De tsjoksnaffelskoet of tsjûksnaffelskoet (Uria lomvia) is ien fan de twa soarten skoeten út de famylje fan de alkfûgels.

Foarkommen De tsjoksnaffelskoet is sa'n 40 oant 44 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 64 oant 75 sm. Dêrmei is er krekt wat grutter as de gewoane Skoet. Folwoeksen fûgels bin swart op de kop, hals, rêch en op de wjukken. De bûk en ûnderkant binne wyt. De tsjoksnaffelskoet is sa as de namme al seit fan de gewoane Skoet te ûnderskieden troch de dikkere snaffel. Ek is de rêch meast donkerder as by de Skoet. Lykas by de Skoet wurde de ûnderste parten fan it gesicht winterdeis wyt. De Tsjoksnaffelskoet fleant streekrjocht en moat lykas de oare Alkfûgels syn koarte wjukken hiel fluch op en del slaan. Yn de koloanjes meitsje de Tsjoksnaffelskoeten in bulte lawaai, mar as se op see binne, meitsje jouwe se gjin lûd. left|thumb|250px|Tsjoksnaffelskoeten op Spitsbergen

Fersprieding De tsjoksnaffelskoet is ien fan de meast foarkommende fûgels yn it Arktysk gebiet fan Jeropa, Aazje en Noard-Amearika.

De fûgel briedet yn grutte koloanjes oan de rotseftige kusten. By't winter lûke de fûgels nei súdliker gebieten, mar allinne sa fier oant sy iisfrije see berikt hawwe. Troch harren grutte wurde se net faak troch stoarmen fan harren paad ôfbrocht lykas wol geregeld mei de lytsere Alk bart, je sjogge se dan ek hast nea súdliker.

Troch it jeien op folwoeksen fûgels en it sammeljen fan de aaien is it tal fûgels op Grienlân en Nijfûnlân bot tebekrûn. Tsjoksnaffelskoeten binne ek gefoelich foar fersmoarging fan de see troch Oalje- en Gaswinning. Ek bliuwe der geregeld fûgels yn fiskersnetten hingjen.

Iten It iten fan de tsjoksnaffelskoet bestiet foar it measte part út fisk, mar ek út kreeften en oare seedieren. De Tsjoksnaffelskoet swimt yn de see by it iten sykjen en dûkt dan geregeld ûnder om in proai te pakken.

Fuortplanting De tsjoksnaffelskoet briedet yn koloanjes oan de rotskusten fan noardlike kusten en eilannen. It aai leit fuort op de rotsen. It wyfke leit ien aai dat troch beide âlden yn 30 oant 35 dagen útbret wurdt. Lykas by de skoeten bliuwe de jongen mar sa'n trije wike op it nêst en springe dan foardat se fleane kinne nei ûnderen wat se lang net allegear oerlibje.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Skoet Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Hudsonbaai