Bercheinen (Tadorna) is in fûgelskaai út de famylje einfûgels (Anatidae). It skaai bestiet út seis ferskillende soarten. Ien dêrfan is nei alle gedachten útstoarn.

It is in groep fan gruttere wetterfûgels, dy't ek wol op lân te sjen binne. It skaai komt yn 'e Alde Wrâld en Austraalje foar. Wat de morfology oanbelanget sitte se earne tusken einen en guozzen. It wyfke is by de soarten trochstrings wat ljochter fan it kleur as it jerkje. Se ite fral wringeleaze dierkes, gers en wetterplanten.

Soarten Jerk ♂ Wyfke ♀ Wittenskiplike namme Fryske namme Status120px 120px T. tadorna Berchein net bedrige120px 120px T. ferruginea Kasarka net bedrige120px 120px T. cana Kaapske kasarka net bedrige120px 120px T. tadornoides Australyske berchein net bedrige120px 120px T. variegata Paradyskasarka net bedrige120px T. cristata Toefkasarka mooglik útstoarn

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Einfûgel