Hugo Koblet (Zürich, 21 maart 1925 - Uster 6 novimber 1964) wie in Switsersk hurdfytser, hy wie winner fan sawol de Omgong fan Frankryk as de Omgong fan Itaalje.

Biografy Koblet waard yn 1946 beropshurdfytser. Yn 1950 ried er syn earste Giro. Hy sleat dy winnend ôf en wie dêrmei de earste net Italjaanske hurdfytser dy't yn it trijentritich jierrich bestean fan de omgong, de omgong fan Itaalje wûn. Hy kloppe ûnder oaren ferneamde Italjaanske hurdfytsers as Fausto Coppi, Gino Bartali en Fiorenzo Magni. In jier letter starte er wer yn de omgong fan Itaalje en waard doe sechsde, mar letter dat jier wist er de omgong fan Frankryk te winnen.

Hugo Koblet ferstoar op 6 novimber 1964, yn 'e âldens fan 39 jier, as gefolch fan in slim auto-ûngelok.

Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 1951 - 15px 1e; winner 7e, 11e, 14e, 16e en de 22ste etappe. 1953 - Net finisht 1954 - Net finisht

Dielname oan de Omgong fan Spanje 1956 - Net finisht

Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1950 - 15px 15px 1e; winner 6e en de 8ste etappe. 1951 - 6e; winner 19e etappe 1952 - 8ste; 1953 - 2e; winner 8ste etappe 1954 - 2e; winner 15e en de 21ste etappe 1955 - 10e; winner 21ste etappe

Ploegen 1946 - Amberg 1946 - Mercier-R. Lapébie 1947 - Amberg-Helvetia 1947 - Fuchs 1948 - Tebag 1949-1958 - Cilo 1950-1954 - Faema-Guerra 1951-1955 - La Perle-Hutchinson 1958 - Ghigi-Coppi

Kategory:Switsersk hurdfytser Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 1964 Kategory:Winner fan de Omgong fan Frankryk Kategory:Winner fan de Omgong fan Itaalje