It bisdom Limburch (Dútsk: Bistum Limburg; Latyn: Dioecesis Limburgensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn Dútslân, dat foar in part yn Rynlân-Palts en in part yn Hessen leit.

Skiednis It bisdom waard nei de sekularisaasje yn it ramt fan 'e reorganisaasje fan 'e bisdommen yn 1827 stifte. Foarhinne hearde it gebiet ta de aartsbisdommen Trier en Mainz, wêrby it noardwestlike diel by Kar-Trier hearde en dus ek foar wat wrâldske saken oanbelanget fanút Trier bestjoerd waard. Bisdom Limburch heart dus by de jonge katolike bisdommen fan Dútslân. De earste Limburger biskop wie fan 1827 oant 1833 Jakob Brand.

It bisdom bestiet út it eardere hartochdom Nassau, de stêd Frankfurt am Main, it lângreefskip Hessen-Homburg en de yn 1974 ophefte lânkring Biedenkopf.

Sûnt 1929 waard it bisdom yn it ramt fan it Prusyske Konkordaat in suffragaan bisdom yn 'e tsjerkeprovinsje Keulen.

Katedraal thumb|left|Domtsjerke fan Limburch De katedraal fan it bisdom Limburch is de Sint-Joarisdom yn Limburch oan de Lahn.

Patroanhillige Sint-Joaris is de patroanhillige fan it bisdom.

Limburch Kategory:Limburch oan de Lahn Kategory:Rynlân-Palts Kategory:Hessen Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1827