De skoet (Uria aalge) is ien fan de twa soarten skoeten út de famylje fan de alkfûgels.

Foarkommen De skoet is mei sa'n 38 oant 46 sm likernôch sa grut as in wylde ein, hy hat lykwols in wat smellere spitse snaffel. De wjukspanwiidte is by folwoeksen fûgels 61 oant 73 sm en sa wage ûngefear in kilogram. Yn de simmer binne de fearren op de kop, rêch, sturt en boppekant fan de wjukken brúnswart. De bûk en grutte parten fan de ûnderkant fan de wjukken binne wyt. Winterdeis binne ek de fearren op it kin en op de kop efter de eagen wyt. Yn de loft stekke de snaffel en de griisswarte poaten dúdlik fan de rest fan it lichem ôf. Ek is by guon fûgels wol in wite eachring te sjen mei in wite streek nei achter. Soksoarte fûgels wurde ek wol brilskoeten neamd. Dit is lykwols gjin kenteken fan ien as oare ûndersoart mar is mear in kleurfariant dy't ûnder de skoeten foarkomt.

Fersprieding It briedgebiet leit oan de noardlike kusten fan de Atlantyske Oseaan en de Stille Oseaan en ek oan de oanslutende parten fan de Noardlike Iissee.

Der binne fiif ûndersoarten: Uria aalge aalge, briedt yn de eastlike parten fan Noard-Amearika, op Grienlân, Yslân, Färöer, Skotlân, súd Noarwegen en yn de Eastsee. Uria aalge albionis, briedt op Grut-Brittanje, Ierlân, Bretanje, Portegal en noardwest Spanje. Uria aalge californica, briedt oan de westkust fan de Feriene Steaten. Uria aalge hyperborea, briedt op Spitsbergen, yn Noard-Noarwegen en it noarden fan Ruslân oant Nova Sembla ta. Uria aalge inornata, briedt yn Noard-Korea, nördlichem Hokkaido, it easten fan Ruslân, de Beringsee, op de Aleoeten, Alaska en yn Britsk Kolumbia.

Iten Skoeten ite it measte fisken dy't yn kloften rûnswimme oan de wetteroerflakte lykas de hearring, sprot en kabbeljau. Yn de arktyske gebieten ite de fûgels simmers ek in protte kreeften.

Fuortplanting De fûgels briede yn grutte koloanjes op rotswanden. De Skoeten hawwe ek hiele spitse aaien, troch dizze foarm rôlje de aaien net sa maklik út it nêst en fan de rotsen. De aaien wurde troch beide âlden sa'n 28 oant 34 dagen bebret. Wannear't de jonge fûgels trije wike âld binne springe sy fan de rotsen, hoewol sy dan noch net fleane kinne. Hjirby falle de fûgels somtiden wol fjirtich meter nei ûnderen op it strân. De measte jongen geane dêrnei mei har âlden de see op. It mantsje past dan op de jongen en giet mei harren nei it oerwinteringsgebiet, de wyfkes komme dêr meast letter oan.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Skoet Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See