De Afrikaanske dwerchein (Nettapus auritus) is in tropyske einfûgel fan it skaai dwercheinen (Nettapus). De soarte libbet yn sompige gebieten mei in soad planten yn Afrika besuden de Sahara en op Madagaskar.
Beskriuwing thumb|left|Tekening fan in pearke Afrikaanske dwercheinen.C.G. Finch-Davies (1875–1920) Alhoewol't de dwerchein in snaffel hat lykas in goes, binne se mear besibbe oan 'e einen. It is de lytste wetterfûgel fan Afrika en ien fan 'e lytste wetterfûgels fan 'e wrâld.
De ein wurdt 27 oant 33 sm lang en 260 oant 290 g swier. It mantsje hat in wyt gesicht en in irisearjende swarte streek, dy't op 'e krún begjin en oer de efterkant fan 'e hals trochrint oant op 'e rêch. Op 'e sydkant fan 'e kop en de hals sit in ovale, griene flek omseame fan in swarte râne. De rêch is metallic grien. De sechtjin sturtfearren binne swart. De fearren fan 'e wjukken binne swart mei in metallic griene irisaasje op 'e dekfearren mei in wite balke oer de sekundêre earmfearren. De boppekant fan it boarst en de flanken binne ljocht kastanjebrún en de búk is wyt. De ein hat in smelle wite ring om 'e hals.
Wyfkes hawwe in griis gesicht mei in donkerbrune eachstreek en binne brúnich op 'e wangen en nekke. Se ha in donkerbrune foarholle, krún en efterkant fan 'e nekke mei wat irisaasje, mar minder glânzgjend as it mantsje. In grien plak lykas by it mantsje ûntbrekt. It boarst en de flanken hawwe in donkere kastanjekleur en de rêch is donkerbrún. De fearren fan 'e wjukken binne brúnswart mei útsûndering fan in wite balke op 'e sekundêre earmfearren. It ûnderste diel fan 'e snaffel is giel, it boppeste diel is bûnter mei brún en in donkerbrune punt. De poaten binne donkergriis oant swart.
Nêst De Afrikaanske dwerchein boud faak in nêst fan gers yn beamholtes, mar der binne fariaasjes. Der wurden likernôch 6 oant 12 (yn 'e regel 9) aaien lein, dy't troch it wyfke útbret wurde. It mantsje bliuwt tichteby en ferdigenet it territoarium.
Leefgebiet De ein is net honkfêst en libbet fan Senegal yn it west oant Eritreä en Somaalje yn it east en nei it suden ta oant yn it meast eastlike diel fan Súd-Afrika en op Madagaskar, mar net yn it súdwesten fan Afrika. Hy mei graach yn sompige gebieten, marren en stadich streamend wetter wêze mei in soad planten lykas wetterleeljes. Yn Etioopje, Sambia en Madagaskar wurdt de fûgel ek yn berchgebieten oan 1800 m hichte oantroffen.
Fersprieding thumb|left|Afrikaanske dwercheinen yn it Moremi Reservaat, Botswana. It ferspriedingsgebiet fan 'e Afrikaanske dwerchein is tige grut en sadwaande is de kâns op útstjerren lyts. Hoefolle fûgels der binne is net bekend. It is wol dúdlik dat it oantal tebek rint. Dat hat te meitsjen troch de yntroduksje fan frjemde fisksoarten, dy't foar de ynhiemske wetterplanten net goed binne. Ek it drûchlizzen fan sompen troch minsken soargje foar minder dwercheinen. De efterútgong giet lykwols net hurd en is minder as 30% yn 'e tsien jier. Dêrom stiet de Afrikaanske dwerchein net op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Gedrach De Afrikaanske dwerchein libbet fan it sied fan wetterleeljes en oar sied fan driuwende planten, mar ek ynsekten en lytse wingeleaze dierkes. Se wurde faak yn pearkes en lytse groepkes waarnommen.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dwerchein Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda