wol om 'e apokalyps te feroarsaakjen. Hellboy trappearret yn 'e kelders fan it gebou de Gruagach en wrakselt mei it wêzen, mar Nimue liedt him ôf mei in fizioen wêryn't se ynspilet op Hellboy syn frustraasjes oer syn negative behanneling troch minsken, sadat de Gruagach mei har earm ûntkomme kin.
Daimio bringt Hellboy en Alice nei it geheime haadkertier fan it BPRD yn Londen, foar't er in spesjale kûgel meitsje lit om Hellboy mei te deadzjen. Underwilens reitsje Hellboy en Bruttenholm betize yn in heech oprinnende rûzje oer Hellboy syn komôf, de oarspronklike bedoeling fan Bruttenholm om him te deadzjen en wêrom't de professor Hellboy dêr nea mei in wurd oer ynljochte hat. Hellboy stoarmet lulk fuort, mar as er de lift nimt, wurdt er op magyske wize transportearre nei it hûs op hinnepoaten dêr't Baba Jaga wennet. By in eardere konfrontaasje blykt Hellboy de berneslinende Russyske hekse in each útsketten te hawwen, en no besiket Baba Jaga mei him te hantsjebakken om ien fan syn eagen te krijen yn ruil foar de lokaasje fan Nimue. Hellboy stimt ta, mar nei't Baba Jaga him ferteld hat dat Nimue har op Pendle Hill befynt, wiist er derop dat se yn harren oerienkomst net oanjûn hat wannear't er har syn each jaan moat. Dat se kin it krije as hy dermei klear is. De hekse is poerrazen oer wat se beskôget as bedroch en wurdbrek, en se leit in flok oer Hellboy dat er immen ferlieze sil dy't er leafhat.
Op Pendle Hill nimt Nimue as lêste lichemsdiel har bloed werom, dat yn in beam rûn is doe't kening Arthur har dêr mei Excalibur oan fêst speetste. No't se alhiel wer de âlde is, nimt se wraak op 'e helpsters fan Ganeida foar harren iuwenâlde ferrie, mar Ganeida sels sparret se, sadat dy tsjûge wêze sil fan wat komt. Underwilens binne Hellboy, Alice en Daimio ûnderweis nei Pendle Hill. As Alice freget nei de groeden yn syn gesicht fertelt Daimio dat er by in oefening yn Belize de iennichste oerlibbene wie fan in oanfal troch in wearjagûar. As se by Pendle Hill arrivearje, besykje se troch te kringen ta Nimue, mar hja ropt de deade heksen op, dy't dêr troch Arthur ombrocht binne, om harren tsjin te kearen. As dat net genôch is, rekket se Alice mei in fergiftige toarne, sadat se tiid hat om út te naaien.
Hellboy set Ganeida ûnder druk om Alice te helpen, mar sy leit út dat de iennichste dy't wat dwaan kin tsjin it gif fan Nimue de tsjoender Merlyn is en fertelt wêr't de tsjoender begroeven leit. Hellboy en Daimio bejouwe har dêrhinne mei de bewusteleaze Alice en befrije Merlyn út syn grêf. Nei't Merlyn Alice genêst, lit er har en Daimio yn in djippe sliep falle sadat er Hellboy allinnich te wurd kin. Hy bringt út dat Hellboy syn wiere namme Anung un Rama is. Syn mem, dy't yn 'e froulike line ôfstamme fan kening Arthur, waard troch syn heit, de hear fan 'e hel, nei syn ryk ta brocht, dêr't se fan Hellboy befoel. As erfgenamt fan Arthur hearre it swurd Excalibur en de troan fan Ingelân eins fan rjochten oan Hellboy ta. Merlyn brûkt syn lêste krêften om Excalibur út it grêf fan kening Arthur nei him ta te heljen en biedt it Hellboy oan, mei't it it iennichste wapen is dat Nimue ferslaan kin. Mar as Hellboy it hêft fan it swurd beetpakt, kriget er in fizioen fan himsels as de bringer fan 'e apokalyps, dat hy lit los en stegeret it oanbod ôf. Dêrop keart Excalibur werom nei de tombe fan Arthur, wêrfan't nimmen wit wêr't dy is, wylst Merlyn, dy't gjin krêften mear oer hat, útinoar falt en weiwurdt ta stof. Wylst Hellboy sa besteld is, docht Nimue in wraam op it Londenske haadkertier fan it BPRD, dêr't se alle meiwurkers ôfslachtet en Bruttenholm ûntfiert. Hellboy, Alice en Daimio folgje har spoar nei de Pauluskatedraal, dêr't se in reuseftige Gruagach oantreffe dy't troch Nimue as beleanning foar syn tsjinsten ûnferslaanber makke is. Hellboy giet de striid mei it meunster oan, mar kin it net oer. It docht bliken dat Daimio as iennichste de oanfal troch de wearjagûar oerlibbe hat trochdat er sels sa'n wêzen wurden is. As er sjocht dat Hellboy de slach ferlieze sil, nimt er syn jagûarfoarm oan en komt er him te help. Mar ek twaresom slagget it harren net om mei de Gruagach ôf te weven. Nimue, lykwols, dy't Hellboy libben hawwe wol, ferriedt de Gruagach en deadet him. Dêrnei smyt se Hellboy yn 'e ferburgen tombe fan kening Arthur, dy't him ûnder de flier fan 'e katedraal blykt te befinen. Hellboy sjocht dêr Excalibur wer yn syn stien stean, mar wifket om it swurd dêrút te lûken.