De Master Kackadorispriis is de priis dy't de Feriening tsjin de Kwaksalverij Op 1 jannewris 1881 oprjochte troch de bruorren G.W. Bruinsma en V.J. Bruinsma sûnt 2003 ien kear yn 't jier útrikt oan dy persoan of ynstânsje dy 't dat jier, neffens de feriening, de kwaksalverij tige befoardere hat. It giet dêrby útdruklik net om minsken dy 't sels kwaksalverij beoefenje, mar om dy persoanen of ynstellingen dy 't kwaksalverij befoarderje wylst fan harren it tsjinoerstelde ferwachte wurde meie soe.

De feriening makket earst in list mei nominearren bekend, en dêrnei de winner. Elkenien mei persoanen, bedriuwen of ynstânsjes oandrage foar de priis. De feriening beoardielet wa 't nominearre wurdt en wa 't de priis wint. De winner krijt de gelegenheid ta in wjerwurd dat ek publisearre wurdt yn it tydskrift fan de Feriening tsjin de Kwaksalverij.

De namme fan de priis is ûntliend oan de kwaksalver Kackadoris, dy 't in haadrol spilet yn it rederikerstafelspul Meester Kackadoris, ende een doof-wijf met ayeren fan Filips fan Marnix fan Sint-Aldegonde (1ste publikaasje 1596, dbnl.org - VI. Auteurschap en spreiding der tafelspelen; chronologisch en geografischdbnl.org - Tafelspel van Meester Kackadoris op s. 266 nijprintinge út 1631).

Kategory:Nederlânske priis Kategory:Kwaksalverij Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2003