Boskeinen (Aix) foarmje in fûgelskaai út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae).
It skaai bestiet út twa soarten: de mandarynein en de Karolina-ein. De manadarynein komt oarspronklik út it easten fan Aazje, de Karolina-ein út Noard-Amearika. Der bestiet in grutte ôfstân yn it ferspriedingsgebiet fan 'e twa soarten, mar de twa einen binne dochs oan inoar besibbe.
Mei't de mandarynein en de Karolina-ein yn Europa populêre fûgels binne om te hâlden en der yn it ferline guon útpykten, binne de soarten yntusken ferwyldere en ûnstiene der lytse, lokaal foarkommende Europeeske populaasjes. Dat jildt lykwols folle mear foar de mandarynein en minder foar de Karolina-ein.
Jerk ♂ Wyfke ♀ Wittenskiplike namme Fryske namme Status120px 120px Aix sponsa Karolina-ein net bedrige120px 120px Aix galericulata mandarynein net bedrige
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Einfûgel