Foarfallen 5 febrewaris - Ierdskodding yn de omkriten fan Monteleone, Itaalje, 7 oere jûns, 26.750 minsken dea. 8 juny - De fulkaan Laky op Yslân barst út. De erupsje soe acht moannen duorje, mei nuveraardich kleure loften as gefolch. De troch de wyn meifierde sweveldampen soargje yn gâns West-Jeropa foar mislearre rispingen en mei de dêrnei kommende strange winter, foar tûzenen slachtoffers. 26 july - It earste eksersysjegenoatskip De Frijheid yn Dordrecht oprjochte. De Patriotten wolle de âlde frijheid weroverje op de Oranjes. 3 septimber - De Frede fan Versailles wurdt tekene, de definitive ein fan de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. 21 novimber - De earste bemanne ballonfeart mei in Montgolfiére neamd nei de útfiners, de bruorren Montgolfier, mei oan board û.o. de Frânske natuerkundige Jean-François Pilâtre de Rozier. 1 desimber de natuerkundige Jacques Charles stiicht op mei in troch him ûntwikkele wetterstofballon. De toer fan de Martinitsjerke yn Doesburg, troch de iuwen hinne al faker troch bliksenynslach ôfbaarnd, krijt as earste bouwurk yn Nederlân in bliksemôflieder, ûntwikkele troch Cornelis Rudolphus Theodorus Krayenhoff. De tsjintwurdige tsjerke fan Langwar is klear De tsjerke fan Allingawier wurdt lytser makke

Berne 23 jannewaris - Stendhal, Frânske skriuwer († 1842) 28 juny - Jan Cornelis Pieter Salverda, Frysk dichter en skriuwer († 1836)

Ferstoarn Johannes Rach, Deenske keunstner Ignaz Holzbauer, Eastenryksk komponist

Kategory:18e iuw