thumb|300px|Caproni Ca.60 op de Maggiore-mar 1921 De Caproni Ca.60 (offisjeus ek wol Capronissimo of Noviplano en Caproni Triple Triplane neamd) wie in Italiaanske gigantyske fleanboat út 1921. It wie in ûntwerp fan loftfeartpionier Giovanni Battista Caproni.

It tastel mei njoggen wjukken wie in prototype foar in trans-Atlantysk fleantúch mei in kapasiteit fan maksimaal 100 persoanen. It tastel hie acht motoaren, trije kear trije wjukken en twa driuwers oan elke kant foar stabiliteit. thumb|left|225px|It fleantúch nei de crash Der waard mar ien eksimplaar boud troch Aero-Caproni. It tastel makke de twadde testflecht op 4 maart 1921 fan it Lago Maggiore ôf yn Italië, berikte in hichte fan 18 meter, stoarte doe del en bruts yn twa stikken. De piloat hie neat, mar it fleantúch fleach yn 'e brân. Giorgio Apostolo: Caproni’s Triple Triplane. Yn: Aeroplane Monthly. Febrewaris 1974, s. 493.

Nettsjinsteande Caproni syn foarnimmen om it fleantúch fannijs te bouwen, waard it projekt al gau opjûn fanwegen de bûtenwenstige kosten. De pear ûnderdielen dy't oerbleaune binne te sjen yn it Gianni Caproni Museum fan Aeronautics en yn it Volandia loftfeartmuseum yn Italië.

Technyske feiten thumb|Caproni Ca.60 thumb|De Ca.60 yn oanbou yn Sesto Calende Parameters Data Bemanning 8 Passazjiers 60–100 Lingte 23,50 m Spanwiidte 30 m Hichte 9,63 m Fleugeloerflak 836 m² Gewicht leech 14.000 kg Startgewicht 25.000 kg Oandriuwing 8 × 12-sylinder V-motor Liberty L-12 fan 400 hk Heechste faasje 130 km/o Krúsfaasje 116 km/o Fleanberik ± 660 km

Keppeling om utens Eigentiidsk fimke op youtube.com

Kategory:Italjaanske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1921