Mark Waschke (Wattenscheid, 10 maart 1972) is in Dútske akteur.
Wurkpaad Nei de foltôging fan syn oplieding oan 'e Hochschule für Schauspielkunst "Ernst Busch" yn Berlyn spile Waschke mei ferskate toanielselskippen en yn spylfilms lykas Playoff (2011), Fenster zum Sommer (2011) en Habermann (2010), dêr't er yn 2010 de Bayerischer Filmpreis foar de bêste akteur krige. Yn 2009 krige Waschke de priis foar bêste akteur op it RomaFictionFest foar syn rol yn 'e dramasearje Buddenbrooks. Sûnt 1999 is er ferbûn oan it Berliner Ensemble teater. Yn 2012 spile er de rol fan Jörg yn Barbara en yn 2013 spile er de haadrol Eduard yn 'e film &ME.
Begjin 2014 waard bekend dat Waschke tegearre mei Meret Becker it nije Tatort-team foarmje soe yn Berlyn. De earste ôflevering mei team Rubin en Karow waard op 22 maart 2015 útstjoerd.
Filmografy (kar-út) Bioskoop Jier Titel Rol2008BuddenbrooksThomas Buddenbrook2010The City BelowOliver SteveHabermannAugust Habermann2011PlayoffAxelFenster zum SommerAugust Schelling2012BarbaraJörg2013&MEEduard Schiller
Tillefyzje Jier Titel Rol Opmerkings2009Die Rosenheim-CopsKarsten Wiesheu1 episoade (8/26)2009/2010TatortDr. Ralph Winkler/Bernd Bürger2 episoades2010Kommissarin LucasJan Geissler1 episoadeStolbergThomas Frisch2012/2013TatortJohannes Riether/Max Brenner2 episoades2013Unsere Mütter, unsere VäterDorn2015–noTatortRobert Karow11 episoades2017–20DarkHanno Tauber/Noah2021The Billion Dollar CodeCarsten Schlüter4 episodes
Keppeling om utens IMDb: Mark Waschke
Kategory:Dútsk filmakteur Kategory:Dútsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1972